Fokker Spin


Rol Eksperiminteel fleantúch
Makker Fokker
Untwerper Anthony Fokker
Earste flecht 1910
Yn tsjinst 1910
Tal makke 25 (1912/13)

De Fokker Spin wie de earste fleanmasine fan Anthony Fokker. Hy boude it tastel yn syn Dútske tiid.

Spin nr. 3

Skiednis bewurkje seksje

De earste Spin waard yn 1910 boud; Jacob Goedecker ûntwurp de konstruksje en Franz von Daum wie de sakepartner. It tastel wie yn desimber klear. Fanwege it waar woe Fokker der noch net mei fleane. Hy gong earst Haarlim om kryst te fieren. Doe't er weromkaam die bliken dat Von Daum it tastel tsjin in beam flein hie. Rillegau folge de Spin 2 dêr't Anthony Fokker himsels it fleanen yn learde en dêr't er syn fleanbrevet mei helle. Neffens ôfspraak waard Von Daum doe eigner fan it fleantúch, mar ek dy Spin waard troch Von Daum sa skansearre dat it net makke wurde koe, dêrnei luts Von Daum him werom út de loftfeart. Mei de Spin 3 fleach Fokker op 31 augustus 1911 boppe Haarlim en om de Sint-Bavotsjerke hinne.
Fokker stifte nei dat sukses in fleanmasinefabryk en fleanskoalle op fleanfjild Johannisthal ûnder Berlyn. Fan 1912 o/m 1913 waarden der 25 Spinnen boud, ek in tal twapersoansferzjes, sadat ûnderrjocht mei dûbele bestjoering mooglik waard. In protte Dútske fleanders learden op Fokker syn skoalle it fleanen yn sa'n Spin.

Ien fan de lêstboude Spinnen út 1913 waard troch Fokker nei de Earste Wrâldkriich mei nei Nederlân naam. It tastel wie lykwols net mear kompleet en waard earst begjin jierren tweintich fannijs opboud. Yn de Twadde Wrâldkriich waard dat tastel troch de Dútske besetter oerbrocht nei in fleanmasinemuseum yn Berlyn. Nei de kriich waard de Spin nei Poalen oerbrocht. Yn 1986 kaam er werom yn Nederlân en waard er by Fokker restaurearre. In twadde eksimplaar dat bewarre bleaun is waard yn 1936 troch Fokkerpersoneel boud by gelenheid fan Fokkers 25-jierrich fleanjubileum. Beide tastellen binne no yn it loftfeartmuseum Aviodrome op lofthaven Lelystêd.

Konstruksje bewurkje seksje

De romp fan de Spin bestie út twa houten dragers mei tuskensketsjes dêr't de motor (Argus, wetterkuolle, 4 silinder) op fêstmakke wie. Oan de sydkanten fan de romp sieten de radiateurs. De fleugels en de sturt wienen fan twa stielen buislizzers en de ribben waren fan koarte bûgde buizen om it profyl te krijen mei dêryn in rib fan bamboe. It lâningsgestel wie ek fan stielen buis. Alles waard mei stieltried by elkoar hâlden. Letter krigen de Spinnen in streamline romp.

Technyske feiten bewurkje seksje

Fokker M.1 Spin
Boujier 1e fleantúch: 1910
Yn produksje: 1912
Funksje: Les- en ferkenningsfleantúch
Lingte: 8.00 m
Spanwiidte: 13,60 m
Hichte: 3,00 m
Fleugeloerflak: 26,50 m²
Leechgewicht: 660 kg
Folgewicht: 995 kg
Oandriuwing: ien wetterkuolle fjouwersylinder-linemotor: Argus
Startfermogen 75 kW/ 100 hk
Maks. faasje: 115 km/o
Maks. fleanhichte: 2100 m
Bemanning: 2