Foarne-Putten (Nederlânsk: Voorne-Putten) is in lânstreek yn it suden fan 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, dy't ek wol beskôge wurdt as ien fan 'e Súdhollânske Eilannen. It gebiet bestiet út 'e eardere eilannen Foarne en Putten, dy't as gefolch fan 'e fersâning fan 'e Bernisse oaninoar fêstgroeid binne.

De lokaasje fan Foarne-Putten.

Skiednis bewurkje seksje

Oarspronklik foarme it westen fan Foarne ien eilân mei it súdlik lizzende Goeree. It hjoeddeistige Foarne hiet doe East-Foarne, wylst Goeree West-Foarne neamd waard (sa kin it dat op 'e westpunt fan Foarne noch altyd in doarp leit dat fan Eastfoarne (Nederlânsk: Oostvoorne) hjit. Yn 'e Midsiuwen sloech de see lykwols in gat yn 'e dunerige en skoep sa de mûning fan it Hjerringfliet. Pas nei 1200 waard de rest fan Foarne-Putten ynpoldere, mei't dat foartiid fierhinne út see en kwelders bestien hie. Yn 1371 waard Foarne, dat earder ek wol ta Seelân heard hie, foargoed in ûnderdiel fan Hollân.

Geografy bewurkje seksje

Yn it noarden foarmet it Hartelkanaal de skieding mei de yndustrygebieten fan Europoarte en de Maasflakte, westlik fan Rotterdam. Yn it easten wurdt Foarne-Putten fan IJsselmonde ôfsnien troch de Alde Maas en fan 'e Hoekske Waard troch it Spui. Oan 'e súdkant leit it Hjerringfliet, mei oan 'e oare kant Goeree-Oerflakkee, dêr't Foarne-Putten mei ferbûn is troch de Hjerringflietdaam. Oan 'e westkant grinzget Foarne-Putten oan 'e Noardsee.

 
In poel yn it natoergebiet Foarnes Dún, oan 'e westkust.

Oars as dat faak tocht wurdt, is it Foarnske Kanaal, dat Foarne-Putten fan noard nei súd trochsnijt en it yn twa min ofte mear gelikense helten ferdielt, net de grins tusken de histoaryske eilannen Foarne en Putten. Dy grins rint nammentlik by de Bernisse, wêrfan't de fersâning oarspronklik ta de ienwurding fan Foarne-Putten late, mar dy't inkelde desennia lyn útbaggele wurden is. De Bernisse rint folle eastliker, fan Heenfliet oan 'e noardkust fia Abbenbroek nei Zuidland by de súdkust, wêrmei't dúdlik wurdt dat it eilân Foarne wol trije kear sa grut wie as Putten.

Hoewol't Foarne-Putten foar it grutste part út frij tinbefolke, agrarysk gebiet bestiet, omfettet it mei Spijkenisse en Hellefuotslûs ek in pear middelgrutte stêden. Fierders lizze ek it âlde fêstingstedsje Brielle (earder Den Briel), de histoaryske tolstedsjes Geerfliet en Heenfliet en it baaiplak Rockanje op it eilân. It haadplak fan Putten is Spijkenisse, dat fan Foarne is Brielle. Fanwegen de sterke ekonomyske bân mei Rotterdam heart Foarne-Putten ta de Stedsregio Rotterdam.

Foarne-Putten bestiet fierders út twa ûnderskate gemeenten:

Dêrfan leit Foarne oan See op Foarne en Nissewaard op Foarne en Putten.

Demografy bewurkje seksje

Foarne-Putten hie yn 2021 in befolking fan goed 156.000 minsken, wat mei in oerflak fan sa'n 220 km² delkomt op in befolkingstichtens fan 710 minsken de km². It grutste part fan 'e ynwenners libbet lykwols op 'e noardeastpunt, yn Spijkenisse, of oan 'e súdkust, yn Hellefuotslûs.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.