Geoffrey de Havilland

Kaptein Sir Geoffrey de Havilland[1] (High Wycombe, 27 july 1882 - Watford, 21 maaie 1965) wie in Britsk loftfeartpionier en yngenieur.

Sir Geoffrey de Havilland
De Havilland, Perth 1929

Libben en wurk bewurkje seksje

 
Monumint ta oantins fan De Havilland syn earste flecht, njonken Wayfarer's Walk

Geoffrey de Havilland waard 1882 berne as soan fan The Reverend Charles de Havilland en syn earste frou Alice Jeanette. Hy krige ûnderrjocht op de Nuneation Grammar School, St Edward's School yn Oxford en fan 1900 oant 1903 oan de Crystal Palace School of Engineering.

Yn 't earstoan wie er dwaande mei it ûntwerpen fan auto's en motoren by ferskate bedriuwen, mar nei syn houlik yn 1909 lei er him ta op it meitsjen en betinken fan fleanmasines.

Hy boude syn earste fleantúch mei jild fan syn pake fan memmekant. Hy die der twa jier oer en it tastel crashte al by de earste testflecht. Dêrnei hie er mear súkses mei syn ûntwerpen: yn 1912 bruts er it Britske hichterekord (10.500 voet) mei in fleantúch dat er sels ûntwurpen hie. Syn broer Hereward wie de testpiloat.

Yn 1914 kaam er yn tsjinst by AIRCO yn Hendon. Al syn ûntwerpen krigen in namme mei foaroan syn inisjalen, DH. De Havilland syn fleantugen waarden brûkt yn de Earste Wrâldoarloch troch it Royal Flying Corps dat letter de Royal Air Force wurde soe.

Yn 1920 stichte er de De Havilland Aircraft Company dêr't er ûnder mear testpiloat waard. Hy wie dêr de ûntwerper fan ûnder oaren de De Havilland Mosquito, ien fan de meast súksesfolle fleanmasines yn de Twadde Wrâldoarloch.

Hy wie noch besjoersfoarsitter fan it bedriuw oant 1960 doe't it kocht waard troch Hawker Siddely Company.

Sir Geoffrey de Havilland gie troch mei fleanen oant syn 70-ste. Hy stoar yn 'e âldens fan 82 jier oan in breinblieding (CVA) yn it Watford Peace Memorial Hospital, Hertfordshire.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Geoffrey de Havilland fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Davenport-Hines, Richard. "Havilland, Sir Geoffrey de (1882–1965)." Oxford Dictionary of National Biography. Ed. H. C. G. Matthew and Brian Harrison. Oxford: OUP, 2004.