Frisia (midsiuwen)

(Trochferwiisd fan Fresia)

Frisia, Fresia of ek wol Fresiae wie de Latynske beneaming foar it lân dêr't de Friezen eartiids wenne hawwe. Yn 'e Romeinske tiid wie it it wengebiet fan de Frisii en Frisiavones, dy't yn it kustgebiet fan it hjoeddeistige Noard-Nederlân wennen. Doe't it gebiet oan 'e ein fan 'e Romeinske tiid foar in grt part ûntfolke rekke, waard it gebiet yn de rin fan de 5e en 6e iuw befolke troch stammen út Noard-Dútslân en Denemark, lykas de Angelen, Saksen en Juten. Dy neamden harsels letter ek Friezen.

De namme wurdt yn de iere skreaune kroniken ek brûkt om it gebiet fan de Fryske keningen, hartoggen en letter greven mei oant te tsjutten. Der waard ûnderskied makke tusken in Frisia citerior en Frisia ulterior, dêr't citerior it gebiet besuden de Ryn by wie, wylst ulterior it oare Fryske lân wie. Dy nammen betsjutten tichter by lizzend Fresia en fierder op lizzend Frisia út it eachpunt fan de Franken wei. De Langen en Mol oppenearje lykwols dat Frisia Citerior net it gebiet besuden de Ryn wie, mar it sintrale rivieregebiet om Utert en Doarestêd hinne, dy't skaat waard fan de rest fan Frisia troch in grut feangebiet dy't mei útsûndering fan ferfier oer wetter, slim troch te krusen wie.[1]

De namme soe nei it tiidrek fan de Fryske keningen en hartoggen oant de 12e iuw yn gebrûk bliuwe. Benammen de greven fan Hollân neamden harren lange tiid greve fan Frisia.

Lex Frisionum bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Lex Frisionum.

Under it bewâld fan Karel de Grutte waard yn 804 it Fryske rjocht optekene yn de Lex Frisionum dy't fan tapassing wie op it Hartochdom Frisia dy't rûn fan de Sinkfal yn Flaanderen, oant de Weser yn Dútslân.

Hartochdom Frisia bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Frysk-Frankyske oarloggen.
  De Wikipedy hat ek in side Keninkryk Fryslân.

Dat hartochdom hat mar foar koart skoftke tiid yn it begjin en ûnder de Deenske Wytsingen in politike ienheid foarme, om't om-ende-by 800 al gjin sprake mear is fan in wisse foarm fan ienheid. Ut it optekene rjocht docht bliken dat er doetiids sprake wie fan trije parten, dy't fan elkoar ûnderskaat waarden troch ôfwikende rjochtsbepalingen. Likegoed hie der yn it tiidrek fan de Fryske keningen al nea wis sprake west hat fan in politike ienheid, hat it wengebiet fan de Friezen dêrnei dat ek net mear west en ek tsjerklik soe it gjin ienheid foarmje. Troch de Frankyske bestjoerders waard it ferparte oer de bisdommen Utert en Munster en it aartsbisdom Bremen.

De Frankyske keningen parten Frisia op yn lytsere ienheden (goaen) en joegen dy yn lien oan lienmannen dy't harren ferantwurdzjen skuldich wiene. Fan 810 ôf foarmen de Wytsingen in driging foar de frede yn it gebiet. Under Karel de Grutte waard de kustferdigening fannijs organisearre, dêr't de hartoch as militêr bestjoerder belutsen by wie. Loadewyk de Fromme, dy't Karel de Grutte yn 814 opfolge, joech de Friezen dat jiers harren foarâlderlik lânbesit werom yn 'e hope dat de Friezen better motivearre wiene harren eigen gebiet tsjin de Wytsingen te ferdigenjen.[2]

Oan 'e ein fan it bestjoer fan Loadewyk de Fromme rekke de keninklike macht yn Frisia it neigean. Benammen de tsierderijen tusken Loadewyk en syn soannen, mar ek de staormfloed fan 838. Nei de dea fan Loadewyk joech syn soan Lotarius I de Deenske bruorren Roarik en Harald parten fan Frisia, it hjoeddeistige Fryslân en Hollân, yn lien mei de posysje as dux (hartoch) mei it besykjen en warje de oanfallen fan de Wytsingen. De goagreven krigen dêrtroch minder macht en moasten mei de Denene gearwurkje. Yn 885 kaam mei de Deenske oerhearsking fan Frisia in ein doe't Godfryd en syn selskip by Herispich by Nimwegen fermoarde waarden. De Fryske greven Everhard Saxo en Gerulf spilen dêr in wichtige rol by. Nei de Deenske hartoggen naam de betsjutting fan de ynfloed fan de goagreven ta en ûntstiene stadichoan ôfsûnderlike greefskippen.

Tota Frisia bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Sân Seelannen.

Tota Frisia (hiel Fryslân) is in begryp dy't benammen yn juridyske boarnen foarkomt út 'e snuorje fan de Sân Fryske Seelannen en it ferbûn fan 'e Upstalbeam.

Magna Frisia bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Fryslân (wengebiet).

Magna Frisia (Grut Fryslân) is in 20e iuwsk begryp dy't brûkt wurdt om alle Fryske goaen oan te tsjutten. Magna Frisia wurdt gauris ferkeard lyksteld oan it grûngebiet fan it Keninkryk Fryslân (±650-719).

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gillis de Langen, Jan de Mol, Koning Redbad en zijn bewegingsruimte. yn: De Vrije Fries 100 (2020).
  2. A.T. Popkema, Fon jelde. Barhuis, Grins (2010), p. 15.