Frankombat (Frânsk; Francombat) is in Frânske fjochtkeunst; it is yn 1988 betocht troch Alain Basset en Dominique Dumolin en hat wat fan jiu-jitsu.

Frankombat wurdt yn it suden fan Frankryk dien. Der binne skoallen fan frankombat yn Parys, Bordeaux en Montpellier.

De fjochtkeunst leit him ta op strategy en it begryp fan it minsklike lea. De ynstrukteurs drage reade klean en de studinten griene. Neffens de minsken dy't dizze dissipline útoefenje, hinget de effektiviteit ôf fan trije faktoaren:

  • In goeie lichaamlike kondysje,
  • It begripen fan de techniken en strategy,
  • Goeie omgong mei stress.

De trening fan frankombat is basearre op:

  • Sportive yntensive praktyk,
  • It learen fan de fjochttechnyk dy't altyd by de grinzen fan de strategy leit en bettere effektiviteit ta doel hat,
  • Tarieden foar stress-sitewaasjes,
  • Beneikommen yn oerienstimming mei de wet.

Keppelings om utens bewurkje seksje