Fraser (rivier yn Britsk-Kolumbia)

De Fraser (Halkomelem: Stó:lō, argaysk ek: Staulo; Dragersk: Lhtakoh; Tsjilkotin: ʔElhdaqox) is in grutte rivier yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dy't in gebiet fan 220.000 km² ûntwetteret. De Fraser ûntspringt yn 'e Fraserpas, yn it Provinsjaal Park Mount Robson yn 'e Rocky Mountains, en streamt dêrwei oer in ôfstân fan 1.375 km mei twa grutte knikken nei it noardwesten, dan nei it suden en úteinlik nei it westen ta. Yn 'e Fraser Canyon snijt er tusken it Kustberchtme en de Cascades troch, om úteinlik de Stille Oseaan te berikken by de Strjitte fan Georgia. Oan 'e mûning fan 'e Fraser leit de stêdekloft fan Vancouver. De Fraser is de op tsien nei langste rivier fan Kanada, dy't op jierbasis 112 km³ wetter nei see liedt en dêropta 20 miljoen ton oan sedimint.

Fraser
De Fraser yn Mission (Britsk-Kolumbia).
De Fraser yn Mission (Britsk-Kolumbia).
geografy
lân Kanada
provinsje Britsk-Kolumbia
ûntspringt yn de Fraserpas
lokaasje boarne Prov. Park Mt. Robson
mûnet út yn Strjitte fan Georgia
lokaasje mûning Vancouver
plakken Abbotsford, Chilliwack, Hope,
McBride, Prince George,
Quesnel, Vancouver
sydstreamen Chilcotin, Nechako,
Thompson e.o.
fertakkings North Arm, South Arm
sifers
lingte 1.375 km
hichte boarne 2.145 m
hichte mûning 0 m
ferfal 2.145 m
ôfwetteringsgeb. 220.000 km²
ôffier (mûning) 3.475 m³/s

Namme bewurkje seksje

De Fraser is ferneamd nei de Britske ûntdekkingsreizger Simon Fraser, dy't yn juny 1808 de lieding hie oer in ekspedysje yn opdracht fan 'e Noardwestlike Kompanjy. Hy krong út it easten wei, fan it plak dêr't hjoed de dei de stêd Prince George leit, oant deunby de mûning fan 'e rivier troch, foar't er troch krigers fan 'e Muskwiim-stamme weromdreaun waard.

 
De geografyske lokaasje fan it ôfwetteringsgebiet (grien) fan 'e Fraser.

Yn it Halkomelem, de oarspronklike taal fan in grut tal Kust-Salisjaanske etnyske groepen dy't oan 'e ûnderrin fan 'e Fraser wenje, is de namme foar de rivier Stó:lō, dat men noch gauris yn 'e argayske foarm Staulo tsjinkomt. De namme Stó:lō is troch de stammen dy't it Heechlânske dialekt fan it Halkomelem sprekke, ek oannommen as harren kollektive autonym. Yn 'e taal fan 'e Dragers (Carriers of Dakelh), dy't mear nei it binnenlân fan Britsk-Kolumbia ta libje, is de namme foar de Fraser Lhtakoh. De oanbuorjende Tsjilkotin neame de rivier de ʔElhdaqox, dat "steurrivier" betsjut (fan ʔelhda-chugh, "steur", en yeqox, "rivier").

Rin bewurkje seksje

De boarne fan 'e Fraser is in lytse welle yn 'e Fraserpas, yn it Provinsjaal Park Mount Robson yn 'e Rocky Mountains fan súdeastlik Britsk-Kolumbia. Dêrwei streamt de rivier as in beekje yn noardlike rjochting nei de Yellowhead Highway en dan westoan, foarby de Mount Robson nei de Rocky Mountains-trôch en de Robsondelling by Valemount. Nei't er in noardwestlike rjochting oanholden hat oant foarby 54° noarderbreedte, makket de Fraser by Giscome Portage in skerpe bocht nei it suden, wêrnei't de Nechako dermei gearstreamt by de stêd Prince George.

Dêrnei hâldt de tsjin dy tiid oansjenlike rivier súdoan, wêrby't er almar djipper weisnijt yn it Fraserplato om 'e Fraser Canyon te foarmjen, likernôch fan 'e gearfloeiïng mei de Chilcotin by de stêd Williams Lake ôf yn súdlike rjochting. By it stedsje Lillooet mûnje de sydrivieren de Bridge en de Seton yn 'e Fraser út, en dêrnei by Lytton de Thompson. De Fraser streamt dêrnei almar fierder súdlik, oant er 64 km benoarden de 49e breedtegraad kommen is, dy't de grins fan Kanada mei de Feriene Steaten foarmet.

Fan Lytton ôf nei it suden wurdt de Fraser Canyon ta in almar djippere kleau tusken de Lillooet-bergen, dy't ûnderdiel útmeitsje fan it Kustberchtme, yn it westen, en de Cascades yn it easten. Hell's Gate, dat fuort streamôf leit fan it stedsje Boston Bar, is in ferneamd part fan 'e kleau, dêr't oan wjerskanten de rotswanden op dramatyske wize nei-inoar ta bûge, sadat it hiele wetterfolume fan 'e Fraser troch in gat fan mar 35 m breed parst wurde moat. Toeristen kinne harren dêr mei in gondelbaan boppe de rivier bejaan. Hell's Gate is sichtber fan 'e Trans-Canada Highway 1 ôf, dy't likernôch 2 km súdliker rint. Yn 1808 wie Simon Fraser twongen om mei syn kano's en alle guod om te rinnen om dit stik fan 'e rivier hinne.

By Yale, dêr't de Fraser befarber wurdt foar frachtskippen, komt de rivier út 'e Fraser Canyon en wurdt er op slach in stik breder, hoewol't it omlizzende lân oant Hope rotseftich en dreech begeanber bliuwt. By dy stêd bûcht de Fraser ôf nei it westen en súdwesten troch in fruchtbere leechlânbedelte, de Fraserdelling. De rivier streamt dêr by Chilliwack lâns nei it punt dêr't de rivieren de Harrison en de Sumas deryn útmûnje. Dêrnei makket de Fraser in bocht nei it noardwesten, by de stêden Abbotsford en Mission lâns, om dan, krekt beëasten New Westminster, wer nei it súdwesten te rinnen. Fuort dêrnei spjalt de Fraser yn twa fertakkings: de North Arm, dy't de súdlike grins fan 'e stêd Vancouver foarmet, en de South Arm, dy't yn it súdlike part fan 'e stêdekloft fan Vancouver de stêd Richmond skiedt fan 'e stêd Delta.

 
De boarne fan 'e Fraser yn 'e Fraserpas.

De North Arm en de South Arm streame om in stikmannich eilannen hinne. De stêd Richmond spriedt him eins út oer it eilân Lulu, dat it grutste eilân is yn 'e rivierdelta fan 'e Fraser, en ek oer Sea Island, dêr't fierders ek de Ynternasjonale Lofthaven Vancouver leit. De eastlike útein fan Lulu, dy't bekendstiet as Queensborough, leit dan wer binnen de grinzen fan 'e stêd New Westminster. In oar eilân yn 'e delta fan 'e Fraser is Annacis, súdeastlik fan Lulu, dat in wichtich yndustry- en havengebiet omfiemet. Oare eilannen yn 'e delta binne Barnston, Matsqui, Nicoman en Sea Bird Island. Oan 'e bûtenste râne fan 'e delta lizze fierders de eilannen Westham, dat in fûgelreservaat is, en Iona, dêr't it rioelwettersuveringsfabryk fan Vancouver stiet. De rivierdelta fan 'e Fraser is likernôch 100 km lang foar't de rivier útmûnet yn 'e Strjitte fan Georgia, de seestrjitte tusken Vancouvereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia yn, dy't diel útmakket fan 'e Salisjaanske See en de Stille Oseaan. It gebiet fuort besuden de stêd Vancouver, de plakken Richmond en Delta ynbegrepen, bestiet út in brede alluviale flakte.

Sydrivieren fan 'e Fraser bewurkje seksje

Op geografyske folchoarder fan 'e mûning fan 'e Fraser streamop.

Wetterôffier bewurkje seksje

Yn totaal beslacht it ôfwetteringsgebiet fan 'e Fraser in oerflak fan 220.000 km². It meastepart dêrfan leit binnen de grinzen fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, mar in diel, ntl. de bopperin fan 'e sydrivieren de Chilliwack en de Sumas, leit op grûngebiet fan 'e Amerikaanske steat Washington. Dêrby giet it om it grutste diel fan Whatscom County. By de mûning spielt de Fraser yn trochsneed 3.475 /s de see yn, mei in minimum fan 575 m³/s oan 'e ein fan 'e simmer, en in maksimum fan likernôch 17.000 m³/s by 't maityd, as yn 'e bergen de snie fuortteit. Op jierbasis fiert de rivier 112 km³ wetter ôf nei see, mei dêropta 20 miljoen ton oan sedimint.

 
It skilderij Offeart fan 'e Rivier de Fraser, 1808, fan C.W. Jefferys, dat in foarstelling jout fan 'e ekspedysje fan Simon Fraser yn 1808 oer de nei him ferneamde rivier.

Skiednis bewurkje seksje

It bestean fan 'e rivier de Fraser (mar net syn lokaasje) waard fêststeld ûnder de Spaanske ekspedysje nei de kust fan wat letter Britsk-Kolumbia wurde soe, fan José María Narváez, yn 1791. Narváez socht de Fraser yn 'e Burrard-ynham, wat eins in fjord is dy't noardlik fan 'e eigentlike rivierdelta yn it lân op snijt. Op 14 juny 1792 fearen de Spaanske ûntdekkingsreizgers Dionisio Alcalá Galiano en Cayetano Valdés y Flores de North Arm fan 'e Fraser op en waarden dêrmei de earste Jeropeänen dy't de rivier fûnen en ferkenden. De bopperin fan 'e Fraser waard yn 1793 foar it earst ferkend troch sir Alexander Mackenzie. Yn 1808 folge Simon Fraser de rivier út it easten wei hast hielendal oan 'e see ta, foar't er troch fijannige krigers fan 'e Muskwiim-stamme weromdreaun waard, it binnenlân yn. Fraser koe lykwols al fêststelle dat de Fraser net yn ferbining stie mei de Columbia, sa't earder wol tocht wie.

Yn 1828 folge George Simpson de Fraser streamôf, benammen om't er hope dat de rivier oer syn folle lingte befarber blike soe te wêzen, ek al hie Simon Fraser dúdlik oanjûn dat dat net sa wie. It wie Simpson, dy't foar de Britske Hudsonbaaikompanjy wurke, der om te dwaan en stel fêst oft Fort Langley gaadlik wie om 'e wichtichste hannelspost oan 'e westkust te wurden. Doe't er lykwols de Fraser Canyon sjoen hie, besefte er dat Fort Langley nea Fort Vancouver, op 'e grins fan wat no Washington en Oregon is, ferfange koe, mei't de ôffeart fan 'e Fraser troch de kleau in wisse dea betsjutte.

Nei't yn 1846 de súdlike helte fan it Oregon-territoarium yn Amerikaansk besit kaam, waarden de iggen fan 'e Fraser de wichtichste rûte fan 'e Rocky Mountains nei de kust fan Britsk-Kolumbia. Dêrta waard de Cariboo Wagon Road oanlein, dy't ek dwers troch de Fraser Canyon fierde. Yn 1858 waard der goud fûn yn 'e Fraser Canyon en briek de Goudkoarts fan de Fraser Canyon út. Dêr streamden sa'n 10.500 goudsikers út hiel Noard-Amearika op ta, wat late ta de Oarloch fan de Fraser Canyon fan goudsikers tsjin 'e Thompson-Yndianen en McGowans Oarloch tusken Amerikaanske goudsikers en it regear fan Britsk-Kolumbia. De goudkoarts einige yn 1860.

 
De Fraser by Lillooet.

Yn 'e 1880-er jierren waard by de Fraser lâns it Kanadeesk Pasifysk Spoar oanlein. Dêrfoar moasten krúsjale dielen fan 'e Cariboo Wagon Road fernield wurde, om't der yn 'e Fraser Canyon simpelwei gjin romte wie foar beide. Fan gefolgen waarden stedsjes as Lytton en Boston Bar ôfsnien fan it Kanadeeske wegenet, útsein fia in dreech begeanber weinpaad fia Fountain nei Lillooet. Yn 1904-1905 waard, troch de omlizzende rotsen fuort te blazen mei dynamyt, yn 'e Fraser Canyon romte makke foar de oanlis fan it Kanadeesk Noardlik Spoar, en yn 1924-1925 waard op deselde wize in autodyk troch de kleau hinne oanlein, dy't bekendstie as de Cariboo Highway oant er yn 1962 ûnderdiel waard fan 'e Trans-Canada Highway.

