De Gododdinen (Gododdin) wienen Britsk folk fan noardeast Brittanje (noardeast Ingelân en súdeast Skotlân) yn de sub-Romeinske tiid, yn it gebiet dat bekend is as Hen Ogledd of 'it Alde Noarden'. Hja binne it ûnderwerp fan it 6e iuwske Welske gedicht Y Gododdin, dat de Slach fan Catraeth betinkt en taskreaun wurdt oan Aneirin.

De namme Gododdin is de moderne Welske foarm, fia it Ald Welske Guotodin ôflaat fan it Britonske wurd Votadini, dat foar komt yn Grykske teksten út de Romeinske tiid.[1]

Keninkryk bewurkje seksje

It is net krekt bekend hoe fier at it keninkryk fan de Gododdinen rikte, mooglik fan de kriten om Stirling oant it keninkryk Bryneich (Bernicia), mei de Lothiaanske Skotske Borderregio fan eastlik Skotlân. It waard yn it westen begrinzge troch it Britonske Keninkryk Strathclyde en yn it noarden troch de Pikten. It folk dat yn Clackmannanshire libbe, wie bekend as de Manaw Gododdin.[2][3] Neffens de tradysje wennen de pleatslike keningen út dat tiidrek yn Traprain Law en Din Eidyn (Edinboarch en faaks ek yn Din Baer (Dunbar).

Cunedda, neffens de leginde de stifter fan it Keninkryk Gwynedd yn noard-Wales, soe in Manaw Gododdin kriichshear west hawwe dy't yn de 5e iuw nei it súdwesten migrearre.[4]

Fierdere skiednis bewurkje seksje

Yn de 6e iuw waard Bryneich oanfallen troch de Angelen en waard bekend as Bernicia. De Angelen lutsen fierder nei it noarden ta. Yn likernôch 600 brochten de Gododdinen in leger fan 300 man by inoar om de Angelske festing Catraeth oan te fallen, faaks gie it om Catterick yn Noard Yorkshire. De Britten ferlearen de slach dy't yn it gedicht Y Gododdin betocht waard.

Yn 638 waard Din Eidyn (dizze namme kin in anagronisme wêze[5][6][7][8][9][10]), it (Edinboarch) fan no, belegere en ynnomd troch de Angelen, want de Gododdinen lykje yn dy snuorje ûnder it bewâld fan Bernicia te wêzen. Oft de lânseigen befolking ferdreaun is of dat hja opgien binne yn de Angelen is net dúdlik. Bernicia waard part fan Northumbria en wie yn 954 ynnaam troch it Deenske keninkryk Jorvik (York). Net folle letter kaam dit keninkryk ûnder it ferienige Ingelân en yn 1018 brocht Malcolm II de regio oant de rivier Tweed ta ûnder Skotsk bewâld.

Sjoch ek bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Ian Armit (1998). Scotland's Hidden History ISBN 0-7486-6067-4
  • Kenneth H. Jackson (1969). The Gododdin: The Oldest Scottish poem (Edinboarch: University Press)
  • Stuart Piggott (1982). Scotland Before History (Edinboarch: University Press) ISBN 0-85224-348-0
  • W.J. Watson (1926, 1986). The History of the Celtic Place-Names of Scotland: being the Rhind lectures on archaeology (expanded) delivered in 1916. (Edinboarch, Londen: W. Blackwood & Sons, 1926; Edinboarch: Birlinn, 1986, werprint). ISBN 1-874744-06-8

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Klaudius Ptolemaeus, "Geographia" (2e iuw)
  2. Watson, 1926
  3. Jackson, 1969
  4. Historia Britonum, april 4, 2009.
  5. Campbell, Edinburgh: A Cultural and Literary History, 5.
  6. Blackie, Geographical Etymology: A Dictionary of Place-names Giving Their Derivations, 68.
  7. Davies, Europe: A History, 87.
  8. Swanton, The Anglo-Saxon Chronicle, 126.
  9. Jordan-Bychkov, The European Cultural Area, 243.
  10. Coghill, Hamish Lost Edinburgh s.3.