Frije Evangelyske Tsjerke (Ljouwert)

De Frije Evangelyske Tsjerke oan it Súdfliet/Mûnepaad yn Ljouwert is it tsjerkegebou fan de Frije Evangelyske gemeente. De gemeente makket diel út fan it Bûn fan Frije Evangelyske Gemeenten.

Frije Evangelyske Tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Súdfliet/Mûnepaad
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1915
offisjele webside
Frije Evangelyske gemeente

Skiednis bewurkje seksje

Nei't de evangelist Kors Holleman yn 1855 troch Tot Heil des Volks nei Ljouwert stjoerd waard om evangelisten op te lieden, waard op 5 desimber 1858 de gemeente stifte. De leden fan de Frije Evangelyske Tsjerke kamen ynearsten byinoar op in ferdjipping fan in earappelpakhûs noardlik fan it Fliet.[1] It tsjintwurdige tsjerkegebou waard waard yn 1915 troch de gemeente yn gebrûk nommen.

De tsjerke hat sawol in tagong oan it Súdfliet 14 as oan it Mûnepaad 5.

Oargel bewurkje seksje

It hjoeddeiske oargel fan de firma D.G. Steenkuyl is oarspronklik ôfkomstich út de yn de jierren 1960 sletten Weteringtsjerke oan de Derde Weteringdwarsstraat yn Amsterdam. It instrumint waard yn 1969 troch de firma Bakker & Timmenga oerbrocht en opboud yn de Frije Evangelyske Tsjerke fan Ljouwert. It eardere oargel út 1920 waard yn it ramt fan it oanskaffen fan it Amsterdamske oargel ferkocht oan de Frije Evangelyske Gemeente fan Alde Pekela.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: