Godfrey Harold Hardy

Godfrey Harold Hardy (Cranleigh, 7 febrewaris 1877Cambridge, 1 desimber 1947) wie in Britsk wiskundige.

Godfrey Harold Hardy

Hy hâlde him benammen dwaande mei getalteory en skreau der inkele standertwurken oer. Yn 1915 bewiisde hy, dat ûneinige soad nulpunten fan de Riemann-zeta-funksje op de krityske linen Re(z) = 1/2 lizze, in wichtige stap yn de rjochting fan de Riemann-hypoteze.

Hie wie de earste dy't de wiskundige genialiteit fan Ramanujan erkende. Hy wurke in soad yn de mande mei John Littlewood.