Focke-Wulf (folút Focke-Wulf Flugzeugbau AG; letter Focke-Wulf Flugzeugbau GmbH) wie in Dútske fleantúchbouwer yn it ynterbellum, de Twadde Wrâldoarloch en de Kâlde Oarloch. It bekendste ûntwerp fan it fabryk is de Fw 190 Würger.

Focke-Wulf
algemien
hist. namme Focke-Wulf Flugzeugbau AG
nasjonaliteit Dútslân
type earst AG, letter GmbH
sektor Loftfeart
haadkertier Bremen
oprjochte 24 oktober 1923
opdoekt 1964
oprjochter Henrich Focke, Georg Wulf en Werner Naumann
fuortk. út Bremer Flugzeugbau AG
It bekendste ûntwerp fan Focke-Wulf, de Fw 190 "Würger"

Op 23 oktober 1923 waard Focke-Wulf yn Bremen oprjochte troch door prof. Henrich Focke, Georg Wulf en dr. Werner Naumann ûnder de namme Bremer Flugzeugbau AG. Rillegau waard de namme feroare yn Focke-Wulf Flugzeugbau AG. Yn 1931 fusearre Focke-Wulf, twongen troch it doetiidsk regear, mei Albatros út Berlyn. Doe kaam ek yngenieur Kurt Tank by it bedriuw. Ut reden fan de bombardeminten op Bremen yn de Twadde Wrâldkriich waard de produksje oerbrocht nei East-Dútslân en Poalen. Yn 1964 fusearre Focke-Wulf mei Weserflug ta Vereinigte Flugtechnische Werke.

Fleanmasines fan Focke-Wulf bewurkje seksje

 
Focke-Wulf A 16
 
Focke-Wulf Fw 189 "Uhu"
 
Focke-Wulf Fw 200 "Condor"

Literatuer bewurkje seksje

  • Johannes Müller: Die Flugzeuge der deutschen Lufthansa 1926–1945 – Focke Wulf A 16. Flug Revue, juny 1965, s. 90 en folgjende.

Keppeling om utens bewurkje seksje