De Gleichschaltung of lykskeakeling wie in eufemistyske term fan de nazys, dy't ferwiisde nei de nazifikaasje fan Dútslân nei't Adolf Hitler op 30 jannewaris 1933 ta Rykskânselier beneamd waard. Nei de Machtergreifung (machtsoername troch de nazys) begûnen de nazys de demokratyske Weimarrepublyk en alle aspekten fan de Dútske maatskippij te feroarjen yn in totale diktatuer.
It hichtepunt fan de nazifikaasje wie op de Rykspartijdei yn Neurenberch yn 1935 doe't de symboalen fan de NSDAP ferienige waarden mei dy fan it lân en, neffens de Neurenberger Wetten, it steatsboargerskip fan de Dútske Joaden harren ûntnaam wiene.

Steaten fan de Weimarrepublyk. De steaten wiene offisjeel net opheft, mar harren grûnwetlike rjochten en selsstannigens wiene fier genôch tebekdraaid dat dy gjin funksje mear hiene. Prusen wie al ûnder federaal behear doe't Hitler oan de macht kaam.
It Grutdútske Ryk neffens it systeem fan de goaen

Ferrin bewurkje seksje

De term komt oarspronklik fan it technysk jargon fan de syngronisaasje fan masines. De nazys woene mei harren belied de gânse Dútske befolking "syngronisearje" oan it byntliif fan de NSDAP. Fan de lytste net-politike klub oant en mei de grutste dielsteaten, sels ideologysk besibbe konservative ferienings, waarden ûnderhearrich makke oan de NSDAP.
Ien dei nei de Ryksdeibrân op 27 febrewaris 1933 joech Rykspresidint Paul von Hindenburg de Ryksdeibrânferoardering út. In needferoardering koe útjûn wurde neffens Artikel 48 fan de Grûnwet fan Weimar as der in krisistastân wie. Hitler hie him dêr ta oantrune. De feroardering beheinde de rjochten fan de boargers, dy't fersekere wiene yn de grûnwet. Sa koene de nazys harren politike tsjinstanners, benammen de kommunisten dy't de skuld fan de brân krigen, oppakke. Ek waarden oare partijen yntimidearre troch de SA krekt foar de útskreaune ferkiezings fan 5 maart 1933. De nazys hopen op in absolute mearderheid, sadat hja de oare partijen lykas de konservative Dútsk Nasjonale Folkspartij (DNVP) fuortskowe koene. De NSDAP krige lykwols mar 43 prosint fan de stimmen, dus moasten hja in koälysje foarmje mei de DNVP om ta in mearderheid te kommen. Dêrmei koe Hitler syn Machtigingswet trochfiere. In steateferkiezing likernôch yn deselde tiid yn Prusen, dêr't it steatsregear lyksteld wie mei it federale regear nei de Prusyske Steatsgreep, hie likese resultaten.
De machtigingswet waard op 23 maart 1933 yn de Ryksdei oannaam. Alle sosjaaldemokraten stimden tsjin. Foarsitter Otto Wels spruts de wurden: Jo kinne ús frijheid en libben ûntnimme, mar nea ús eare. De kommunisten wiene net oanwêzich, want hja wiene oppakt of nei konsintraasjekampen stjoerd. De oare partijen stimden foar. De wet joech it regear, yn de praktyk Hitler, wetjouwend foech bûten de Ryksdei om. De grûnwet fan Weimar waard sa stadichoan bûten wurking steld. Justjes letter waard de Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân (SPD) ferbean. Al yn de simmer fan 1933 waarden oare partijen narre mei it doel dat se harren sels op heffe soen yn 't plak fan arrestaasje of nei konsintraasjekampen stjoerd te wurden. Alle ministers fan de koälysje, dy't gjin nazy wiene, moasten opstappe.
De "Earste Lykskeakelingswet" (Erstes Gleichschaltungsgesetz) op 31 maart 1933 hold yn: neffens de machtigingswet waarden alle bestjoeren fan de dielsteaten opheft, útsein dy fan Prusen, dêr't de nazys de macht al oernaam hiene. De wet bepaalde dat de parleminten fan de dielsteaten deselde gearstalling hawwe moasten as de Ryksdei neffens de lêste ferkiezings. De kommunisten waarden bûtensletten. Neffens de machtigingswet hiene in dielsteatregear itselde foech op syn mêd as it Ryksregear hie op syn mêd.
De "Twadde Lykskeakelingswet" (Zweiter Gleichschaltungsgesetz) op 7 april 1933 stelde in Rykssteedhâlder oan yn eltse dielsteat, útsein yn Prusen. De steedhâlders, dy't ferantwurding ôflizze moasten oan de minister fan ynlânske saken Wilhelm Frick, hiene hast de totale macht oer de steatsregearen. Hitler stelde himsels oan as Rykssteedhâlder fan Prusen, de fierwei grutste steat fan Dútslân, en stelde Hermann Göring oan as minister-presidint dêre. Dy wet makke fan Dútslân foar it earst winliken in ienheidssteat.
De "Wet ta it ophelpen fan de Beropsamten" (Gesetz zur Wiederherstellung des Berufsbeamtentums of Berufsbeamtengesetz) op 7 april 1933 fersterke de lykskeakeling fan iepenbiere tsjinsten, skoalmasters en -professors, rjochters, oankleiers en oare amtners, op federaal en op steatlik mêd. It waard Joaden en kommunisten ferbean sokke posten te besetten.
De "Wet tsjin it foarmjen fan Partijen" (Gesetz gegen die Neubildung von Parteien) op 14 july 1933 ferklearre dat de NSDAP de iennichste wetlike partij fan it lân wie.
De nazys skreaune nije ferkiezings út foar 12 novimber 1933. Om't de NSDAP de iennige partij wie dy't tastean waard, bestie de list allinnich út nazys en 22 pro-nazy "gasten". Dy datum wie bewust keazen, om't it dy deis fyftjin jier ferlyn wie dat it wapenstilstân fan de Earste Wrâldkriich tekene wie. Sa hopen de nazys it nasjonalistysk sintemint oan te jeien. De nazys fan de list krigen 92 prosint fan de stimmen en hja ferfongen de Ryksdei dy't earder yn maart keazen wie. Yn in folksstimming om it lidmaatskip fan Dútslân fan de Folkebûn op te sizzen waard mei 95 prosint foarstimd.
De "Wet foar it opbouwen fan it Ryk" (Gesetz über den Neuaufbau des Reiches) op 30 jannewaris 1934 hefte de federale republyk offisjeel op en feroare Dútslân yn in strakke ienheidssteat. De dielsteaten waarden werombrocht ta provinsjes en harren bestjoeren waarden winliken opheft; alle foech gie nei it Ryksregear. In wet dy't op 14 febrewaris 1934 oannaam waard skafte de Ryksried offisjeel ôf.
De "Wet oangeande de Haad fan Steat" op 1 augustus 1934 bepaalde dat by it ferstjerren fan de sittende presidint it foech fan de Rykspresidint gearfoege waard mei it foech fan de Rykskânselier en dat alle taken fan de presidint nei de Führer en Rykskânselier Adolf Hitler oergeane soene. Von Hindenburg ferstoar de oare moarns om 9 oere en dat makke Hitler it haad fan steat en it haad fan it regear. Krekt as mei it ôfskaffen fan de Ryksried wie dy wet in oertreding fan de machtigingswet fan 1933, dy't it Hitler ferbea en boartsje mei it presidintskip. Boppedat wie der yn 1932 in lytse grûnwetsferoaring dy't it haad fan it Heechgejochtshôf yn pleats fan de kânselier it foech joech foar in tydlik presidintskip. Der wie net ien dy't der beswier tsjin hie, of alteast net ien dy der wat fan sei.
Ek waard in wet oannaam dy't it ferfolgjen fan tsjinstanners yn de eigen nazy-rûnte mooglik makke. Yn de Nacht fan de Lange Messen ein july 1934 waard de top fan de SA, mei syn haad Ernst Röhm ynbegrepen, oppakt en almeast fermoarde. Ek mei oare politike tsjinstanners (nazys ynbegrepen) dy't kritysk foar Hitler oer stiene, barde itselde.
Yn 1938 waard de top fan de Wehrmacht, it iennichste ynstitút dat noch net nazifisearre wie, suvere en ferfongen troch guon dy't folchsum wiene.

Gefolgen bewurkje seksje

Hast alle organisaasjes en ferienings waarden lykskeakele. Ek de lytste ferienings, bygelyks in geitefokferiening, ûntkamen der net oan. It proses fûn plak yn gâns Dútslân, op nasjonaal en lokaal mêd. Guon ferienings waarden twongen wylst oaren der frijwillich oan meiwurken. It doel fan de lykskeakeling wie it útroegjen fan de opposysje en totale kontrôle oer it Dútske folk.
Eltse Dútser moast lid wurde fan in nazifisearre klub of organisaasje. Jonges moasten fan harren sechde ôf lid wurde fan de saneamde Pimpfen (Jongfeintsjes), dy't boartersklubs wiene dêr't tagelyk de nazy-ideology mei de leppel yngetten waard. Fan harren tsiende ôf moasten hja by de Deutsches Jungvolk (Dútske Jonkfolk) tatrede, dêrnei moasten hja fan harren fjirtjinde ôf ta de Hitler Jugend trede. Fan harren achttjinde ôf moasten hja yn de Arbeitsdienst (wurktsjinst), it leger of de SS. Famkes waarden ynearsten lid fan de Jungmädel (Jongfammen), dêrnei fan de Bund Deutscher Mädel en dêrnei fan Glaube und Schönkeit (Leauwe en Skientme). Om harren 21e moasten hja in jier op it lân wurkje (Landjahr). Alle arbeiders moasten lid wurde fan de Kraft durch Freunde, dy't hobbys en útstapkes organnisearre. Alle hobbyklubs foelen ûnder it foech fan Kraft durch Freunde. Ek it Deutsche Offizier Bund ûntkaam net oan de Lykskeakeling.
Fierwei de measte Dútsers skikten har' yn de nije tastân en guon wiene dêrmei út 'e skroeven. De oaren doarsten der net tsjin yn te gean en seagen nuodlik de oare kant op as der, bygelyks by razzia's, Joaden of sosjalisten oppakt waarden. Ferset wie der hast net mear en in soad wiene benaud foar de wreed ferneamde Gestapo en Sicherheitsdienst (SD). Dochs waard der ferskate kearen besocht oanslaggen op Hitler te dwaan, mar dy de mislearren allegear. De ferneamdste wie op 20 july 1944 troch Claus von Stauffenberg yn de Wolfsschanze yn East-Prusen. Oan de ein fan de kriich waard it ferset lykwols hurder, doe't it like dat de nazys de kriich ferlieze soene.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.