In goa (Latynsk: pagus, Nederlânsk: Gouw, Dútsk: Gau, Ingelsk: shire) wie in krite en ynstitúsjoneel ûnderdiel fan in Germaansk stamgebiet.

Rekonstruearre goakaart út 1898 fan it ferpartsjen fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Ferdun yn 843

Yn it part fan Nederlân dat diel útmakke hat fan it Romeinske Ryk, (Nederlân besuden de Ryn), kamen de goaen oerien mei de eardere Romeinske civitates. Yn de Nederlânske skiednis spilen de goaen in rol fan de 4e iuw ôf oant de 11e iuw. Doe't it Frankyske Ryk yn 'e 8e iuw har gesach oer it Nederlânske gebiet útwreide, foarmen de goaen bestjoerlike ryksienheden, laat troch in greve. De greve bestjoerde it goa út namme fan de kening en hienen meastal natuerlike grinzen. Letter gongen de goaen op yn gruttere ferbânnen lykas Hollân of Fryslân.

Rjochterlike funksje yn it goa bewurkje seksje

De sintrale ynstelling yn it goa dêr't rjocht sprutsen waard wie it ding. Dat wie de gearkomste wêr't de "dinggenoaten", de frije en striidbere manlju, byïnoar kamen (meastal trije kear jiers). Dit barde op in fêst stee (oarspronklik yn de iepen loft). De gearkomsten waarden laat troch in foarsitter, dy't Asega of rjochter neamd waard. Hy spruts rjocht neffens it folksrjocht. Op dizze gearkomsten waarden ek oare wichtige beslissings nomd. Nei de ynliving fan de Fryske gebieten yn it Frankyske Ryk wie de greve meastentiids de foarsitter.

Fan de 10e iuw ôf rekken goaen en goadingen yn ferfal troch it útwreidzjen fan de hearigens (wêrtroch it tal frije manlju minder waard) en troch de ferbrokkeling fan de goaen yn grutte ferbannen. De goanamme waard lykwols noch in skoft brûkt as oantsjutting foar it gebiet.

Goaen yn de âlde Fryske lannen bewurkje seksje

 
Rekonstruearre goakaart út 1890 yn it gebiet fan it hjoeddeistige Nederlân

Goaen yn de rest fan Nederlân bewurkje seksje