De earste rampsillige oerstreaming yn 'e Fraserdelling nei de kolonisaasje fan dat gebiet troch de blanken fûn plak yn 1894, doe't alle delsettings oan 'e iggen fan 'e Fraser besuden Chilliwack derûnder strûpten. Yn Mission kaam it wetter doe 7.85 m heech te stean. Neitiid waard de hiele delling troch in stelsel fan diken oanlein, mar meitiid liet men dy diken fertutearzje en oerwoekerje mei beammen en strewelleguod. Fan gefolgen brieken se troch doe't der yn 1948 in nije oerstreaming kaam, wêrby't it wetter yn Mission 7.50 m heech kaam te stean. Yn totaal strûpte der dat jiers 200 km² lân ûnder. Der moasten 16.000 minsken evakuëarre wurde, en de skea bedroech C$20 miljoen. Lettere oerstreamings, yn 1972 en 2007, foelen ta om't de diken doe goed ûnderholden wiene en it wetter kearden.

 
Ferskate lytsere eilantsjes yn 'e rivierdelta fan 'e Fraser.

Yn 1998 waard de rivier de Fraser, om syn natoer en wichtige rol yn 'e skiednis fan Britsk-Kolumbia, oanwiisd as in Kanadeeske Erfskipsrivier. It is de langste rivier fan Kanada dy't as sadanich oanwiisd is.

Ein juny 2019 sloegen natoerbeskermers en de lânseigen befolking alaarm doe't bliken die dat in ierdferskowing in skoft earder yn in tige ôfhandich gebiet oan 'e bopperin fan 'e Fraser in hege, nauwe wetterfal kreëarre hie. Dêrtroch koene miljoenen salmen harren fuortplantingsgebiet streamop net mear berikke. Der waard sadwaande yn july troch frijwilligers en de federale, provinsjale en lokale oerheden mei man en macht wurke om 'e salmen oer de wetterfal hinne te helpen. Dat waard dien troch de fisken nei in needfiver te lieden, dêr't se fongen waarden om oerset te wurden nei grutte tanks fan 900 oant 2.500 liter. Dy waarden ûnder helikopters de loft yn hyst en streamop brocht. Dit wie bedoeld as needoperaasje, om 'e salmpopulaasje fan 2019 te rêden. It wie de bedoeling dat der foar 2020 in strukturele oplossing kaam. Dêrby waard tocht oan it oanlizzen fan ferskate fivers, hieltyd wat heger by de berchskeante op, sadat de fisken op eigen krêft fan 'e iene fiver nei de oare springe kinne, of oars in transportsysteem mei fleksibele buizen dêr't de fisken harren paad nei boppen troch sykje kinne.[1]

Gebrûk bewurkje seksje

Hjoed de dei is de Fraser, en yn 't bysûnder de ûnderrin fan 'e rivier, fan tige grut belang foar de ekonomy fan súdlik Britsk-Kolumbia. Oan 'e iggen leit fruchtber lân dat eksploitearre wurdt foar bou en feehâlderij, en it wetter fan 'e rivier wurdt brûkt yn papierfabriken. Ferskate sydrivieren binne ôfdamme mei keardammen foar de opwekking fan wetterkrêftenerzjy. Dat is mei de Fraser sels nea dien, foar in diel fanwegen de grutte hoemannichte sedimint dy't troch de rivier meifierd wurdt, dy't resultearje soe yn in relatyf koarte libbensspanne foar in keardaam. Mar de wichtichste reden is it fûleindige ferset dat tsjin 'e oanlis fan sa'n daam bestiet yn 'e fiskerijsektor en út 'e hoeke fan 'e natoerbeskerming.

De delta fan 'e Fraser is in wichtich rêstplak foar trekkende wetterfûgels. Yn 'e rivier sels komt rûnom wite steur foar, mei dêropta reinbôgeforel en alle fiif soarten Pasifyske salmen (kohosalm, reade salm, rôze salm, Sjinnûksalm en tsjumsalm). In trochsneed wite steur weaget tusken de 14 en 45 kg. In gruttenien, dy't yn july 2012 yn 'e Fraser fongen (en wer frijlitten) waard, weage wol 500 kg en wie 3.75 m lang (metten fan 'e noas oant it puntsje fan 'e sturt). De Fraser wurdt beskôge as in poerbêst plak foar angelfiskjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zon, Hans van, Luchtbrug moet zalmen redden, yn: de Ljouwerter Krante, 24 july 2019, s. 7.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.