Glostrup (gemeente)

Glostrup is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente leit likernôch 10 kilometer westlik fan it sintrum fan Kopenhagen. Yn de regio Haadstêd heart de gemeente mei in oerflak fan 13,30 km² en 22.663 ynwenners (01.01.2018) ta de lytsere gemeentes.

Glostrup
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster John Engelhardt
sifers en geografy
haadplak Glostrup
grutste plak Glostrup
ynwennertal 22.663 (2018)
oerflak 13,28 km²
skiednis
oprjochte 1841
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.glostrup.dk/borger

De gemeente waard yn 1841 stifte. Troch de groei fan Kopenhagen ferdûbele de befolking tusken 1947 en 1960. Yn de gemeente lizze de plakken Glostrup, Efsinge en Ejby; de beide earstneamde plakken binne yn de jierren 1970 oan inoar fêstgroeid.

Haadstêd fan de gemeente is Glostrup, dêr't trijefearn fan de befolking wennet. Yn it ramt fan de gemeentlike weryndielings bleau Glostrup selsstannich, mar yn 1974 waard Avedøre de by de oanbuorjende gemeente Hvidovre yndield.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: