Genetyske technology

Genetyske technology of gentechnology is in moderne foarm fan biotechnology wêrby’t it DNA fan in organisme daliks oanpast wurdt. Dat yn tsjinstelling ta de klassike biotechnology wêrby’t DNA fan in organisme yndirekt oanpast wurdt, troch bygelyks te krusen.

In organisme dat mei dizze technology oanpast is, wurdt in genetysk modifisearre organisme (gmo) neamd. Yn pejorative sin wurdt dy technyk ek wol oantsjut as genetyske manipulaasje.[1][2]

Rekombinant-DNA-technology bewurkje seksje

Mei genetyske technology kin in gen identifisearre, isolearre en klonearre wurde. Mei it brûken fan dy mooglikheden, wurde mei rekombinant-DNA-technology fragminten DNA fannijs kombinearre. Dêrby wurdt in plasmide iepenknipt mei in restriksje-ensym en plakt mei ligaze.[3]

Technyk bewurkje seksje

De translaasje fan de genetyske koade bart yn alle organismen op deselde wize: in gen dat yn it iene organisme kodearret foar in beskaat aaiwyt, kodearret yn in oar organisme foar inselde aaiwyt. Dêrtroch is it mooglik om erflike eigenskippen fan in soarte nei in oare soarte oer te setten. It oersetten fan in eigenskip fan de iene nei in oare soarte neame jo transgeneze. As it giet om soarteigen DNA ha jo it oer sisgeneze.

Der binne gâns ferskillende techniken om gentechnology ta te passen. Dizze techniken ferskille bot faninoar per organisme dêr’t se op tapast wurde (plant of bist) en oft de genetyske modifikaasje tydlik of bliuwend is.

It basisprinsipe fan alle ferskillende techniken is yn de grûnslach itselde en ferrint fia in tal fêste stappen.

  1. Isolaasje fan it gen dat jo oanpasse wolle.
  2. It eventueel oanpassen fan it isolearre gen.
  3. Oerbringen fan it gen yn in geskikte fektor.
  4. Transformaasje fan de sel of it organisme dat jo oanpasse wolle.
  5. Seleksje fan de modifisearre organismen of sellen.

Isolaasje bewurkje seksje

As jo in spesifyk gen isolearje wolle wurdt earst DNA út de sellen fan it organisme helle. Dêrnei kinne jo it gen dêr’t jo yn ynteressearre binne, identifisearje op basis fan de kennis dy’t jo foarôf fan it gen hawwe. Dy kennis kinne jo faak helje út cDNA- of gDNA-bibleteken. Mei dy kennis kinne kinne jo it gen dêrnei amplifisearje troch middel fan de PCR-technyk.

Fierdere oanpassings bewurkje seksje

Soms moat it isolearre en amplifisearre gen earst oanpast wurde foardat it ynbrocht wurde kin yn in nij organisme. Yntrons wurde faak ferwidere, dat giet as folget: De eukaryoatesellen hawwe genen dy’t faak besteane út stikjes dy’t aminosoeren kodearje, dit binne de eksoanen. Mar der binne ek stikjes dy’t gjin koade hawwe, dy’t dus net brûkt wurde om in aaiwyt te kodearjen, dit binne de yntrons.

Oan it begjin fan de string wurdt in oanpast kwanine-nukleotide plakt. Oan de ein fan de string wurdt in stikje fan in lange rige A-nukleotiden fêstplakt. Dy twa stikjes binne tafoege foar it transport fan it mRNA nei it sytoplasma, en foar it keppeljen oan de ribosomen wat nedich is foar de translaasje. Ensimen soargje derfoar dat de yntrons út it RNA-molekúl helle wurde, sadat de eksoanen oan elkoar ferbûn wurde; dat wurdt ek wol splicing neamd. De ferwidere yntrons wurde ôfbrutsen. It oanpaste mRNA giet dêrnei nei it sytoplasma foar de translaasje. Mar it is ek mooglik troch promotorsekwinsje oan te bringen.

Fektors bewurkje seksje

In fektor tsjinnet as drager fan it DNA sadat it isolearre gen yn in oar organisme brocht wurde kin. Dit kin in stikje sellulêr baktearieel DNA oftewol plasmide wêze, mar ek in firus, in liposoom of in goudkûgeltsje dêr’t it DNA op plakt sit.

Transformaasje bewurkje seksje

As it DNA beskikber is, kin de fektor brûkt wurde om it DNA yn te bringen yn it organisme dat jo feroarje wolle. Dat úteinlike ynbringen fan it DNA wurdt de transformaasje neamd. De techniken dy’t dêrfoar brûkt wurde hingje ôf fan de fektor, it doelorganisme en effisjinsje dy’t jo úteinlik hoopje te beheljen. In simpele manier om te transformearjen is bygelyks it ynsjitten fan it DNA dat oan goudbaltsjes bûn is yn in plantesel. In foarbyld fan in yngewikkelder technyk dy’t wol in heger súksespersintaasje jout, is de bakteariële transformaasje.

Foarbylden fan inkelde brûkte techniken bewurkje seksje

  • Genterapy: by de tapassing fan de genterapy wurde foar it oerbringen fan it DNA firussen of liposomen brûkt.
  • Dûbelsiedblêdige planten: hjirby wurdt it DNA oan de baktearje Agrobaktearium tafoege, dy’t it DNA opnimt yn in plasmide (in plasmide is in sirkelfoarmich stikje DNA). Dizze baktearjes wurde dan wer tafoege oan in oplossing fan losse sellen of op blêdspûnskes fan it doelorganisme.
  • Inkelsiedblêdige planten: it DNA wurdt op minuskule, mei goud bedutsen kûgeltsjes oanbrocht en mei in spesjaal pistoal yn it doelorganisme sketten.
  • Ek firussen dy’t, oars as de measte firussen, har genetyske ynformaasje yn dûbelstringsDNA opslein hawwe, kinne foar de oerdracht brûkt wurde. Dy metoade is lykwols noch yn ûntwikkeling.

Der binne ferskillende metoaden om te befoarderjen dat it DNA yn it genoom fan de sellen opnommen wurdt.

Seleksje bewurkje seksje

Nei’t de transformaasje útfierd is sil dy mar yn in part fan de organismes echt slagge wêze. Uteinlik is it dus saak om de genetysk modifisearre organismen te skieden fan de organismen dy’t it DNA net opnommen hawwe. Om de slagge sellen selektearje te kinnen yn it laboratoarium wurde markers, ûnder oare antibiotika resistinte markers, oan it yn te bringen gen keppele.

Histoarje bewurkje seksje

Yn 1944 hiene Amerikaanske wittenskippers foar it earst súkses troch de eigenskippen fan in baktearje te feroarjen troch DNA fan in oare baktearje te jaan. In mylpeal yn de ûntwikkeling fan genetyske modifikaasje wie yn 1974 de ûntdekking dat de kroangallebaktearje Agrobacterium tumefaciens in DNA-stikje fan in plasmide oerdroech nei it plantegenoom fan syn gasthear en dat dit stikje DNA de plant dan oansette ta de foarming fan kroangallen op de woartels.
Fan 1983 ôf is it mooglik om winske genen by Agrobacterium tumefaciens yn te bringen en dy sa yn it genoom fan de plant te bringen.
Yn 1994 waard it earste genetysk modifisearre iten yn de Feriene Steaten op de merk brocht. It gie om it tomateras 'Flavr Savr’ mei in langere hâldberens as de doe besteande rassen. Twa jier letter waard sawol yn de Feriene Steaten as yn Ingelân gmo-tomatepuree yntrodusearre.

Tapassings bewurkje seksje

Mikro-organismen bewurkje seksje

Transgene mikro-organismen wurde oer de hiele wrâld brûkt foar it produsearjen fan ferskillende stoffen, lykas antibiotika en sitroensoer. Se wurde dêrfoar yn grutte fermintearfetten kweekt. Gâns tsientallen genêsmiddels wurde op dy wize al makke. Foarbylden binne ynsuline en oare peptidehormoanen lykas epo, FSH en groeihormoan, TPA, sytokinen, ynterleukine, ynterferon, monoklonale antystoffen, stjurringsfaktors en faksins tsjin ûnder oare hepatitis B en kinkhoast.
Foar it krijen fan in leger alkoholpersintaazje yn wyn wurde proeven dien mei de gmo-gist mei it glukoaze-oksidazegen dat fan de skimmel Aspergillus niger komt.[4]

Genêsmiddels bewurkje seksje

In soad genêsmiddels wurde mei de rekombinant-DNA-technyk mei help fan gist produsearre. It genoom fan de gist Saccharomyces cerevisiae wie ien fan de earste genomen fan in libben wêzen dat hielendal bekend wie. Gist is in faak brûkte soarte by genetyske eksperiminten.

De bolle Herman, mar ek geiten en skiep binne mei gentechnology oanpast, sadat harren froulike neiteam beskate stoffen (lykas it minsklike serumalbumine) oanmeitsje yn har molke, dy’t brûkt wurde kinne foar medisinale doeleinen.[5]

Planten kinne fia genetyske modifikaasje brûkt wurde foar de produksje fan medisinen. Yn de Feriene Steaten wurde dizze planten meikoarten kweekt en as earste is in gmo fan rys foar dit doel no talitten. Yn Nederlân advisearret de Kommisje genetyske modifikaasje gewaaksen foar iten hjir noch net foar te brûken yn ferbân mei risiko’s foar minske en bist.

Genterapy bewurkje seksje

Genterapy is in behanneling om erflike oandwanings te genêzen. By erflike oandwanings is der meast sprake fan in ôfwikend of ûntbrekkend gen dat sykteferskynsels feroarsaket. By genterapy wurdt in sûn gen yn de lichemssellen fan de pasjint ynbrocht. It is net altyd nedich dat dat yn alle lichemssellen bart - dat soe genterapy sa goed as ûnmooglik meitsje; by de behanneling fan bygelyks hemofily is it genôch om de sellen dy’t beskate stjurringsfaktors oanmeitsje better te meitsjen. In probleem by dy foarm fan behanneling is dat sellen, dy’t in beskaat grut molekúl oanmeitsje dat foar de pasjint net lichemseigen is, meast in ôfwarreaksje oproppe sille en ferneatige wurde. Der binne wrâldwiid noch mar in pear tige spesifike en seldsume gefallen dêr’t genterapy by minsken wat súkses by hân hat. Ek binne der gefallen wêrby’t de pasjint troch de behanneling stoar.

Yn 1991 waard yn Itaalje foar it earst mei wat súkses genterapy tapast op in minske by in beskate foarm fan SCID (Severe Combined Immunodeficiency) en in jier letter yn Londen. De behanneling bestie út it ferfangen fan it net-funksjonearjende gen foar it ensym (ADA). It wurkjende gen waard yn lymfositen ynbrocht. De bloedsellen dy’t dêrfan kamen produsearren it ADA. De lymfositen geane nei in pear moanne oant in jier dea, sadat de behanneling werhelle wurde moat. Dêrom waard de behanneling letter mei stamsellen werhelle.

Fiedselproduksje bewurkje seksje

Planten bewurkje seksje

Fan in tal gewaaksen besteane farianten dy’t troch genetyske modifikaasje oanpast binne. De oanpassing is bedoeld om de rassen resistint te meitsjen tsjin sykten of tsjin beskate bestridingsmiddels, of inkeld om ekstra fiedingsstoffen te befetsjen of ûnder mindere omstannichheden waakse te kinnen.

Gouden rys’ is in fariant fan rys dy’t bètakaroteen befettet, in stof dy’t yn it lichem omset wurdt ta fitamine A. Dit gewaaks is bedoeld om fitamine A-defisjinsje, dat ta blinens laat, yn treddewrâldlannen te bestriden. Yn 2005 is in nije fariant ûntwikkele dy’t oant 23 kear mear bètakaroteen befettet as de oarspronklike fariant.[6] Gjin fan beide foarmen is op dit stuit noch beskikber foar minsklike konsumpsje.Boarne? (ûntstriden 16 juny 2013)

Feredelingsbedriuwen hawwe ûnderwilens in hiele rige genetysk modifisearre rassen kweekt en op de merk brocht. Sa binne maisrassen resistint makke tsjin de Jeropeeske maisboarder (Ostrinia nubilalis) en binne rassen fan mais, katoen, koalsied en sûkerbiten ûngefoelich makke foar beskate herbisiden. Hjirtroch kinne dizze planten bespuite wurde mei dy herbisiden sadat konkurrearjend túch wol, mar de te rispjen plant sels net omlizzen giet. By tomaat binne gmo-rassen mei fertrage riping en langere hâldberens. By tabak wurdt de mooglikheid ûndersocht fan produksje fan genêsmiddels tsjin kanker.

Dieren bewurkje seksje

De AquAdvantage-salm is makke troch in gen fan in iel en it groeihormoangen fan in beskate salm yn de Atlantyske salm te setten, wêrtroch dizze gmo-salm twa kear sa fluch groeit. Dat er ek seis kear sa grut wurde soe as in normale salm is in fabeltsje, de eingrutte is itselde. Lykwols, foar’t neist it wichtichste foardiel foar de yndustry is, dat de AquAdvantage-salm ek ûnder kâlde omstannichheden trochgroeit. Dat yn tsjinstelling ta net modifisearre. Hjirtroch kinne modifisearre salms twa kear jiers ‘rispe’ wurde yn stee fan mar ienkear. Se ha ek 30% minder foer nedich om op it rispgewicht te kommen. It biobedriuw Aqua Bounty Technologies Inc, dat de fisk ûntwikkele, hat de Amerikaanske Food and Drug Administration yn 2010 om tastimming frege de salm oan fiskkwekers ferkeapje te meien. Nei de sûnensrisiko’s is gjin ûndersyk dien. Mar neffens it bedriuw smakket it poerbêst.

Tsjinstanners wize ûnder oare op de kâns dat sa’n salm der útpykt. Yn in Greenpeace-rapport út 2000[7] wurdt in ûndersyk, dien oan de Purdue-universiteit oanhelle dêr’t yn útholden wurdt dat mar inkelde útpike transgene salms al genôch wêze kinne om de hiele pleatslike wylde fiskpopulaasje út te rûgjen.[8] Dizze ûndersikers brûkten lykwols in wiskundich simulaasjemodel en diene gjin ûndersyk oan salms. As it bedriuw grien ljocht krijt, komt it mei in modifisearre forel en dito tilapia. Kanadeeske ûndersikers wolle goedkarring krije foar in baarch (‘enviropig') dy’t fosfor út plantefoer effisjinter fertart. Earder karde it FDA in modifisearre geit goed.[9]

Bestriding fan ûngedierte en sykten bewurkje seksje

Amerikaanske wittenskippers hawwe in gen yn in malariamich ynbrocht dat in molekúl produsearret dat de libbenssyklus fan in malariaparasyt Plasmodium sp blokkearret.[10] Troch dit gen kin de parasyt net mear yn de flibeklieren fan de gmo-mich komme. It probleem is no lykwols om de natuerlike mich ferkringe te litten troch de genetysk modifisearre.

