Goedendag (wapen)

De goedendag wie in midsiuwsk stekwapen fan Flaamske oarsprong.

Oerbliuwsels fan goedendags yn it museum fan Kortrik

Foarm en gebrûk bewurkje seksje

De goedendag wie ienfâldich en goedkeap, mar effektyf wapen dat foaral yn de 13e en 14e iuw brûkt waard. It waard ferneamd yn de Goudenspoareslach (1302) lykas ek de pyk.

It wapen wie in dikke stôk fan sa’n oardel meter mei in diameter fan 10 cm, dy’t oan it útein grouwer útrûn en dêr in stielen punt hie. It wapen koe as slachwapen en as stekwapen tsjinje en wie stevich genôch om in harnaste ruter op te kearen. Yn de Goudenspoareslach waard in strider mei in goedendag neist ien mei in spear set. De spearfjochter besocht it hynder falle te litten en de man mei de goedendag stiek op de ruter yn (benammen yn de hals). Dy metoade foldie goed. Yn de 15e iuw wie it wapen âlderwetsk wurden en waard it net mear brûkt.

Namme bewurkje seksje

De Flamingen sels neamden it wapen in gepinde staf. De oantsjutin goedendag komt allinne yn Frânske ferslaggen út dy tiid foar, sa as yn La Branche des royaus lingnages fan Guillaume Guiart; "Godendac". De namme is faaks ôflaat fan it Keltyske "dag". Dagger is yn it Ingelsk: dolk. Goedendag soe sa 'goede dolk' betsjutte kinne.

 
Striders yn de Guldenspoarenslach. De manlju yn it midden drage in goedendag (ôfbyld fan de Kist fan Oxford)

De goedendag wurdt faak trochelkoar helle mei in oar, wapen fan it fuotfolk: de ghecante pede met scerpe nagelen of moarnsstjer. Dy striidkneppel bestie út in houten stâle mei in ferdikke útein, beslein mei izeren punten. Faak wurdt ek de striidfleil fout "goedendag" neamd.

Keppeling om utens bewurkje seksje