De stêd Garmisch-Partenkirchen ûntstie yn 1935, doe't fanwege de doetiidske Dútkse Rykskânselier Adolf Hitler, Garmisch en Partenkirchen ta ien gemeente byinoar brocht waarden. It gefolch hjirfan wie dat er in nije flekke makke, mar hy joech dy gjin stêdrjochten. Yn 1936 waarden de Olympyske Winterspullen yn it plak holden.
It plak is teffens bekend fan it skânsspringen op nijjiersdei. Meidat fan de jierren sechtich ôf grutte stikken fan de Alpenhaadkaam foar de wintersport sletten binne, is it belang fan Garmisch-Partenkirchen as wintersportplak en skygebiet stadichoan lytser wurden.