De Fryske Rie is in oerkoepeljende organisaasje dy't de mienskiplike Fryske belangen fertsjintwurdiget. De organisaasje is gearstald út trije regionale rieden (seksjes) en ien sintraal orgaan dy't statutêr as Ynterfryske Rie ynskreaun stiet. It inisjatyf ta de oprjochting is yn de earste helte fan de 20e iuw nommen troch minsken út Westerlauwersk-, East- en Noard-Fryslân. De hjoeddeistige Fryske Rie is offisjeel yn 1956 oprjochte.

De Fryske flaggen op it Ynterfryske Kongres by Leck yn 2006. Flnr: Noardfryske flagge, Eastfryske flagge, Westfryske flagge.

Skiednis bewurkje seksje

 
Dútske postsegel út 2006 by it 50 jierrich bestean fan de Fryske Rie.

De kronykskriuwer Peter Sax skreau yn de 17e iuw dat de Friezen in algemiene taal hawwe en dat se sadwaande ek mei-inoar ien folk binne. Montanus de Haan Hettema reizge yn de 19e iuw fan Westerlauwersk Fryslân nei Sealterlân en Noard-Fryslân en joech Fryske, Hilgelanner en Noard-Fryske rymkes dy't er ûnderweis optekene hie, út. Heinrich Ehrentraut fan Aldenboarch joech om 1850 hinne in tydskrift út oer de Fryske taal en skiednis fan de Fryslannen. It Frysk Genoatskip yn Ljouwert beneamde yn de 19e iuw al leden út East- en Noard-Fryslân wei. Om 1900 hinne waarden de kontakten tusken de Fryslannen sterker. Dy ynteresse kaam foaral út de taalkundige hoeke, de iere Frisisten. Nammen yn dat ferbân binne Pieter de Clercq, Jan Jelles Hof en Nann Mungard.

Mear kontakt late ta de rop út East-Fryslân wei om in jierliks treffen fan fertsjintwurdigers fan de trije Fryske gebieten. Douwe Kalma, Eeltsje Folkertsma en de feriening 'De Upstalbeam' (oprjochte yn 1924) sprieken har dêr ek foar út. En sa waard it earste Grutfryske Kongres yn 1925 yn Jever organisearre mei fertsjintwurdigers út de trije Fryslannen, Grinslân, Woersten, Bûtjadingen en Jeverlân. Dat wie de grûnslach foar mear mienskiplike gearkomsten en de oprjochting fan de Fryske Rie. By it Grutfryske Kongres yn Hüsem yn 1930 waard de Fryske Rie oprjochte. It doel fan de Rie wie om de ûnderlinge bân yn de tiid tusken de kongressen te hoedzjen en te noedzjen.

Yn de Twadde Wrâldkriich hawwe der gjin Ynterfryske gearkomsten west en de Fryske Rie hold him bûten de polityk. De nasjonaalsosjalisten seagen mei erchtinken nei de Fryske Rie. It Grutfrysk Kongres fan 1937 yn Memlik koe ek hast net fierder fan Dútslân ôf holden wurde. Mei de Dútske besetting fan Nederlân besochten de nasjonaalsosjalisten de Fryske Rie noch wol foar harren ideology yn te setten, mar dat besykjen wie fergees.

Troch respektearre bestriders fan it Hitler-bewâld waard nei 1945 de tried wer oppakt. Dat late yn 1952 ta in Grutfrysk Kongres yn Hüsem en yn 1955 yn Auwerk. Dêr is it Frysk manifest oannommen, in nije grûnslach foar de Fryske kontakten nei de oarloch. Dy waarden doe ek yn it ramt fan de Europeeske ienheid sjoen. In jier letter, yn 1956, waard de Fryske Rie offisjeel yn it East-Fryske Lear oprjochte. Under tafersjoch fan de Fryske Ried waard yn 1973 de dichtbondel "Friesische Gedichte" publisearre. Yn 1998 waard as koepel de feriening Ynterfryske Rie oprjochte om foar de trije rieden/seksjes fan de Fryske Rie yn de ûnderskate Fryslannen op te treden. Yn dat fermidden waard yn 2006 in nije Ynterfryske Ferklearring fêststeld. Yn 2006 joech de Dútske Post (Deutsche Post) in postsegel út foar it 50-jierrich bestean fan de Rie.[1]

Organisaasje bewurkje seksje

De Fryske Rie hat trije regionale seksjes of rieden. Elk fan de trije regionale seksjes hat in eigen bestjoer. It gearwurkjend en oerkoepeljend bestjoer fan dy trije seksjes hat de namme Ynterfryske Rie en is statutêr as feriening ynskreaun yn it plak Lear. It foarsitterskip wikselet alle trije jier en by elke termyn mei in oare seksje de foarsitter fan de Ynterfryske Rie leverje. Fan 2012 oant en mei 2015 hat Noard-Fryslân it foarsitterskip, de Seksje East hat it foarsitterskip yn 2015-2018, en de Seksje West yn 2018-2021. Tradisjoneel wurdt it nije bestjoer fan de Ynterfryske Rie by in Ynterfrysk Kongres fêststeld.

