Gert-Jan Segers (folút: Gert-Jan Maarten Segers; Lisse, 9 july 1969) is in Nederlânsk politikus en skriuwer, dy't fan 2000 oant 2007 as sindeling yn Egypte wurke. Neitiid wied er ferskate jierren direkteur fan 'e Mr. G. Groen van Prinsterer Stichting, it wittenskiplik ynstitút fan 'e KristenUny (KU). Yn 2012 waard Segers foar dy partij yn 'e Twadde Keamer keazen. Yn it neijier fan 2015 folge er Arie Slob op as foarsitter fan 'e KU-fraksje yn 'e Twadde Keamer, in funksje dy't er beklaaide oant mids jannewaris 2023.

Gert-Jan Segers
politikus
Gert-Jan Segers yn 2018
Gert-Jan Segers yn 2018
echte namme Gert-Jan Maarten Segers
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 july 1969
berteplak Lisse (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
partij KristenUny
ûnderskiedings ridder yn 'e Oarder
        fan Oranje-Nassau
foarsitter fan de KU-fraksje
yn de Twadde Keamer
amtsperioade 20152023
foargonger Arie Slob
opfolger Mirjam Bikker
lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade 20122023

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Segers waard yn 1969 berne yn it Súdhollânske Lisse, mar hy groeide fierhinne op yn Ljouwert, dêr't syn heit, dy't predikant wie, yn 1977 in evangelisaasjepost oprjochte oan 'e Van Loonstrjitte. Syn âlden wiene de 'swiere kant' it neist, en rekkenen harsels ta de efterban fan 'e SGP. Segers trochrûn yn Ljouwert de middelbere skoalle oan it Kristlik Gymnasium, en studearre fan 1988 ôf politikology oan 'e Ryksuniversiteit Leien. Yn syn studintetiid wied er aktyf yn it bestjoer fan 'e Leiske grifformearde studinteferiening Panoplia, dy't oansletten is by de lanlike CSFR.

Wurkpaad bewurkje seksje

Iere karriêre bewurkje seksje

Nei syn ôfstudearjen, yn 1992, fûn Segers in baan as meiwurker fan 'e Twadde-Keamerfraksje fan 'e RPF. Yn 1999 wied er belutsen by 'Transformatie', in mienskiplik jongereinplatfoarm fan 'e RPF en it GPV, dat oprjochte wie om 'e fúzje fan dy beide partijen ta de KristenUny te befoarderjen.

Yn 1999 en 2000 wurke Segers in jier by de Evangelyske Omrop as sjoernalist foar Radio 1. Dêrnei waard er troch syn tsjerklike gemeente yn Leien en út namme fan it Grifformeard Sindingsbûn útstjoerd nei Egypte. Fan oktober 2000 oant juny 2007 wied er yn Kaïro koördinator fan in kristlik tariedingssintrum. Yn dy hoedanichheid wied er û.m. behelle yn it organisearjen fan konferinsjes foar kristlike foaroanlju en studinten. Neitiid reizge Segers ôf nei de Amerikaanske haadstêd Washington, dêr't er in masterstitel behelle oan 'e School of Advanced International Studies fan 'e ferneamde Johns Hopkins Universiteit, mei as spesjalisaasje Westersk-islamityske betrekkings en de tastân yn it Midden-Easten.

Politike karriêre bewurkje seksje

Werom yn Nederlân wie Segers fan 1 july 2008 oant septimber 2012 direkteur fan it wittenskiplik ynstitút fan 'e KristenUny, de Mr. G. Groen van Prinsterer Stichting. Yn dy funksje besocht er fanút kristlik perspektyf in bydrage te leverjen oan it Nederlânske maatskiplike debat oangeande de yntegraasje fan moslims. Yn dy tiid wied er ek ris te gast yn it NCRV-programma Schepper & Co., wêryn't er útlei hoe't men neffens him as kristen libje kin yn sawol in islamitysk lân as in sekuliere maatskippij lykas de Nederlânske.

By de Twadde-Keamerferkiezings fan 2012 stie Segers op it fjirde plak op 'e kandidatelist fan 'e KristenUny. Mei't de partij fiif sitten behelle, waard er op 20 septimber fan dat jier ynsward as folksfertsjintwurdiger. Segers syn grôtfolle portefúlje omfieme Feilichheid en Justysje, Keninkryksrelaasjes, Definsje, Jeropa, de Media, Binnenlânske Saken, Yntegraasje en Grûnrjochten. Hy wie benammen aktyf yn debatten oangeande it Nederlânske prostitúsjebelied en de bestriding fan minskehannel. Yn juny 2013 waard in moasje fan Segers oannommen, dy't it útstel omfieme om yn 'e Twadde Keamer tenei harksittings te hâlden wêrby't minsken ûnder ede yn 't ferhear nommen wurde kinne. Dy wurkwize moat in alternatyf biede foar it gauris as te swier beskôge ynstrumint fan 'e parlemintêre enkête.

Op 10 novimber 2015 stapte Arie Slob op as foarsitter fan 'e KristenUny-fraksje yn 'e Twadde Keamer. Hy waard doe opfolge troch Segers, dy't dyselde deis troch de leden fan 'e oangeande KU-fraksje ta nije foarsitter keazen wie.

Nei de mislearre ûnderhannelings mei GrienLinks ûnder de kabinetsformaasje fan 2017, waard ynstee de KristenUny útnûge om as fjirde partij oan te skowen by de VVD, it CDA en D66 foar de formaasje fan it Kabinet-Rutte III. Segers gie op dy útnûging yn en naam, mei Carola Schouten as syn assistinte, diel oan 'e ûnderhannelings dy't ta de foarming fan it nije regear laten. Sels waard er yn dat kabinet gjin minister, mar keas er derfoar om ynstee fraksjefoarsitter te bliuwen.

Begjin april 2021, doe't it Kabinet-Rutte IV formearre waard, joech Segers oan om net wer oan in kabinet dielnimme te wollen mei Mark Rutte as premier. Dat wie yn reäksje op 'e útlekte petearsferslaggen fan 'e ferkenners foar in nij kabinet, dêr't út bliken die dat Rutte fan it lestige CDA-keamerlid Pieter Omtzigt ôf woe ("Positie Omtzigt, functie elders"). Fjirtjin dagen letter sei Segers lykwols dat er yn 'e hite hei sprutsen hie en dat er syn wurden weromnaam. Segers naam op 'e nij diel oan kabinetsûnderhannelings, dy't laten ta in fuortsetting fan 'e koälysje út Rutte III.

Op 13 jannewaris 2023 makke Segers bekend dat er nei tsien jier út 'e lanlike polityk stappe woe. Hy naam op 24 jannewaris ôfskie as lid fan 'e Twadde Keamer en waard dêrby beneamd ta ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. As fraksjefoarsitter fan 'e KristenUny waard er opfolge troch Mirjam Bikker.

Oare wurksumheden bewurkje seksje

Njonken syn politike karriêre is Segers in fêste kollumnist by it Nederlânsk Deiblêd, en earder skreau er ek wol foar TijdSchrift, it orgaan fan it HGJB, en foar oare tydskriften. Fierders wied er fan 2008 oant en mei 2013 panellid by it EO-radioprogramma Deze Week, dat op 'e sneontejûnen útstjoerd waard, en dat yn 2014 in ferfolch krige ûnder de titel EO Door de Week. Teffens hat Segers twa romans publisearre, en dêropta ferskate non-fiksjewurken.

Priveelibben bewurkje seksje

Gert-Jan Segers is troud mei de ortopedagoge Rianne Zomer, mei wa't er trije dochters hat. Hy is in neef fan in oare KristenUny-politikus, Theo Segers, de boargemaster fan Molelannen.

Bibliografy bewurkje seksje

  • 2000 – Overwinteren (roman)
  • 2009 – Twee Broers en een Meisje met Geel Haar (roman)
  • 2009 – Voorwaarden voor Vrede: De Komst van de Islam, de Integratie van Moslims en de Identiteit van Nederland (non-fiksje)
  • 2012 – Wat Christenen Geloven en Moslims Niet Begrijpen (non-fiksje, mei Marten de Vries)
  • 2016 - Hoop voor een verdeeld land ISBN 9789460031915
  • 2019 - Waarom doe ik dit in vredesnaam? ISBN 9789023957201
  • 2019 - De verloren zoon en het verhaal van Nederland ISBN 9789463820561
  • 2020 - Jan Terlouw Lezing: Zie alle mensen, tegearre mei Tim Hofman ISBN 9789462971899

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Arie Slob maakt ruimte voor Gert-Jan Segers, yn: de Ljouwerter Krante, 11 novimber 2015.
  • Westrheenen, Saskia van, Nieuwe CU-voorman heeft Cambuurhart, yn: de Ljouwerter Krante, 11 novimber 2015.

Foar fierdere boarnen en literatuer, sjoch ûnder: Bron en noten, op dizze side.