Gangster (útspr.: [ˈɡæŋstə(ɹ)], likernôch: "gêng-stu(r)") is in frij resint lienwurd út it Ingelsk foar in krimineel dy't lid is fan in binde (Ingelsk: gang). Yn it gebrûk fan it wurd leit lykwols besletten dat it net samar in binde is, mar ûnderdiel fan 'e organisearre misdie, lykas de maffia. In synonym foar 'gangster' is sadwaande mobster, in Ingelsk wurd dat ôflaat is fan mob (letterlik: "kliber"), in eufemisme foar "maffia".

Al Capone, in maffiabaas út Chicago, wie de sprekwurdlike gangster.

Bindes dy't diel útmeitsje fan 'e organisearre misdie biede harren leden in nivo fan organisaasje en helpboarnen dat folle gruttere en mear yngewikkelde misdriuwen mooglik makket as dat in yndividuele misdiediger berikke kinne soe. Gangsters besteane sadwaande al sûnt de Aldheid, al waarden se doe fansels noch net sa neamd. Guon gangsters winne wrâldferneamd wurden, lykas maffiabaas Al Capone, dy't yn 'e 1920-er en 1930-er jierren Chicago en omkriten yn syn greep hold.

Gangsters foarmje in graach brûkt ûnderwerp foar wurken fan fiksje, lykas romans, films, tillefyzjesearjes en fideospultsjes.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.