Ynterfryske Rie bewurkje seksje

Neffens it karbrief fan de Ynterfryske Rie hat de feriening it neikommende doel:[2]

(1) De feriening hat ta doel: (a.) de Fryske kultuer te bewarjen, te stypjen, sichtber te meitsjen en dêrta mienskiplike oansetten te meitsjen; (b.) de útwikseling fan kunde en ûnderfining tusken de trije Fryslannen byhâlde en fersterkje; (c.) mienskiplike inisjativen fan de West-, Noard- en East-Friezen te stypjen en te koördinearjen; (d.) it fersterkjen, ûnderhâlden en stypjen fan kontakten mei Europeeske ynstellings, Friezen om utens en oare etnyske minderheden. (2) De feriening stribbet inkeld direkte mienskiplike doelen nei. De finansjele opbringst sil net as winst ferdield wurde.

Sûnt 2022 bestiet it bestjoer fan de Ynterfryske Rie út:

  • Jan Dijkstra (West);
  • Saapke Miedema (sekretaris en burohâlder, West);
  • Froukje de Jong-Krap (sekretaris ynter-Fryske saken, West;
  • Ilse Johanna Christiansen (foarsitter, Noard);
  • Gudrun Fuchs (Noard);
  • Arno Ulrichs (East);
  • Dieter Baumann (East).

Seksjes bewurkje seksje

De trije regionale seksjes binne opdield yn:

 Seksje West:

 Seksje East:

 Seksje Noard:

Wurk bewurkje seksje

Om de trije jier wurdt yn ien fan de trije Fryslannen in Ynterfrysk Kongres holden. By it Ynterfrysk Kongres wurdt it foarsitterskip oerdroegen fan de iene nei de oare seksje. It Ynterfrysk Kongres kin sjoen wurde as wichtichste moeting en as ynspiraasjetrefpunt foar it hanneljen yn de praktyk. In oar evenemint dat sûnt 1956 om de trije jier holden wurdt is it Friezendroapen op it Hilgelân. Fierders wurde der geregeld, faak jierliks, moetings organisearre fan berops- en studintegroepen. De bekendste binne de boeremoetings sûnt 1959, de frouljusmoetings, bestjoerdersmoetings en studintemoetings.

De Fryske Rie is fertsjintwurdiger yn de Kommisje foar it Fryske folk yn it dielsteatparlemint fan Sleeswyk-Holstein.[3] Yn Westerlauwersk Fryslân is de Fryske Rie fertsjintwurdige yn it Europeesk Buro foar Lytse Talen en yn de Ried fan de Fryske Beweging.[4][5]

Flagge bewurkje seksje

 
Flagge fan de Ynterfryske Rie.

Sûnt begjin 2007 wie de Ynterfryske Rie dwaande mei in Ynterfryske flagge, yn gearwurking mei de Fryske Rie foar Heraldyk, dy flagge waard yn juny 2009 oannommen troch de Ynterfryske Rie. Tagelyk kaam der in fersyk fan de Groep fan Auwerk yn 2007, dy dat jier sels noch mei in foarstel foar in Ynterfryske flagge kaam.

De mienskiplike Fryske flagge hat neffens de Ynterfryske Rie de neikommende betsjutting[6]:

  • It is in ring gearstald út de trije flaggen fan de Fryslannen op Europablauwe eftergrûn. De eftergrûn is it blau fan de Europaflagge. De Friezen binne oertsjûge Europeanen, wat hja al ta utering brochten yn it Frysk Manifest dat op 28 augustus 1955 by it sechste Frysk kongres yn Auwerk fêstlein waard. De Friezen wiene by de earsten dy’t de Europeeske gedachte foarm jûn ha, doe’t hja yn 1955 festleine: “De tiid ferget greater forbannen. De trije Fryslannen sizze fan herten ja op alle stribjen, dat ta de ienheit fan Jeropa liede kin.” Dizze Europeeske ynset fan de Friezen wurdt ta utering brocht troch de dominante eftergrûnkleur “Europablau” yn de flagge.
  • De besteande flaggen fan de trije Fryslannen (Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân) binne neffens geografyske lizzing oanjûn yn in sirkel, dus de pompeblêden linksûnder, East-Fryslan rjochts ûnder en Noard-Fryslân boppe. De sirkel symbolisearret alle Friezen, dy’t mei-inoar ferbûn binne. De sirkel stiet foar ienheid, sûnder ein. De trije sektoaren mei de trije flaggen reitsje elkoar en jouwe bliken fan it gefoel fan ienheid nettsjinsteande de besteande opdieling-yn-trijen fan de Friezen. De ferskillen tusken de trije sektoaren steane foar it ferskaat fan de Friezen yn ienheid en ienriedigens.

Sjoch ek bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel fan Jetze Dykstra yn de Swingel 33; Skiednis fan de Fryske Rie yn it koart
  2. Ynterfryske Rie: Satzung des Interfriesischen Rates - frij oerset nei it Frysk
  3. Webside fan it parlemint fan Sleeswyk Holstein: Gremium für Fragen der friesischen Volksgruppe im Lande Schleswig-Holstein
  4. Webside fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen: List fan lidorganisaasjes
  5. Webside fan de Ried fan de Fryske Beweging: Oansletten organisaasjes
  6. Mienskiplike Fryske flagge op de webside fan de Ynterfryske Rie