Frederik Jan Georg (Freek) de Jonge (Westernieland (gemeente De Marne), 30 augustus 1944) is in Nederlânske kabaretier. Hy waard ferneamd doe't er fan 1970 ôf mei Bram Vermeulen optrede as it sosjaal engazjearre duo Neerlands Hoop. Fan 1980 ôf gong er solo en makke namme as kabaretier mei konferenses dy't tige fernimstich opboud wienen. Hy wie ek de earste dy't in reade tried troch syn programma rinne liet. Njonken syn teäterwurk skreau De Jonge ek in stikmannich romans, presintearre er tillefyzjeprogramma's, spile er yn inkele films en hied er in hit as sjonger. De Jonge stiet fierders bekend as fanatyk fuotbalfan.

Freek de Jonge
artyst en/of kabaretier
Freek de Jonge yn 2018
Freek de Jonge yn 2018
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 augustus 1944
berteplak Westernieland
wurkpaad
wurksum as Kabaretier, sjonger, kollumnist
jierren aktyf 1970-no
prizen Sjoch tekst
offisjele webside
freekdejonge.nl
(in) IMDb-profyl
Freek de Jonge by in foardracht (2010)
Mies Bouwman en Freek de Jonge yn Mies en scène

Libben en wurk bewurkje seksje

Freek de Jonge waard berne yn Westernieland as soan fan in herfoarme predikant. De húshâlding ferhuze nei Warkum en letter nei Zaandam en doe nei Kloetinge yn Seelân. Nei de HBS studearre er kulturele antropology yn Amsterdam en waard er lid fan it Amsterdamsch Studenten Corps ASC/AVSV. Yn syn studintetiid krige er kunde oan Bram Vermeulen en Johan Gertenbach, wat late ta de oprjochting fan Neerlands Hoop.

Yn 1979 gyng Neerlands Hoop út elkoar en begûn De Jonge oan in solokarriêre. Hy wie de earste kabaretier dy't in reade tried yn syn ferhaal oanbrocht. Typysk foar De Jonge is ek de running gag, in grap, dêr't mear as ien kear nei ferwiisd wurdt. De Jonge brocht in protte suksesfolle programma's op it toaniel, wêrûnder ek ferskate âldjierskonferenses en nijjierskonferenses. De IKON wie de earste dy't in âldjierskonferense fan Freek de Jonge útstjoerde. Dêrnei stjoerde de VPRO de konferenses fan De Jonge út.

Njonken syn wurk as kabaretier ûndernaam De Jonge ek oare aktiviteiten. Sa hat er romans, lykas Zaansch Veem (1987), Neerlands Bloed (1991) en Opa's Wijsvinger (1993) skreaun, presintearre er telefyzjeprogrammas en spile er in rol yn twa films, De Illusionist (1983) en De Komediant (1986). In optreden foar ien kear as stadionsprekker by AFC Ajax (1989) spile in rol by it fuotbalfandalistyske stêfynsidint (De Jonge ferwurke dy ûnderfining yn it programma De Volgende).

Ein 1994 en ier yn 1995 trede De Jonge op mei de popgroep de Nits yn it Nieuwe de la Mar Theater en Carré mei it programma Dankzij De Dijken. Under de namme Frits brochten se in protte lietsjes fan Neerlands Hoop. Nei dat muzikale útstapke waard Nits-keyboardspiler Robert Jan Stips de nije muzikale partner fan De Jonge. Yn 'e mande mei de band fan Stips skoarde De Jonge mei it nûmer Leven na de dood (in bewurking fan Bob Dylan syn "Death is not the end" út it album fan 1988 "Down In The Groove") yn 1997 in nûmer 1-hit yn de Nederlânske Top 40 en in nûmer 2-hit yn de Mega Top 100.

Yn 1999 sette De Jonge útein mei in nij kabareteksperimint. Under de namme De Grens makker yn in jier tiid tsien ferskate shows, dêr't alle foarmen fan kabaret yn oan bod kamen.

Yn 2004 fernuvere De Jonge freon en fijân troch ôf te reizgjen nei Irak en dêr foarstellings te jaan foar de Nederlânske militêren. Hy gie op 9 febrewaris hinne en in wike letter gie er werom. Foar Boudewijn de Groot skreau er De vondeling van Ameland, foar dy syn album Het eiland in de verte. It liet fertelt it ferhaal fan in oanspielde fûnling op It Amelân, dy't him mear thús fielt yn 'e see as op it eilân sels. Op it lêst rint de eks-fûnling fan it strân ôf de see (wer) yn en fersûpt.

Yn 2005 einige De Jonge op nûmer 80 yn de ferkiezing fan De grutste Nederlanner.

Op 12 novimber 2005 krige er de Groenman-taalpriis, op in kongres fan it Genootschap Onze taal. Op 28 oktober begûn it nije telefyzjeprogramma (Freek) Kortgehouden. Foar dat 25 minuten duorjende programma waard er achter de skermen bystien troch jonge programmamakers en foarmjouwers. Eltse ôflevering wie opboud út in tal koarte ûnderwerpen, altyd oars fan opset en ûnderwerp. De klam lei wikseljend op foarm of op ynhâld.

Yn 2008 sloech De Jonge in nij paad yn mei in teätershow dy't net ornearre wie foar it grutte publyk, mar foar minsken dy't 'muoite dwaan wolle'. Ek yn 2008 krige er út hannen fan minister Ronald Plasterk de "Vereniging van Schouwburg- en Concertgebouwdirecties oeuvreprijs".

