Goes- en hineftigen

De goes- en hineftigen (Latynske namme: Galloanserae) foarmje in boppeskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes) en de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae). Dit boppeskift wurdt foarme troch twa skiften, nammentlik de goeseftigen (Anseriformes), dêr't de û.m. de guozzen, swannen, einen ta hearre, en de hineftigen (Galliformes), mei as leden û.o. de pauwen, fazanten en hinnen. In mooglik trêde skift dat ta dizze selde groep heart, wurdt foarme troch de útstoarne Gastornithiformes.

goes- en hineftigen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen (Galloanserae)
Sibley, Ahlquist & Monroe, 1988

Untwikkeling bewurkje seksje

Hoewol't se net bot opinoar lykje, hat út anatomysk en molekulêr ûndersyk bliken dien dat de goeseftigen en de hineftigen genetysk en yn harren evolúsjonêre ûntjouwing tige nau oaninoar besibbe binne. Om it ienfâldich út te drukken: de ein en de hin hawwe ien mienskiplike foarâlder. De nijkakigen (Neognathae) spjalten har omtrint 90 miljoen jier lyn op yn 'e goes- en hineftigen en it sustertakson dêrfan, de nije fûgels (Neoaves), dêr't de measte oare libbene fûgelsoarten ta hearre. De opspjalting fan 'e goes- en hineftigen yn 'e beide skiften fan 'e goeseftigen en de hineftigen moat omtrint 85 miljoen jier lyn syn beslach krigen hawwe.

Boppeskiftopbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading op dizze side.