Filton is in plak en civil parish yn it distrik Súd-Gloucestershire, yn it Ingelske greefskip Gloucestershire. It plak leit oan de noardrâne fan de stêd Bristol, sa'n 7 km fan it sintrum.

Filton
De Sint-Pitertsjerke
De Sint-Pitertsjerke
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Gloucestershire
Distrikt Súd-Gloucestershire
Sifers
Ynwennertal 10.607 (2011)
Oar
Postkoade BS34, BS7
Tiidsône UTC
Hangars fan BAE Systems op fleanfjild Filton. De Bristol Brabazon, Bristol Britannia en de Concorde waarden dêr boud

It plak hat in 12e-iuwske tsjerke. De namme waard al yn 1187 neamd, mar is âlder, en komt fan it Aldingelske feleþe (hea) en tūn (pleats, fjild).

Filton hat in protte iepen romte, mei ferskate sportfjilden, in golfbaan en in grut fleanfjild, Bristol-Filton.

De stêd jildt as in sintrum fan de loftfeartyndustry. Der stiet in Airbusfabryk en in Rolls-Royce-motorfabryk. Yn 1910 waard yn Filton de foargonger fan de Bristol Aeroplane Company stichte, dy't wer de foargonger fan BAE Systems is. Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstie út de Bristol Aeroplane Company ek Bristol Cars, dy't dêr op lytse skaal noch sportweinen produsearret.

Op 9 april 1969 makke it Britske prototype 002 fan de Concorde syn earste flecht fan fleanfjild Filton ôf. Nei de lêste flecht fan de Concorde is it tastel G-BOAF sûnt 26 novimber 2003 yn it pleatslike loftfeartmuseum te besjen.

Susterstêden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: