Friesche Volkspartij

De Friesche Volkspartij wie in politike organisaasje dy't om 1890 ta in koarte bloei kaam. De organisaasjebestie út minsken fan sosjalistyske fermiddens út it Bûn foar Algemien Kiesrjocht, it Sosjaal-Demokratysk Bûn, it Algemien Nederlânsk Wurklju Ferbûn en inkele fakorganisaasjes.

Ek rjochtse eleminten waarden oanstutsen, wêrûnder Willem Carel van Munster en Claas Wybe Bolman. Yn de tiid fan de grutte stakings en by de ferkiezing fan Domela Nieuwenhuis yn Skoatterlân (1888) wie de Folkspartij, dy't oansluet by de Fryske situaasje, sterk. Foaroanmannen wienen ûnder oare Oebele Stellingwerf, Vitus Bruinsma en Pieter Jelles Troelstra. De strideraaasje om Domela Nieuwenhuis en letter de oprjochting fan de SDAP (1894) hawwe de feriening ferneatige. It karakter fan de lettere sosjalistyske bweging is lykwols mei troch de Friesche Volkspartij bepaald.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: