De Floaridaknyn (Latynske namme: Sylvilagus floridanus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e katoensturtkninen (Sylvilagus), dat fan natuere foarkomt yn 'e eastlike Feriene Steaten en dielen fan Kanada, Meksiko, Midden- en Súd-Amearika. Dit bist ferfollet dêr deselde ekologyske nys as de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus) yn Jeropa. Troch opsetlike yntroduksje as jachtwyld hat de Floaridaknyn him oant fier bûten syn natuerlike areaal ferspraat.

Floaridaknyn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai katoensturtkninen (Sylvilagus)
soarte
Sylvilagus floridanus
J.A. Allen, 1890
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding bewurkje seksje

De Floaridaknyn is lânseigen yn 'e hiele eastlike helte fan 'e legere 48 Feriene Steaten mei útsûndering fan noardlik Nij-Ingelân en guon eilannen foar de kusten fan 'e Atlantyske Oseaan en de Golf fan Meksiko. De westgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint yn Noard-Amearika fan noard nei súd troch de Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Nebraska, Kansas, Oklahoma en Teksas, mei in westlike útrinner oant yn Nij-Meksiko. Yn Kanada komt dit bist foar yn súdlik Saskatchewan, súdlik Ontario en súdwestlik Kebek.

Meksiko heart foar it grutste part ta it ferspriedingsgebiet fan 'e Floaridaknyn, mei útsûndering fan it Kalifornysk Skiereilân, de eastkust fan 'e See fan Cortés, de Meksikaanske Pasifyske súdwestkust en it middennoarden fan it lân. Yn it noardwesten omfiemet it areaal fan 'e Floaridaknyn fanút Meksiko wei ek in grut part fan 'e Amerikaanske steat Arizona. Yn Midden-Amearika komt de Floaridaknyn foar yn súdlik Gûatemala, yn hiel El Salvador, yn westlik en súdlik Hondoeras, yn hiel Nikaragûa útsein in stripe by de Karibyske kust lâns, en yn it uterste noardwesten fan Kosta Rika. Fierders libbet er ek yn noardlike dielen fan Súd-Amearika: yn it noarden fan Kolombia en noardlik en noardwestlik Fenezuëla.

Yn Noard-Amearika wie it areaal fan 'e Floaridaknyn oarspronklik in stik beheinder, mar troch it kapjen fan wâldlân troch de blanke kolonisten krige it bist dêr de kâns om syn fersprieding út te wreidzjen. Yn súdlik Nij-Ingelân is er frij resint yntrodusearre; dêr bekonkurrearret er no de lânseigen Nijingelânske katoensturt (Sylvilagus transitionalis). Ek yn eastlik Washington en westlik Oregon en op Vancouvereilân, yn Britsk-Kolumbia, is de Floaridaknyn troch de minske yntrodusearre. Itselde jildt foar Kuba, Jamaika, de Kaaimaneilannen, de Bahama's, Hispanjoala, Porto Riko, Saint Croix (yn 'e Amerikaanske Famme-eilannen), Gûadelûp, Barbados en Grenada.

Yn noardlik Itaalje en dielen fan Frankryk is de Floaridaknyn yn 'e 1960-er jierren as eksoat útset troch jachtferienings, by wize fan 'kompinsaasje', nei't de lânseigen Jeropeeske wylde knyn (Oryctolagus cuniculus) yn 'e 1950-er jierren swier troffen wie troch de sykte myksomatoaze. De Floardaknyn is better tsjin dy krupsje bestân. Hy wit him goed te hanthavenjen yn noardeastlik Frankryk (departemint Meurthe-et-Moselle), en komt no mooglik ek al yn it suden fan Walloanje en Lúksemboarch foar.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

 
In Floaridaknyn yn syn winterpels, yn 'e neite fan Ottawa.

De Floaridaknyn hat trochinoar in kop-romplingte fan 31-43 sm, mei in sturtlingte fan trochinoar 5,3 sm en in gewicht fan 800 g oant 2 kg, mei in gemiddelde fan 1,2 kg. Hy liket sterk op 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), mar is yn trochsneed wat grutter, wat knûstiger boud, mei in koartere sturt en koartere earen en in smellere kop. Boppedat is de pels meast readbrunich fan kleur, wylst de wylde knyn mear brunich is. Op 'e bealch en de ûnderkant fan 'e sturt binne Floaridakninen wyt, en de boppeside fan 'e sturt is brún (by wylde kninen swart). Wyfkes binne swierder as mantsjes, al skeelt dat net folle. Eksimplaren fan noardliker populaasjes binne dúdlik lichter as dy út súdliker libjende populaasjes.

Biotoop bewurkje seksje

Floaridakninen jouwe de foarkar oan in biotoop wêryn't iepen gerslân kombinearre wurdt mei begroeiïng troch ticht strewelleguod (om by gefaar yn fuort te dûken) en yn kultuer brochte ikkers. Se komme ek foar yn iepen wâldlân, greiden, beamwâlen, boskiggen en licht ferstedske gebieten mei grutte tunen. Teffens komme se wol foar yn sompen, mar ticht beboske gebieten mije se.

 
In Floaridaknyn yn syn leger.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

De Floaridaknyn libbet solitêr, mar nimt wol diel oan sosjale ynteraksje mei soartgenoaten. Dêrby bestiet der in parallelle hierargy tusken de mantsjes en de wyfkes. De mantsjes binne altyd leger yn rang as de wyfkes, behalven yn 'e peartiid. Floaridakninen binne tige territoriaal. Harren territoaria beslane yn unifoarme habitats in rûchwei rûn oerflak, dat yn grutte útinoar rint fan ½ ha oant mear as 16 ha, ôfhinklik fan 'e beskikberens fan gaadlik fretten.