Op 1 jannewaris 2012 stjoerde de VPRO de nijjierskonferense Lone Wolf fan De Jonge út. De konferense waard bot wurdearre yn de Volkskrant, mar smiet ek in protte negative reäksjes op fia it mikrobloch Twitter.

Op 26 desimber 2013, twadde krystdei, waard it teäterprogramma Circus Kribbe fan De Jonge útstjoerd troch de VPRO op Nederlân 2. De foarstelling gie noch op 5 oktober 2013 net troch mei't er te min belangstelling foar wie.

Yn 2016 waard him de fiifde Toon Hermans Award takend. In jier letter smiet er him op as aksjefierder om omtinken te freegjen foar de problematyk fan de skea troch ierdskoddings yn de provinsje Grinslân. Ein 2017 waard er dêrom keazen as Grinslanner fan it Jier.

Privee bewurkje seksje

De Jonge is troud mei Hella Asser, dochter fan Eli Asser, dy't him holp by syn shows, ûnder oaren as ûntwerper fan syn klean. It pear hat twa bern, mar hat ek in trije moanne âld bern ferlern. Jannewaris 2020 krige De Jonge de earepeinje fan Zaandam.

Wurk bewurkje seksje

(Sûnder syn muzikale wurk)

Foarstellingen bewurkje seksje

mei Neerlands Hoop:

  • 1970: Neerlands Hoop In Bange Dagen
  • 1971: Live In Wadway (N.H.)
  • 1971: Neerlands Hoop In Panama
  • 1972: Plankenkoorts
  • 1973: Weerzien In Panama
  • 1974: Neerlands Hoop Express
  • 1975: Ingenaaid Of Gebonden
  • 1977: Interieur
  • 1978: Bloed Aan De Paal
  • 1979: Offsmboet Ippq Dpef (Neerlands Hoop Code)

Solo:

  • 1980: De Komiek
  • 1981: De Tragiek
  • 1982: De Mars
  • 1983: De Mythe
  • 1983: De Openbaring (Aldjierskonferênse)
  • 1983: Stroman en Trawanten
  • 1984: Een Verademing (Aldjierskonferênse)
  • 1985: De Bedevaart
  • 1985: De Finale (Aldjierskonferênse)
  • 1986: Het Damestasje
  • 1987: De Pretentie
  • 1988: De Goeroe en de Dissident
  • 1988: De Ontlading (Nijierskonferênse)
  • 1989: De Volgende
  • 1992: Losse Nummers
  • 1992: De Estafette (Aldjierskonferênse)
  • 1994: De Tol
  • 1995: Dankzij de Dijken (mei de Nits ûnder de namme Frits)
  • 1996: Langzame Liedjes
  • 1996: Het Luik (Aldjierskonferênse) de brân
  • 1997: Gemeen Goed
  • 1998: Rapsodia
  • 1998: Papa Razzia (Aldjierskonferênse)
  • 2000: De Conferencier, Het Boekenweekgeschenk en de Leugen
  • 2000: De Gillende Keukenmeid (Aldjierskonferênse)
  • 2001: Het Laatste Oordeel (Aldjierskonferênse)
  • 2002: Parlando (mei it Metropole Orkest)
  • 2003: De Stemming (Ferkiezingskonferênse)
  • 2004: De Vergrijzing - elke wike in nij programma, dat sneins útstjoerd waard op tv
    • De Ganse Schepping
    • Het Offer - it Bibelferhaal fan Abraham en syn soan Izäak.
    • De Ontgroening - earste dei yn Amsterdam yn de simmer fan 1966.
    • De Loods
    • (De Hond Van) Jonas - bewurking fan syn boek Door De Knieën.
    • De Vergrijzing
    • De Waan
    • The Happy Few
    • Hunebedrock
    • Hollywooddream
    • De Sterfscène (mei Theo Maassen)
    • Neerlands Hoop In Memoriam - in hommaazje oan Neerlands Hoop mei Jan de Hont, Thé Lau, Huub van der Lubbe, Frank Boeijen en oaren
    • De Grote Normen en Waarden Show (Aldjierskonferênse)
    • FRITS 2
  • 2005: Cordon Sanitaire
  • 2005: Freek Doet de Deur Dicht
  • 2006: Wat is er nog Heilig?
  • 2006: De Stemming 2006 (Ferkiezingskonferense)
  • 2007: De Toeschouwer
  • 2008: De Laatste Lach
  • 2009: Freeks Nederland: Volendam (Aldjierskonferense)
  • 2010: De Stemming 3 (Ferkiezingskonferense)
  • 2010: Het Verlossende Woord
  • 2011: Neven
  • 2011: Lone Wolf
  • 2012: De Stemming 4, Miereneuken (ferkiezingskonferense)
  • 2012: Circus Kribbe
  • 2013: Zondermeer
  • 2014: Als je me nu nog niet kent
  • 2017: De Stemming 5 (ferkiezingskonferense)
  • 2019: De Canon
  • 2019: De Lachgasfabriek
  • 2019: De week van Freek. Tegearre mei Brigitte Kaandorp
  • 2021: De Loterij
  • 2022: De Schreef

Boeken bewurkje seksje

  • 1987: Zaansch Veem
  • 1990: De Brillenkoker
  • 1991: Neerlands Bloed
  • 1993: Opa's Wijsvinger
  • 1995: De Rode Draad
  • 2000: De Hoekvlag
  • 2004: Door de Knieën
  • 2004: Leven na de Dood
  • 2006: De Toeschouwer
  • 2017: Reikhalzend verlangen

Films bewurkje seksje

  • 1979: Mira (of de teleurgang van de waterhoek) (gastrol)
  • 1983: De Illusionist
  • 1985: De KKKomediant

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: