In geograaf of ierdrykskundige is ien dy't de relaasje tusken minsken en harren natuerlike omjouwing fan in romtelik perspektyf út bestudearet. In protte bekende geografen komme fuort út oare dissiplines as de geografy. Oarsom is de geograaf Willem Frederik Hermans folle bekender wurden as skriuwer.

Johannes Vermeer - De Geograaf (1669)

Fan Johannes Vermeer is in skilderij De Geograaf bekend, sinjeard en datearre 1669. It skilderij wurdt faak yn ferbân brocht mei it skilderij De Astronoom (1668). Dy twa skilderijen wurde wol sjoen as ôfspegeling fan de tanimmende ynfloed fan wittenskiplik ûndersyk yn Jeropa op de ein fan de 17e iuw.

Oplieding bewurkje seksje

Nei in stúdzje oan de universiteit wurdt men ierdrykskundige of geograaf.

Yn Nederlân wurdt ûnderskied makke tusken de sosjaal-geograaf, de fysysk-geograaf en de histoarysk-geograaf.

Oan de Frije Universiteit Amsterdam, Universiteit fan Amsterdam en de Universiteit Utert kin in "mastertitel yn de ierdwittenskippen" helle wurde; oan de Katolike Universiteit Nymwegen, de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit fan Amsterdam "Master yn de sosjale geografy". Yn de jierren '60 is fan de sosjale geografy út de dissipline planology ûntstien. De Wageningen Universiteit is op it stuit ien fan de liedende universiteiten yn de romtelike planning.

Earder ûntstie út de sosjale geografy al de histoaryske geografy, dy't ûnderjochte wurdt oan de Wageningen Universiteit, de Ryksuniversiteit Grins, de Universiteit Utert en de Frije Universiteit Amsterdam.

Bekende geografen bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Geografy