Flint Rasmussen (Havre (Montana), 25 jannewaris 1968) is in Amerikaansk artyst en earder ûnderwizer fan etnysk Deensk komôf, dy't nei alle gedachten de bekendste libbene rodeoclown is. Rasmussen komt út in rodeofamylje en is fan bern ôf oan mei de sport opgroeid. Nettsjinsteande in hertkwaal is er noch altyd as rodeoclown aktyf.

Flint Rasmussen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Flint Rasmussen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 jannewaris 1968
berteplak Havre (Montana)
etnisiteit Deensk
wurkpaad
berop/amt rodeoclown
jierren aktyf 1993 – no

Libben en karriêre bewurkje seksje

Rasmussen waard yn 1968 yn Havre, yn 'e steat Montana, berne as de jongste fan fjouwer bern yn it gesin fan rodeokommentator Stan Rasmussen en dy syn frou Tootsie. Hy hat twa âldere bruorren, Will en Pete, wêrfan't de âlste, Will, ek rodeokommentator is. Teffens hat er in âldere suster, Linda White. Rasmussen groeide op yn Choteau, ek yn Montana, dêr't er op 'e middelbere skoalle lid fan it Amerikaansk fuotbaltiim wie en oan hurddraven die.

Nei't er syn diploma helle hie, gied er nei de Universiteit fan Montana-West (UMW), yn Dillon, dêr't er cum laude ôfstudearre yn twa haadfakken, skiednis en wiskunde. Under syn stúdzjetiid wied er fierders aktyf as radiokommentator foar de UMW Bulldogs, it Amerikaansk fuotbaltiim fan 'e universiteit. Dêrnjonken wurke er op lytse rodeo's yn westlik Montana as rodeoclown om syn stúdzje te bekostjen. Syn earste optreden fersoarge er datoangeande yn 1987 yn Superior.

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, kearde Rasmussen werom nei syn berteplak Havre, dêr't er as learaar skiednis en wiskunde wurksum wie oan 'e pleatslike middelbere skoalle. Dêrnjonken wied er dêr ek aktyf as Amerikaansk fuotbal- en atletyktrener. Nei't er dat wurk twa jier lang dien hie, waard him dúdlik dat er sa net goed oan syn gerak komme koe, en dêrom besleat er yn 1993 mei 25 jier om in foltiidskarriêre as rodeoclown te begjinnen.

Yn 1998 trede Rasmussen foar it earst op by de Amerikaanske nasjonale rodeofinales. Datselde jiers wied er as rodeoclown aktyf op 'e Pendleton Round-Up, ien fan 'e grutste en meast ferneamde rodeo's fan it jier. Hy tekene in kontrakt mei de Professional Rodeo Cowboys Association (PRCA), en waard fan 1998 oant 2005 troch de PCRA acht jier efterinoar útornearre as de Clown fan it Jier. Ek wied er sân jier lang de Man in the Can fan 'e bierbrouwerij Coors. Yn 2005 sleat er in eksklusyf kontrakt mei de Professional Bull Riders (PBR). Yn 2011 waard er ynhuldige yn 'e Hall of Fame fan 'e Pendleton Round-Up.

Rasmussen mette syn frou, Katie Grasky, op in rodeo doe't er op toernee wie; sy wie in dielnimster oan it tûneriden (barrel racing). Hja trouden en krigen twa dochters, Shelby en Paige, dy't ek oan tûneriden dogge. Rasmussen en syn gesin driuwe in hynstefokkerij yn Choteau, mei as namme The Cowboy's Way Performance Horses. Op 11 maart 2009 krige Rasmussen op syn 41ste in hertoanfal doe't er thús op syn pleats wie. Nei ferskate operaasjes kearde er werom yn 'e arena as rodeoclown. Wol moast er it neitiid in stik kalmeroan dwaan as foarhinne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.