Der wurdt ek oars besocht om ynsekten lykas de malariamich te bestriden troch it brûken fan genetyske modifikaasje. It idee is om mantsjes te kweken mei in dominant deadlik (letaal) gen dat allinnich yn wyfkes ta ekspresje komt. Grutte hoemannichten fan sokke mantsjes wurde dan loslitten, hja sille pearje mei de yn it wyld foarkommende wyfkes. As resultaat sille alle froulike neikommelingen fan de wylde wyfkes deagean foar’t se neiteam oansette. Dizze technyk is al lang bekend en is by ferskate soarten skealike miggen al mei súkses tapast, mar noch net as de mantsjes genetysk modifisearre wiene.

Yn 2007 waard publisearre dat it slagge is troch middel fan genetyske techniken kij te fokken dy’t it prionaaiwyt net mear hawwe wat har fetber makket foar BSE. Harren ûntwikkeling liket fierder normaal te ferrinnen.[11]

Proefdieren bewurkje seksje

 
Knock-outmûzen

Gentechnology wurdt ek brûkt foar it oanpassen fan bisten foar ûndersyk. In soad tapaste technyk is it kreëarjen fan in knock-out stamme. Dizze technyk dy’t yn 1989 foar it earst tapast waard yn mûzen wurdt brûkt om rjocht op it doel ôf in beskaat gen út te skeakeljen. Op dy wize kin ûndersocht wurde hokker funksje dat gen hat. Dizze technyk wurdt frij algemien tapast by mûzen, mar is ek mooglik by rotten. In foarbyld fan in knock-outmûs is in stamme wêrby’t it ApoE4-gen útskeakele is. Dit gen is in wichtige risikofaktor by minsken foar it ûntwikkeljen fan de sykte fan Alzheimer. Dizze mûzen blieken in fermindere learfermogen te hawwen en oare karakteristike skaaimerken dy’t tekenjend binne foar alzheimer.

Oars bewurkje seksje

Sûnt in tal jierren binne der genetysk modifisearre akwariumfisken yn de hannel. In bekend foarbyld is de gloeifisk, in sebrafisk wêrby’t se in gen fan koraaldieren ynplante ha wêrtroch it fiskje ljochtjouwend wurden is. De ferkeap fan dat fiskje is yn Nederlân ferbean.Boarne?

Der wurdt spekulearre oer gendoping, wêrby’t op ferlykbere wize as by genterapy, sporters yn steat steld wurde bettere prestaasjes te leverjen. Mear as kleare spekulaasje is dit foarearst noch net, omdat de technyk dêrfoar noch net genôch ûntwikkele is.

Patintrjocht bewurkje seksje

Jeropeeske Uny bewurkje seksje

Neffens it Jeropeesk Oktroaiburo is it patintearjen fan planten mooglik as de technyske helberens fan de útfining net beheind is ta in spesifike fariëteit.[12] De útfining moat mei oare wurden tapast wurde kinne yn ferskate plantesoarten. Dat ferheget de drompel foar it patintearjen fan gentechnologyen.

Feriene Steaten en Kanda bewurkje seksje

Genen dy’t troch genetyske technology oanpast binne, kinne yn Amearika en Kanada patintearre wurde. Gewaaksen dy’t in patintearre gen hawwe, kinne dêrtroch net samar fermannichfâldige wurde. Yn de saak tusken Monsanto fersus Schmeiser oardiele it Kanadeeske heechgerjochtshôf dat der ek praat wurde kin fan patintskeining as it patintearre yn in breder net-patintearre struktuer brûkt wurdt, as dat de útfiner it monopoalje ûntfytmannet wat him neffens de wet takomt.[13][14] It Amerikaansk heechgerjochtshôf oardiele dat de ûntdekking fan genen dy’t yn de natuer foarkomme, net genôch is foar in patint.[15]

Monsanto fersus Schmeiser bewurkje seksje

It biotechbedriuw Monsanto spande yn 1998 in proses oan tsjin Percy Schmeiser, in Kanadeeske boer. De oanlieding wie in fjildtest yn 1997[16] dêr’t út bliken die dat 95 oant 98 persint fan de 1.000 hektares koalsied-gewaaks bestie út it Roundup Ready-planten[17] in troch Monsanto genetysk modifisearre ras. De boer hie dy planten net by Monsanto kocht, en hie der ek gjin lisinsje foar. De rjochter wie derfan oertsjûge dat Schmeiser bewust planten fan Monsanto's Roundup Ready canola siedde hie.[18] Lang om let kediisde de Kanadeeske Hege Ried yn it foardiel fan Monsanto.

Foar- en neidielen bewurkje seksje

Dit is mar in greep út de foar- en neidielen dy’t neamd wurde. Der binne tal fan oersjoggen ferskynd mei arguminten foar en tsjin biotechnolgy mei GMO’s,[19][20][21][22] Guon fan de hjir neamde foar- en neidielen wurde rûnom erkend, oaren wurdt om striden.

(Potinsjele) foardielen bewurkje seksje

  • Erflike ôfwikings genêze troch genterapy
  • Effisjinter antibiotika, ensymproduksje troch fermintaasje.
  • Resistinsje tsjin sykten, liedend ta it minder brûken fan pestisiden en ynsektisden.
  • In effisjinter en effektiver gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels. Neffens it National Center for Food and Agricultural Policy in Amearika joegen de gmo-gewaaksen koalsied, mais, katoen, papaja, squash en soja yn 2003 in ferleging fan pestisideferbrûk mei 21 miljoen kg.
  • Effisjinter kweken fan gewaaksen, troch flottere en doelrjochter rasseferedeling. Ut in metastúdzje yn 2012 blykt dat genetysk modifisearre gewaaksen it better dogge as konfinsjonele gewaaksen, metten nei opbringst, produksjekosten en brutomarzje. Ut dizze stúdzje blykt ek dat dizze gewaaksen it benammen better dogge yn ûntwikkelingslannen.[23] Neffens it National Center for Food and Agricultural Policy in Amearika joegen de gmo-gewaaksen koalsied, mais, katoen, papaja, squash en soja yn 2003 in mearopbringst fan 2,3 miljard kg oan iten en fezels mei in wearde fan $ 1,9 miljard.
  • De mooglikheid om gewaaksen te kweken ûnder bysûndere omstannichheden lykas fiedingsearme en sâlte grûnen, en ûnder drûge of kâlde klimaatomstannichheden. Under oare mei help fan stikstofbinende baktearjes en kjeldresistinte sinneblommen (noch yn de ûntwikkelingsfaze).
  • It iten sûner meitsje (bygelyks ‘gouden rys’.
  • Medisinen en faksins troch planten yn stee fan bisten produsearje te litten (noch yn de ûntwikkelingsfaze).
  • Spesifike produksje fan beskate stoffen mei hegere wearde, lykas in wizige oaljegearstalling yn soja en koalsied en wizige setmoalgearstalling yn de fabryksierdappel (amylopektine setmoalierdappel).
  • Oare unike spesifike modifikaasjes, lykas planten dy’t pears kleurje by oanwêzigens fan in beskate springstof. Troch dy te siedzjen op plakken dêr’t mynfjilden lizze kinne de minen werkend wurde.Boarne?
  • Flotter gruttere opbringsten en rendemint de hektare fan de lânbou troch effisjintere rasûntwikkeling en bygelyks yn ûntwikkelingslannen mooglik minder gau lânbougrûn klearmeitsje en dus minder bosk platbaarne.
  • Hypo-allergene gewaaksen om te iten meitsje, glutenfrije weet, nuten sûnder allergene aaiwiten, sadat minsken mei allergy dat itensguod ek nimme kinne.

(Potinsjele) neidielen bewurkje seksje

  • Undúdlikens oer de effekten fan soartfrjemde genen.
  • Undúdlikens oer de gefolgen fan fersprieding nei de natuerlike populaasje. Der binne oanwizings fûn fan sokke ferspriedings.[24]
  • Undúdlikens oer de gefolgen foar de biodiversiteit.Boarne?
  • De oantoande oerdraachberens fan allergenen nei oare fiedingsstoffen.[25] Foar minsken mei allergyen wurdt it ûndúdliker wêr’t allergenen yn sitte. It liket lykwols ûnwierskynlik dat bedriuwen iten op ‘e merk bringe dêr’t fan bekend is dat in soad minsken dêr allergysk op reagearje.[26][27] Wol kinne testmetoades oanpast wurde.[28]
  • It ûntstean fan gewaaksen dy’t resistint binne tsjin herbisiden. Dizze ‘superonkrûden’ binne dreger te bestriden yn in oar stik lân.[29][30]
  • Oktroaisystemen moatte sa oanpast wurde dat de foardielen dy’t oktroaihâlders helje kinne út it strategysk hanneljen mei gewaaksen mei patintearre genen, yn ferhâlding steane ta de foardielen út ynnovaasje foar de mienskip.[31]
  • It ferlienen fan oktroairjocht op genetyske eigenskippen fan planten akkordearret min mei de kwekersfrijstelling út it kwekersrjocht.[32]
  • Genetysk modifisearre gewaaksen meitsje it ferbouwen fan gewaaksen djoerder troch de ferplichte ôf te dragen lisinsjekosten.Boarne?
  • De frijheid fan kar fan de konsumint wurdt oantaast, trochdat de gmo-gewaaksen gewoane rassen ferkringe kinne.[33]
  • De mooglikheid ta it meitsjen fan beskate foarmen fan sied lykas teminatorsied by beskate leveransiers, wêrtroch’t de boer alle jierren nij sied keapje moat. Monsanto is bygelyks in bedriuw mei gâns ynfloed.
  • Boeren wurde, benammen yn ûntwikkelingslannen, ôfhinkliker fan grutte bedriuwen en har sizzenskip oer de te brûken kweekwize wurdt beheind.
  • De kar foar it brûken fan gentechnology kin ôfliede fan de djipper lizzende oarsaken fan it probleem dêr’t it as oplossing foar bedoeld is, wylst oare oplossings mooglik duorsumer binne. Yn it gefal fan bygelyks de yntroduksje fan mei gentechnology oanpaste rassen, is it de fraach oft better ûnderwiis, better transport, bettere opslach, bettere fertsjinsten foar boeren en sa gjin prioriteit hawwe moatte boppe de yntroduksje fan dizze technology.[34].

Maatskiplike akseptaasje bewurkje seksje

Autorisaasje bewurkje seksje

Yn Sina, de Feriene Steaten en Brazylje is op grutte skaal it brûken fan gmo-rassen akseptearre troch de oerheid. Yn oare lannen, lykas Eastenryk en Fenezuela, hielendal net. Sûnt 2004 is it ek mooglik om yn de Jeropeeske Uny en dus ek yn Nederlân genetysk modifisearre gewaaksen te ferbouwen. Yn Grikelân, Itaalje, Eastenryk, Poalen en Lúksemboarch wurde dy rassen net talitten. De Jeropeeske Kommisje stiet net ta dat lidsteaten yndividueel spesifike gmo-gewaaksen ferbiede, mar de Ried fan Ministers fan de lidsteaten blokkearje dit belied.[35] Op basis fan in ûndersyk fan Séralini besleat Ruslân ta in moratoarium op de ymport fan genetysk modifisearre mais.[36]

Produksje bewurkje seksje

Yn 2002 waard wrâldwiid hast 60 miljoen, yn 2003 hast 70 miljoen en yn 2005 90 miljoen ha ferboud mei gmo-rassen. Soja hie yn 2001 63%, maïs 19%, katoen 13% en koalsied 5% fan dit areaal. Yn 2004 wie dat respektivelik 60%, 23%, 11% en 6%. Yn 2001 kaam de tylt foar 99% foar yn fjouwer lannen: Feriene Steaten (68%), Argentynje (22%), Kanada (6%) en Sina (3%). Yn 2004 wie dit foar de Feriene Steaten (59%), Argentinië (20%), Kanada (6%), Brazylje (6%) en Sina (5%).

Yn 2003 waard yn de Feriene Steaten 73% fan it katoen-, 32% fan it mais- en yn it seizoen 2003/2004 13% fan it soja-areaal mei gmo-rassen tyld. Yn 2003 waard 17% fan it wrâldareaal fan katoen mei gmo-rassen ferboud, gmo-katoen waard yn 2003 yn de Feriene Steaten, Austraalje, Sina, Yndia, Yndoneezje, Meksiko, Argentinië, Kolombia en Súd-Afrika ferboud. Yn 2005 waarden yn 21 lannen gmo’s kweekt, wêrûnder no foar it earst yn Portugal, Frankryk en Tsjechië.

Yn 2006 ferboude 0,7% fan de boeren wrâldwiid gmo-gewaaksen. Dêrfan is 99% beheind ta de folgjende 8 lannen: FS 53,5%, Argentinië 17,6%, Brazylje 11,3% , Kanada 6%, Yndia 3,7%, Sina 3,4%, Paraguay 2% en Súd-Afrika 1,4%.[37]

Maatskiplike organisaasjes bewurkje seksje

Ferskillende maatskiplike organisaasjes steane kritysk foar genetyske modifikaasje yn de fiedselproduksje oer. Hjirûnder falle net allinnich miljeu-organisaasjes lykas Greenpeace en Friends of the Earth, mar ek ûntwikkelingsorganisaasjes lykas Oxfam/Novib, ICCO en GRAIN, konsuminte-organisaasjes, boere-organisaasjes en bistebeskermers.[38] Harren beswieren rinne útinoar. Koart nei in ûndersyk fan Séralini makke de Organic Consumers Association, in ynternasjonale organisaasje dy’t foarstanner is fan organysk iten, de keppeling gmo-itensguod en boarstkanker by minsken.[39]

Publike opiny bewurkje seksje

De publike opiny spilet in wichtige rol yn de diskusje. Ien fan de neamde redenen dat gmo-gewaaksen net populêr binne is dat de earste gmo-gewaaksen gjin foardielen foar de konsumint hawwe, yn priis of bestândielen.

In meta-stúdzje út 2005 lit sjen dat konsuminten in legere wearde takenne oan gmo-itensguod as oan konfinsjeel iten; dit ferskil is dúdliker yn Jeropa as Noard-Amearika.[40]

Yn Nederlân is begjin 2007 in TNS NIPO-ûndersyk holden oer de akseptaasje fan genetyske modifikaasje by itensguod. Dêr die út bliken dat 73% fan de Nederlanners genetyske modifikaasje fan itensguod akseptearret as it iten der sûner fan wurdt en dat de akseptaasje fan gmo-planten heger is as dy fan gmo-bisten.[41] Neffens in Eurobarometer-ûndersyk út 2009 soe goed de helte fan de Jeropeanen gmo-itensguod keapje as it in sûner kar is.[42] De fraachstelling en levere ynformaasje blykt gauris krúsjaal te wêzen foar de útkomsten. Dit giet wolris mis.[43] Om de konsumint oer te heljen gmo-produkten te iten wurdt wurke oan gmo-gewaaksen mei foardielen foar de konsumint, lykas kalory-earm iis, allergy-frije appels en gewaaksen dy’t ekstra mineralen en/of fitaminen hawwe.

Guon geane oer ta gewelddiedige aksje: op 29 maaie 2011 waard yn Wetteren in eksperimint fan de Universiteit Gent en it Flaamsk Ynstitút foar Biotechnology nei genetyske modifikaasje fan ierdappels om resistinsje tsjin de ierdappelsykte te krijen fernield troch 250 aktivisten fan de Field liberation movement.

Regeljouwing bewurkje seksje

Yn 1990 karde de Jeropeeske Ried foar it earst in feroardering goed dy’t de yntroduksje fan gmo’s yn it miljeu regelet. It beslissingsproses wie lykwols sa yngewikkeld dat it de fakto de lidsteaten wiene dy’t it lêste wurd hiene oer it ynfieren of produsearjen fan genetysk modifisearre sied, gewaaksen en iten. Sûnt 1998 skeakele de Eurosône oer op in ‘zero-risk’-belied op it mêd fan genmodifikaasje mei in folslein moratoarium op genetysk modifisearre gewaaksen as gefolch. Hjir kaam yn 2003 feroaring yn mei de goedkarring fan de Jeropeeske rjochtline oangeande de hannel en etikettearring fan gmo-yngrediïnten brûkt yn itensguod en bistefoer.

Dizze rjochtline is fan tapassing op elk fiedingsmiddel dat ofwol mear as 0,9% oan gmo’s hat (art. 12,2) of wêrfan’t de oanwêzigens fan gmo-yngrediïnten net opspeurd wurde kin. Soartlikense easken wurde oplein oan gmo’s brûkt yn de produksje fan bistefoer. Ek waarden bepalings opnommen dy’t de tylt fan gmo’s regelje. Op’t heden is der allinnich tylt mooglik foar eksperimintele, en net foar kommersjele doeleinen. Elk lân kin fierder yndividueel útmeitsje hokker beheinings it dêroan opleit. Dit moat tefoaren kommen dat der krúsbestowings tusken klassike en genetysk modifisearre gewaaksen plakfine.

Foar it yn de hannel bringen fan gmo’s binne fergunnings brek dy’t jo krije kinne by de Jeropeeske Autoriteit foar fiedselfeiligens (EFSA).[44] Dit kontrôle-orgaan sil allinnich in fergunning jaan as der oantoand wurdt dat de libbensmiddels dy’t gmo’s hawwe gjin negative effekten hawwe op de minsklike sûnens, bistesûnens of it miljeu. Ek moat itensguod tamakke wêze mei gmo’s dy’t lykaardich binne oan har konfinsjonele tsjinhingers sadat, as útmakke yn artikel 4, de konsumint der gjin neidiel fan hat.

Dizze strange wetjouwing kontrastearret mei eardere etikettearringsfoarskriften nommen troch Jeropa. Der is in net mis te kennen tendins nei in striktere regeljouwing. Bygefolch is it oanbod op de Jeropeeske merk oan gmo-produkten tige lyts. Dit yn tsjinstelling ta de Feriene Steaten, dêr’t wy in omkearde evolúsje sjogge. In ferklearring foar dit fenomeen fine wy yn de weromhâldendheid fan de Jeropeeske publike opiny foar gmo’s oer.

Sjoch ek bewurkje seksje

Eksterne links bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. genetische manipulatie, modificatie. NRC Stijlboek, besjoen op 31 jannewaris 2015
  2. genetyske manipulaasje. Kultureel Wurdboek, besjoen op 31 jannewaris 2015
  3. 10voorbiologie.nl, Recombinant-DNA-technologie. Besjoen op 29 oktober 2013
  4. D. F. Malherbe, M. du Toit, R. R. Cordero Otero, P. van Rensburg, I. S. Pretorius. Expression of the Aspergillus niger glucose oxidase gene in Saccharomyces cerevisiae and its potential applications in wine production. Applied Microbiology and Biotechnology 61, Numbers 5-6 / June, 2003 pp 502-511 gearfetting
  5. De Boer H.A. et al, Generation of transgenic dairy cattle using 'in vitro' embryo production. Biotechnology (9): 844-7 (1991)
  6. Paine et al. 2005. Improving the nutritional value of Golden Rice through increased pro-vitamin A content. Nature Biotechnology doi:10.1038/nbt1082
  7. J van Aken, Genetically engineered fish; swimming against the tide of reason. Greenpeace, 2000 artikel
  8. William M Muir, Richard D Howard. Assessment of possible ecological risks and hazards of transgenic fish with implications for other sexually reproducing organisms Transgenic Research 11: 101–114, 2002. (Review) artikel
  9. Is genetically altered fish OK? FDA to decide, Reuters via Yahoo News, 31 augustus 2010 (Ynternet Argyf)
  10. James AA, ''et al, Controlling malaria transmission with genetically-engineered, Plasmodium-resistant mosquitoes: milestones in a model system. Parassitologia. 1999 Sep;41(1-3):461-71.
  11. Richt JA, et al., Production of cattle lacking prion protein. Nat Biotechnol. 2007 Jan;25(1):132-8.
  12. The Melon Patent Case - FAQ
  13. Monsanto Canada Inc. v. Schmeiser, Supreme Court of Canada, Judgement of 21 May 2004 SCC 34 at $43
  14. Monsanto v Schmeiser: A Landmark Decision concerning Farmer Liability and Transgenic Contamination, Journal of Environmental Law (2005) Vol 17 No 1, 83-108 section 72, p88.
  15. Supreme Court says genes can't be patented; patient advocates and researchers cheer, NBCNEWS.com, 13 juni 2013.
  16. 2001 FCT 256 - Reasons for Judgement, Federal Court. 29 maart 2001. Besjoen op 26 juny 2013
  17. Monsanto Canada Inc. v. Schmeiser, Donald M. Cameron, Cameron MacKendrick LLP. Besjoen op 26 juny 2013
  18. Top Five Myths Of Genetically Modified Seeds, Busted, Dan Charles (NPR). 18 oktober 2012. Besjoen op 26 juny 2013
  19. http://www.gezondheidsraad.nl/sites/default/files/Trendanalyse_2009.pdf
  20. http://www.unep.org/dewa/agassessment/reports/IAASTD/EN/Agriculture%20at%20a%20Crossroads_Synthesis%20Report%20(English).pdf
  21. http://lib.ugent.be/fulltxt/RUG01/002/064/163/RUG01-002064163_2013_0001_AC.pdf
  22. Piet Schenkelars, Oogst uit het Lab, Jan van Arkel, Amsterdam
  23. F. J. Areal, L. Riesgo and E. Rodriguez-Cerezo. Economic and agronomic impact of commercialized GM crops: a meta-analysis. Journal of Agricultural Science, Cambridge University Press 2012. DOI:10.1017/S0021859612000111
  24. USDA Investigating detection of genetically engineered (GE) Glyphosate-resistant wheat in Oregon, Animal and Plant Health Inspection Service, United States Department of Agriculture. 29 mei 2013
  25. Identification of a Brazil-Nut Allergen in Transgenic Soybeans, Julie A. Nordlee, M.S., Steve L. Taylor, Ph.D., Jeffrey A. Townsend, et al. The New England Journal of Medicine 1996; 334:688-692. March 14, 1996.
  26. Risks of allergic reactions to biotech proteins in foods: perception and reality, S. B. Lehrer, G. A. Bannon. Allergy, Volume 60, Issue 5, pages 559–564, May 2005.Samenvatting
  27. Genetic Roulette - The documented health risks of genetically engineerd foods, section 3.1 - GM soybeans are no more allergenic than conventional soybeans. AcademicsReview.org. Besjoen op 14 juny 2013
  28. Genetic Engineering and the Allergy Issue, Bob B. Buchanan. Plant Physiology May 2001 vol. 126 no. 1 5-7
  29. Monsanto Corn Plant Losing Bug Resistance, Wall Street Journal, August 21 2011 [1]
  30. US Farmers Cope With Roundup-Resistant Weeds, The New York Times, may 3 2010 [2]
  31. Veredelde Zaken - De toekomst van de plantenveredeling in het licht van de ontwikkelingen in het octrooirecht en het kwekersrecht, Niels Louwaars, Hands Dons, Geertrui van Overwalle, et al. Centrum voor Genetische Bronnen Nederland (Weinum UR), rapport 14, side 48
  32. Veredelde Zaken - De toekomst van de plantenveredeling in het licht van de ontwikkelingen in het octrooirecht en het kwekersrecht, Niels Louwaars, Hands Dons, Geertrui van Overwalle, et al. Centrum voor Genetische Bronnen Nederland (Weinum UR), rapport 14, side 61
  33. Terlouw, J.C. and Seydel, E.R. and Dorrestein, R.M. and Kok, F.J. and Scheffer, H.C. and Veraart, M.D.A.M. and Galjaard, H. and Boois de, H.M. (2002) Eten & Genen : een publiek debat over biotechnologie en voedel : Verslag van de Tijdelijke commissie biotechnologie en voedsel.
  34. Late lessons from early warnings: science, precaution, innovation, EEA Report No 1/2013
  35. Chris Hayes, Lidstaten EU handhaven Hongaarse ban gentechmais. 25 febrewaris 2007
  36. Russia Today, Russia halts imports of Monsanto corn over cancer fears, 26 septimber 2012
  37. Global GM Crops Area Exaggerated
  38. Gentech.nl, Wie zijn wij?, dd.
  39. Russia Today, Oh No GMO
  40. Jayson L. Lusk, Mustafa Jamal, et. al, A Meta-Analysis of Genetically Modified Food Valuation Studies, Journal of Agricultural and Resource Economics 30(1):2844
  41. Enquête: gezond genvoedsel in trek
  42. Eurobarometer: Europeans and Biotechnology
  43. Gm-Freeireland
  44. European Food and Safety Authority