Geografyske noardpoal

begjinpunt fan alle meridianen

De geografyske noardpoal is it begjinpunt fan alle meridianen. Tegearre mei ien punt op de nulmeridiaan leit de lokaasje fan de geografyske noardpoal de koördinaten fêst foar elts plak op ierde. De geografyske noardpoal leit op it poaliis fan de Noardlike Iissee.

Rotaasje bewurkje seksje

De geografyske noardpoal is in standarisearre ferzje fan de noardpoal, it plak dêr't de ierdas it ierdopperflak snijt. It is standarisearre om't troch de Chandler skommeling de ierdas in bitsje beweegt, en koördinaten basearre op de noardpoal dêrmei ek feroarje soenen.

Koördinaten bewurkje seksje

Yn it standert koördinatenstelsel leit de geografyske noardpoal op 90° N, njoggentich graden noarderbreedte. Om't it it noardlikste punt fan de wrâld is, is elts punt, en dêrmei eltse rjochting, fan dêr út súdlik. De geografyske noardpoal is it begjinpunt fan alle meridianen, sadat de geografyske noardpoal op eltse geografyske lingte leit. Meastal wurde lykwols 0° E of 0° W brûkt.

Tiid bewurkje seksje

De geografyske noardpoal leit ek yn alle standert tiidsônes. Der is gjin ôfspraak oer de tiid dy't jildt oan de poal. Dit is ek om't der gjin dúdlik ferrin fan de dei is op de noardpoal. De iene helte fan it jier is der it ljocht fan de poaldei, de oare helte fan it jier is der it tjuster fan de poalnacht.