Filmrjochten (gjin inkeltal) foarmje it rjocht ûnder de auteursrjochtwetjouwing om in film te meitsjen basearre op in yntellektueel eigendom, lykas in boek, tillefyzjesearje of fideospultsje. Hoewol't de regels foar soks yn ûnderskate lannen en territoaria ferskille kinne, is it ornaris sa dat sokke rjochten yn begjinsel yn it besit binne fan dejinge dy't ek it auteursrjocht op it oarspronklike wurk yn besit hat. Dy persoan kin de filmrjochten ferkeapje oan immen út 'e filmyndustry. Dêrby giet it almeast om in filmprodusint of in regisseur, mar it kin ek gean om in tuskenpersoan dy't de filmrjochten dêrnei oan 'e man besiket te bringen by in filmprodusint of regisseur. De (úteinlike) keaper fan 'e filmrjochten sil nei it sluten fan 'e keap besykje om 'e finansiering foar it meitsjen fan 'e film rûn te krijen.

It konsept 'filmrjochten' ûntstie yn 1907, doe't de Kalem Company, in Amerikaanske filmstudio, in stomme film makke, Ben-Hur, dy't basearre wie op 'e roman Ben-Hur fan Lew Wallace. De erven Wallace en Harper & Brothers, de útjouwerij dy't yn 'e Feriene Steaten it publikaasjerjocht op it boek hie, klagen de filmstudio doe oan foar ynbrek op harren rjochten. De rjochtsaak waard útfochten oant foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat de erven Wallace en Harper & Brothers yn it gelyk stelde. Dêrmei waard it presedint skepen dat foar alle filmadaptaasjes earst de filmrjochten kocht wurde moatte.

Njonken de oankeap fan 'e filmrjochten bestiet der ek de mooglikheid om in opsje op 'e filmrjochten te nimmen. Dêrby keapet men it rjocht om eventueel, op in letter stuit, de filmrjochten te keapjen, en leit de ferkeaper kontraktueel fêst dat er dy yn 'e tuskentiid net oan in oar ferkeapje sil. Mei't it nimmen fan in opsje ornaris likernôch 10% fan 'e totale filmrjochten kostet, en om't in hiel soad films dêr't de rjochten fan kocht binne, úteinlik nea makke wurde, beheint soks it finansjeel risiko foar de keaper. De ferkeaper kin der ek foardiel fan hawwe, want as der letter àl belangstelling is foar de keap fan 'e filmrjochten, kriget hy 110% betelle fan wat er oars krigen hie. Ek is it sa dat de measte opsjes nei in ôfsprutsen perioade ferrinne, sadat de eigner fan it yntellektueel eigendom frij is om 'e filmrjochten dan oan in oar te ferkeapjen. Yn sa'n gefal is it ek mooglik dat de keaper fan 'e ôfrinnende opsje foar in beskate priis de opsje ferlinget, as de keaper dêrmei ynstimt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.