Gambiahamsterrôt

De Gambiahamsterrôt (wittenskiplike namme: Cricetomys gambianus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidea) en it skaai fan 'e reuzehamsterrotten (Cricetomys). It is in hamsterrôt dy't mar út 'e fierte oan 'e echte rotten besibbe is. It bist libbet yn Afrika besuden de Sahara en is ien fan 'e grutste soarten mûzen en rotten. De Gambiahamsterrôt hat in beskate bekendheid krigen om't er tsjintwurdich ynset wurdt om lânminen en tuberkuloaze op te spoaren.

Gambiahamsterrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje Afrikaanske mûzen en rotten
   (Nesomyidea)
skaai reuzehamsterrotten (Cricetomys)
soarte
Cricetomys gambianus
Waterhouse, 1840
IUCN-status: net bedrige

Fersprieding bewurkje seksje

De Gambiahamsterrôt hat in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika besuden de Sahara, dêr't er foarkomt fan Senegal oant Kenia yn it noarden en fan Angoala oant Mozambyk yn it suden. In grut gat yn dat areaal wurdt foarme troch it meastepart fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, dêr't de Gambiahamsterrôt mist om't de nau besibbe Emins hamsterrôt der libbet.

 
In Gambiahamsterrôt deade op 'e Florida Keys.

Behalven yn syn lânseigen Afrika komt er ek as eksoat foar op 'e Florida Keys yn 'e Feriene Steaten, benammen op it eilân Grassy Key. Dat komt om't Gambiahamsterrotten ek wol as húsdier holden wurde, en in fokker op Grassy Key syn populaasje ûntsnappe litten hat. Yn 'e Feriene Steaten wurdt de Gambiahamsterrôt ferantwurdlik holden foar de útbraak fan 'e apepokken fan 2003, dy't him fersprate nei prêrjehûnen dy't as húsdier holden waarden. Troch fluch yngripen bleau de útbraak beheind ta sa'n 20 eksimplaren, mar it CDC en de FDA ferbeaen neitiid de ymport fan Gambiahamsterrotten yn 'e Feriene Steaten.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

De Gambiahamsterrôt is ien fan 'e grutste libbene kjifdieren. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 35-40 sm, mei in sturtlingte fan 37-45 sm en in gewicht fan 1-1½ kg. De namme fan it bist komt fan 'e grutte, hamstereftige wangpûden dy't er hat, en dêr't er iten yn sammelet.

 
In Gambiahamsterrôt yn training om lânminen op te spoaren.

Biotoop bewurkje seksje

Gambiahamsterrotten passe har maklik oan en komme sadwaande foar yn alderhanne biotopen, lykas yn tropysk reinwâld, op savanne, op ikkers en yn plantaazjes. Wol misse se yn berchtmen boppe in hichte fan 2.000 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

De Gambiahamsterrôt is fierhinne in nachtdier dat gjin echte rôt is, mar in lid fan in inkeld yn Afrika foarkommende tûke fan 'e mûzen en rotten. Syn gesichtsfermogen is tige min en dêrom fertrout er hast útslutend op syn rooksin en gehoar. Yn it wyld libje Gambiahamsterrotten yn groepen fan op syn meast 20 eksimplaren, dy't mei-inoar in ûndergrûnske hoale bewenje. Dy hoale bestiet út in lange gong mei sydgongen en ferskate gruttere romten, ien om yn te sliepen en oaren foar de opslach fan fretten. De hoalen binne yn 'e regel ferskûle ûnder strewelleguod, mar kinne ek útdobbe wêze yn termiteheuvels.

Mantsjes fan 'e Gambiahamsterrôt binne territoriaal, en hâlde en drage harren agressyf foarinoaroer as se inoar tsjinkomme op in nachtlike streuptocht nei fretten. De wyfkes kinne mear as 5 kear yn 't jier in nêst jongen smite, dat eltse kear oant 6 jongen omfettet. Jonge Gambiahamsterrotten binne mei 5-7 moannen geslachtsryp.

Fretten bewurkje seksje

Gambiahamsterrotten binne omnivoaren, dy't dielen fan planten frette, mar ek ynsekten, slakken, krabben en oar lyts dierte. Se jouwe lykwols de foarkar oan 'e fruchten en it sied fan palmbeammen. Sok fretten wurdt troch Gambiahamsterrotten byinoar socht en tydlik opslein yn 'e wangpûden om mei te nimmen nei de opslachromten fan harren hoale. Op dy manear sammelje se wol ferskate kilo's oan nuten per nacht. Der is waarnommen hoe't Gambiahamsterrotten soms de wangpûden sa fol stopje mei nuten fan benammen de dadelpalm, dat se muoite hawwe om yn harren hoale te kommen om't de wangen tefolle fansiden útstekke.

Status bewurkje seksje

De Gambiahamsterrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

 
Nei wurk rêst.

Sykjen nei lânminen en TBC bewurkje seksje

In Flaamske wittenskipper, Bart Weetjens, kaam yn 'e 1990-er jierren op it idee om Gambiahamsterrotten te trainen foar it opspoaren fan lânminen. Tanksij harren skerpe rooksin kinne de bisten eksplosiven lykas TNT fine sels as der in laach ierde oerhinne leit, en om't se net genôch weagje om lânminen ôfgean te litten, rinne se dêrby sels gjin gefaar. Yn 1997 joech de Belgyske oerheid subsydzje om dit idee út te wurkjen, en yn 2000 waard yn Tanzania de non-profitorganisaasje APOPO oprjochte. De trainde Gambiahamsterrotten fan dy ynstelling wurde 'HeroRats' neamd.

De training fan dizze bisten foar it opspoaren fan lânminen is folle goedkeaper as dy fan hûnen, dy't der ek wol foar ynset wurde. It kostet $7.300 om yn njoggen moannen in Gambiahamsterrôt te trainen, wylst de training fan in hûn $25.000 kostet. Op 't heden wurdt yn ferskate lannen wittenskiplik ûndersyk dien nei de bêste manear om Gambiahamsterrotten te trainen en yn te setten en nei de eventuële beheinings oan harren fermogen om lânminen te finen.

Sûnt 2003 wurde Gambiahamsterrotten troch APOPO ek ynset by it diagnostisearjen fan tuberkuloaze. Oan in flibemeunster fan mooglike pasjinten kinne de bisten daliks rûke oft der sprake is fan besmetting. Om't in rôt hûnderten meunsters deis teste kin, wylst in laboratoariumanalist mei tradisjonele metoaden deis mar oan 30 of heechút 40 takomt, is dat in grutte foarútgong.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.