Friedrich Neelsen

Friedrich Carl Adolf Neelsen (Uetersen, 29 maart 1854 - Dresden, 10 april 1894)[1] wie in Dútske patolooch.

Friedrich Neelsen

Libben en wurk bewurkje seksje

Friedrich Neelsen waard berne as soan fan diaken Hans Friedrich Neelsen en dy syn oarehelte Bertha Sophia Lüders yn Uetersen. Hy gie nei de Rektorschule yn Uetersen en it gymnasium yn Altona.
Hy studearre medisinen oan de Universiteit fan Leipzig, dêr't promovearre yn de âldens fan 22 jier. Letter folge in oanstelling oan it Ynstitút foar Patology fan de Universiteit fan Rostock. Yn 1893 waard er lid fan de Deutsche Akademie der Wissenschaften Leopoldina.
Neelsen stoar op 10 april 1894. Hy wie doe haadgenêshear fan it Ynstitút foar Patology fan de Universiteit fan Dresden. Hy waard beïerdige op it Alter Annenfriedhof fan Dresden.

Neelsen waard 40 jier. De jierren fan ûndersyk mei gefaarlike baktearjes waarden op it lêst syn eigen ûndergong. De wittenskipper en dokter, dy't yn binnen- en bûtenlân yn heech oansjen stie, wie tige minskeskou en mijde it publyk, at it heal koe. Dochs hie er lykwols oant de ein fan syn libben kontakten mei syn bertestêd.

Tegearre mei de bakteriolooch Franz Ziehl ûntwikkele Neelsen in metoade om tuberkelbasillen (Mycobacterium tuberculosis) troch de mikroskoop te finen - de Ziehl-Neelsen-kleuring. Nei dat paadsjochtsjend súkses waard er yn 1884 beneamd ta universitêr haaddosint.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Todtenschau. Yn: Dresdner Geschichtsblätter, Nr. 3, 1894, S. 150.