Yngenieur Gerrit Hiemstra (Drachten, 19 augustus 1961) is in Nederlânske meteorolooch. Sûnt 1999 presentearret Hiemstra it waar by it NOS-Journaal. Yn 2001 rjochte hy it waarburo WeerOnline út Velp op dêr’t hy direkteur fan is.

Gerrit Hiemstra yn 2000

Biografy bewurkje seksje

Gerrit Hiemstra waard berne yn Drachten, mar waard grutbrocht op in pleats yn Sumar. Nei de legere skoalle gie er nei it vwo op it Ichthus Kolleezje yn Drachten en dêrnei nei de Lânbou-universiteit Wageningen. Dêr hat er trije jier roeit by de studintenroeiferiening W.S.R. Argo.[1] Nei syn oplieding is er troud. Hy wennet yn Stokkum yn Gelderlân.

Hiemstra wurket sûnt syn stúdzje yn Wageningen yn de meteorology. Yn 1986 begûn er as meteorolooch by Meteo Consult. Yn 1995 waard hy haad fan de operasjonele meteorologyske tsjinst fan it KNMI op Schiphol. Yn 1996 is hy by DLV Advysgroep yn Wageningen begûn mei de ûntwikkeling fan meteorologyske advys- en consultancy-aktiviteiten foar de griene sektor ûnder de namme DLV Meteo. Ein 2001 waarden dy aktiviteiten fuortset yn de nije ûndernimming WeerOnline. Neist de waarpresintaasjes by it NOS Journaal wurket Gerrit Hiemstra as meteorologysk consultant mei oan ferskate meteorologyske projekten en is hy ferantwurdlik foar de meteorologyske opliedingen dy't troch WeerOnline jûn wurde.

Yn juny 2020 waard Gerrit Hiemstra beneamd ta lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân. Dêr hat Hiemstra as oandachtsgebiet media yn.

Ferskaat bewurkje seksje

  • Yn 2004 waard er nominearre foar de Award Bêst Klaaide Man.
  • Yn juny 2020 waard Gerrit Hiemstra beneamd ta lid fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Lekker roeiweertje dit weekend voor Gerrit Hiemstra", Volkskrant 22 april 2017.