Flagge fan de Feriene Steaten

De flagge fan de Feriene Steaten bestiet út sân reade horizontale streken, dy't ûnderbrutsen wurde troch seis wite bannen. Yn it kanton stiet in blau flak (Union) mei dêryn fyftich lytse, wite fiifpuntige stjerren yn njoggen horizontale rigen. De fyftich stjerren op de flagge stelle de fyftich Amerikaanske steaten foar. De trettjin streken steane foar de trettjin oarspronklike koloanjes dy't har yn 1776 ôfskieden fan Grut-Brittanje.

Flagge fan de Feriene Steaten (ratio 10:19)
Alan Shepard (Apollo 14) set de Amerikaanske flagge op de moanne.

De flagge wurdt meastentiids de Stars and Stripes ('Stjerren en Streken') neamd. Dat is oars ek de wenstige namme foar in bekende mars fan John Philip Sousa, The Stars and Stripes Forever.

Stars and Stripes bewurkje seksje

Op 14 juny 1777 waard de nije flagge oannomd. Dizze dei is in nasjonale feestdei wurden en stiet bekend as Flag Day. Betsy Ross is neffens de oerlevering dejinge dy't de earste Amerikaanske flagge naaid hat. Om´t der yn de resolúsje fan 1777 gjin spesifike opmaak foar de stjerren fêstlein wie, waarden de stjerren op ferskillende wize yn it kanton setten. Soms yn in sirkel (Betsy Ross-patroan), mar de ferzje mei trettjin stjerren yn fiif horizontale rigen (3-2-3-2-3) wurdt as it standerdpatroan beskôge. Yn 1795 kamen Fermont en Kentucky by de Feriene Steaten en waard it oantal stjerren en streken ferhege nei fyftjin. Yn de jierren dêrnei kamen der inkele steaten by, mar waard it oantal stjerren en streken net ferhege, nei alle gedachten omdat men dat tefolle gedoch fûn. Uteinlik waard yn 1818 besluten dat it oantal streken op trettjin fêststeld wurde soe, los fan it oantal steaten, om sa de oarspronklike trettjin koloanjes te earjen. It oantal stjerren soe sûnttiids lyk wêze oan it oantal steaten (tweintich yn 1818).

At it oantal stjerren op de flagge útwreide waard, barde soks steefêst op 4 july, ´´Independence day´´. De lêste feroaring wie yn 1960, doe't Hawaï in steat fan de FS waard en dêrmei it hjoeddeiske oantal fan fyftich stjerren berikt waard. De takenning fan it steatsskip oan Alaska yn 1959 joech de flagge foar ien jier 49 stjerren.

It Amerikaanske folksliet, The Star-Spangled Banner, is basearre op de flagge mei 15 streken.