Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum

It Frysk Letterkundich Museum is yn 1959 útein set op in souder fan de Fryske Akademy. De earste konservator, Marten Koops Scholten, waard foar in tal deidielen útliend troch syn wurkjouwer, de Provinsjale Biblioteek, en krige in beskieden budzjet mei fan 800 gûne yn it jier.

It pân yn 1996.

Tsien jier letter koe it FLMD ferhúzje nei in eigen pand, Grutte Tsjerkestrjitte 20, fuort by de Fryske Akademy. Scholten gie mei pensjoen en waard opfolge troch Freark Dam. Mei syn assistint Sibe van der Meer boude hy it FLMD út ta it sintrum foar de Fryske literatuer. Doe't yn 1977 it eardere wenhûs fan Mata Hari, Grutte Tsjerkestrjitte 28 (no: 212) yn gebrûk nommen wurde koe, krige it museum pas echt de fuotten ûnder it gat. Der koe mei subsydzje fan it ministearje van WVC en fan de Provinsje Fryslân mear personiel oanlutsen wurde.

Yn 1980 koe it hûs njonken it museum ynrjochte wurde as de Troelstrasamling, mei in permaninte eksposysje oer Piter Jelles Troelstra en syn earste frou Sjoukje M.D. Bokma de Boer, better bekend as Nynke fan Hichtum. Ek oan oare leden fan de Troelstra-famylje waard omtinken jûn, sa as de soan en de broer fan Piter Jelles, keunstskilder Jelle Troelstra en de dichter fan Morgenrood en Aan de Strijders Dirk Troelstra.

Yn 1986 waard Freark Dam opfolge troch Tineke Steenmeijer. Yn 1990 waard it museum útwreide mei in modern depot en it Skriuwershûs, dêr't gearkomsten en kursussen hâlden wurde koene. Yn 1999 waard it 40-jierrich jubileum fierd. Op dat stuit wiene de earste besprekken al geande oer wat liede soe ta de fúzje mei de Provinsjale Biblioteek en it Ryksargyf yn Fryslân. Op 1 septimber 2002 wie it nije ynstitút Tresoar in feit.

Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum bewurkje seksje

Ek nei it opgean fan it FLMD yn Tresoar is de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum bestean bleaun. De stifting hâldt him û.o. dwaande mei it behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns (ûntstien út de neilittenskip fan Douwe Tamminga) en mei it behear fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers harren in skoftsje weromlûke kinne om oan literêr wurk te arbeidzjen.

Eksterne link bewurkje seksje