De ginteftigen (Latynske namme: Suliformes) foarmje in skift fan de klasse fan de fûgels (Aves), en it boppeskift fan de nije fûgels (Neoaves). Ta dit skift hearre 60 ûnderskate soarten fûgels. De ginteftigen komme yn grutte dielen fan de wrâld foar, altyd op of deunby it wetter fan seeën en oseanen (ginten en fregatfûgels) of seeën, marren en rivieren (ielguozzen en slangehalsfûgels). Foar it meastepart libje de fûgels fan dit skift fan fisk.

Ginteftigen
Nazcagint (Sula granti)
Nazcagint (Sula granti)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: ginteftigen (Suliformes)
Sharpe, 1891

Taksonomy bewurkje seksje

De gearhing tusken de ginteftigen en de oanbuorjende skiften fan de pilekaaneftigen (Pelicaniformes) en eiberteftigen (Ciconiiformes) is kompleks en haw forskate resinte taksonomyske oanpassingen meibrocht. Tsjintwurdich wurde de ginteftigen opdield yn fjouwer famyljes. De grutste famylje is dy't fan de ielguozzen en dit skift fan de ginteftigen wurdt dêrum ek wol als ielgoeseftigen (Phalacrocoraciformes) oantsjut.

Skiftopbou bewurkje seksje

  • skift ginteftigen (Suliformes)
    • famylje fregatfûgels (Fregatidae), 1 skaai, 5 soarten
    • famylje ginten (Sulidae), 3 skaaien, 10 soarten
    • famylje slangehalsfûgels (Anhingidae), 1 skaai, 4 soarten
    • famylje ielguozzen (Phalacrocoracidae), 3 (of mear) skaaien, 41 soarten