De Floaridaknyn graaft gjin hoalen, mar ûndjippe legers, krekt as de hazze (Lepus europaeus). Dat binne rêstplakken op ferskûle lokaasjes dêr't se oerdeis sliepe kinne. Inkeld foar it smiten fan jongen en by djippe snie nimme se besteande hoalen fan 'e boskmarmot (Marmota monax) oer. Sokke hoalen binne almeast sitewearre yn greidlân, mei yngongen dy't kamûflearre binne mei gers. Soms lizze se ek wol yn strewelleguod, hôven of iepen bosklân. Floaridakninen komme benammen nachts en by twiljocht foar 't ljocht, hoewol't se soms oerdeis ek wol te sjen binne. Se binne it aktyfst as it sicht beheind is, op nachten dat it reint of dat it mistich is. By it foerazjearjen binne se tige wach. Se bewege har mar oer koarte ôfstannen, en kinne oant 15 minuten stilsitte. Se hâlde gjin wintersliep.

 
In nêst jonge Floaridakninen.

De peartiid is by Floaridakninen fariabel en hinget fan it klimaat ôf. Yn Nij-Ingelân rint de peartiid fan maart oant septimber, mar yn New York begjint er yn febrewaris en yn Alabama al yn jannewaris. Yn Teksas en súdliker oarden kin der it hiele jier rûn peare wurde. Dêrby binne noch de mantsjes, noch de wyfkes monogaam. Nei in draachtiid fan 25-35 dagen (mar yn 'e regel likernôch 28 dagen) smyt it wyfke yn in nêst dat beklaaid is mei fegetaasje en hier 1-12 (mar meastal 4-5) jongen, dy't blyn te wrâld komme. Sa'n 4-7 dagen nei de berte geane de eachjes iepen, en mei 12-16 dagen ferlitte de jongen foar it earst foar koarte tiid it nêst. Mei 4-5 wiken wurde se ôfwûn, en mei 7 wiken binne se selsstannich en geane se by de mem wei, dy't dan op 'e nij jachtich wurdt.

Jonge Floaridakninen binne mei 2-3 moannen geslachtsryp. De mearderheid fan 'e wyfkes nimt pas nei de earste winter diel oan 'e fuortplanting, mar 10-36% fan docht dat al yn 'e earste simmer. Wyfkes krije ornaris 3-4 nêsten jongen jiers, mar yn útsûnderlike gefallen kin dat oprinne oant wol 7 smeten. Op jierlikse basis kinne Floaridakninen sadwaande wol 35 jongen fuortbringe. Se libje yn it wyld yn trochsneed mar 15 moannen, mar yn finzenskip kinne se wol 9 jier wurde. Predaasje is foar Floaridakninen de wichtichste deadsoarsaak, folge troch it ferkear. As se efterfolge wurde, drave se yn in sigesagepatroan oant se de beskutting fan ticht strewelleguod berikke. Dêrby meitsje se sydlingse sprongen om har geurspoar te trochbrekken. Ek kinne se it wetter yn flechtsje, hoewol't se net fan swimmen hâlde. Se kinne 3-4½ m heech springe.

 
In Floaridaknyn fan 3 wiken.

Natuerlike fijannen binne de hûn (Canis lupus familiaris); ferskate soarten foksen wêrûnder de reade foks (Vulpes vulpes); de prêrjewolf (Canis latrans); de reade lynks (Lynx rufus); de waskbear (Procyon lotor); de hûskat (Felis catus); ferskate soarten lytse marters lykas de harmeling (Mustela erminea) en de langsturtwezeling (Mustela frenata); de Amerikaanske nerts (Neovison vison); de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus); de streke boskûle (Strix varia); en ferskate soarten hauken, kraaien en slangen. Sporadysk snipt ek de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) wolris in knyn. Unfolgroeide Floaridakninen wurde fierders ek wol opfretten troch de sulverdas (Taxidea taxus), de Firginia-opossum (Didelphis virginiana) en ferskate soarten stjonkdieren.

Fretten bewurkje seksje

It menu fan Floaridakninen is tige ferskaat, en hinget fierhinne ôf fan wat der beskikber is. By guon ûndersiken waarden yn 'e kjitte wol 70 oant 145 ferskillende plantesoarten weromfûn. Dêrby giet it benammen om gerzen en oare krûden. Fierders steane ek skors, tûkjes, blêden, fruchten, beamknoppen, blommen en sieden op it menu. Soms frette Floaridakninen ek lidpoatigen.

Status bewurkje seksje

De Floaridaknyn hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten bewurkje seksje

  • Yn Noard-Amearika:
    • Sylvilagus floridanus alacer
    • Sylvilagus floridanus holzneri
    • Sylvilagus floridanus chapmani
    • Sylvilagus floridanus floridanus
    • Sylvilagus floridanus mallurus
  • Yn Meksiko en Midden-Amearika:
    • Sylvilagus floridanus aztecus
    • Sylvilagus floridanus connectens
    • Sylvilagus floridanus hondurensis
    • Sylvilagus floridanus macrocorpus
    • Sylvilagus floridanus orizabae
    • Sylvilagus floridanus yucatanicus
  • Yn Súd-Amearika:
    • Sylvilagus floridanus avius
    • Sylvilagus floridanus cumanicus
    • Sylvilagus floridanus margaritae
    • Sylvilagus floridanus nigronuchalis
    • Sylvilagus floridanus orinoci
    • Sylvilagus floridanus purgatus
    • Sylvilagus floridanus superciliaris

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 86-87.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.