Frank Lloyd Wright

Frank Lloyd Wright (Richland Center (Wiskonsin), 8 juny 1867- Phoenix (Arizona), 9 april 1959) wie in Amerikaansk arsjitekt.

Frank Lloyd Wright

Libben en wurk bewurkje seksje

Syn heit, William Russel Cary Wright, kaam út in Ingelske famylje dy’t har yn Nij-Ingelân yn Amearika festige. Hy studearre rjochten, mar fertsjinne syn brea as muzyklearaar. Hy troude mei Permillia Holcomb en hja krigen trije bern. Doe’t Permilia yn 1864 ferstoar ferliet William Wright syn bern en gie er reizgjen.

In skoftke letter moete hy Anna Lloyd Wright, op in muzykfestival. It leeftydsferskil makke neat út. Se trouden en krigen Frank Lloyd Wright. Anna ûntduts it Froebel Kindergarten konsept. Dit wie in nije oanpak om bern op te fieden. It like derop dat Anna al beslist hie dat har soan arsjitekt wurde soe. Dy manier fan edukaasje slute dêr perfekt by oan. Der wie sa'n beukerskoalle yn Boston, mar it wie foar in beuker net mooglik om alle dagen op en del te reizgjen. Derom kocht Anna de spullen dy’t nedich wienen en joech Frank thús les.

De Froebelwurkwize hâldt yn dat bern oanmoedige wurde om te boartsjen. Hjirby wurdt harren spul omfoarme ta it werkennen en wurdearjen fan natuerlike objekten. De bern krije boartersguod as wienen it geskinken. It boartersguod hat hiele simpele foarmen en gewoane kleuren. Der kin op ferskeidene manieren mei it boartersguod boarte wurde. Faak begjint men mei twadiminsjonale foarmen en letter trijediminsjonale foarmen dêr't patroanen en struktueren mei oanmakke wurde. De bern wurde fansels oanmoedige om harren fantasy te brûken. Mei de metoade wurde de bern oanleard dat de simpelste geometryske foarmen de basis binne foar alle foarmen en dingen.

By Frank Lloyd Wright soenen sokke Froebeliaanske skema’s en oefeningen syn libben lang ynfloed op him hâlde. Syn oanpak fan de arsjitektuer wie dat alles simpele foarmen hawwe moast.

Rûn 1880 wie de húshâlding útwreide mei twa dochters: Jane en Maginel. Yn de skoalfakânsjes libben en wurken de bern op in buorkerij. De bern learden sadwaande om hurd te wurken en it brocht harren ek de foarleafde foar de streek en de natuer by. Der kaam lykwols in breuk yn de relaasje fan Frank syn âlden en yn 1885 ferliet William syn húshâlding om nea werom te kommen. Op sechtjinjierrige leeftyd is Frank it haad fan de famylje wurden. Hy moast de famylje ek finansjeel ûnderhâlde. Anna Wright soarge derfoar dat er as learjonge begjinne koe by in kantoar fan in lokale oannimmer, Allen D. Connover.

Cannover wie yn dy tiid de ienige profesjonele boukundige yn Madison. Hie wie eins gjin arsjitekt, hy seach mear nei de konstruksje as nei it ûntwerp. Behalve it kontrolearjen fan de bou fan de ûntwerpen, dy’t troch oaren tekene wienen, wie Connover ek it haad fan de ôfdieling yngenieurs boukunde oan de universiteit. Wat as gefolch hie dat wat Wright learde yn Connovers kantoar echte boukunde wie dy't yn de praktyk brûkt wurde koe. It wurk dat Wright dwaan moast wie net altyd papierwurk. Yn de twa jier dat Wright yn tsjinst wie by Connover folge hy alle dagen inkele oeren kolleezje oan de universiteit. Fan de fjouwer jier duorjende kursus folge Wright noch gjin twa jier.

Yn de simmer fan 1887 gie Wright fuort, nei Chicago. Syn gebrek oan in offisjele oplieding op heger niveau wie net echt yn syn neidiel. Om sa fuort te gean wie dan ek in risiko. Troch in omke kaam hy yn kontakt mei in Silsbee en de folgjende dei koe hy al oan it wurk. It earste projekt wie it All-Souls projekt: it ûntwerp foar in tsjerke foar syn omke. It wie in spesjaal ûntwerp foar in tsjerke en Silsbee's ynfloed wie bot sichtber. It gebou like mear op in kluphús as op in tsjerke.

Yn de hjerst fan 1887 hearde hy oer in fakatuere by Adler en Sullivan en Wright sollisitearre foar de baan fan tekener. Wright wurke ferskeidende nachten troch om in searje tekeningen út te kiezen dy’t hy Sullivan sjen litte soe. Guon fan de tekeningen wienen ferwurkingen fan Sillsbee’s tekeningen. Wright hat de baan krigen en syn earste lean wie 25 dollar yn 'e wike. Sullivan hie as partner Dankmar Adler dy’t mear ferantwurdlik wie foar de saaklike kant en de boekhâlding fan de saak. Doe't Wright oannaam wie kaam in opdracht binnen foar it meitsjen fan in Auditoarium yn Sjikako. Doe't it auditoarium klear wie ferhuze it kantoar nei de boppeste ferdjipping fan in kantoargebou. Dêr krige Wright in kantoar nêst dat fan Sullivan en it wie like grut. Wright makke ferskriklik hurd karriêre. Fan boukundich tekener oant sawat de partner fan de firma.

Wright gie sa no en dan te sjen by it bouwen fan de wrâldtentoanstelling en ek dêrnei. Fan alle wênstige opstelde tentoanstikken wienen der twa dy’t grutte yndruk op Wright makken. De kolombiaanske rekonstruksje fan in Mayakleaster en in neimakke Japanske timpel. Dy timpel wie de earste yntroduksje op grutte skaal yn Amearika fan de Japanske keunst.

Letter is hiel dúdlik wurden dat hy in soad ynfloeden brûkte út de Japanske arsjitektuer, mar Wright sei altyd dat dit net sa wie.

Galery bewurkje seksje

Oersicht fan syn wichtigste ûntwerpen bewurkje seksje

 
Fallingwater

Under mear:

Wright hat in totaal 362 gebouwen betocht, dêr't noch sa'n 300 fan oer binne.

Keppeling om utens bewurkje seksje