In grûndûker, ek sifon, grûnpomp of ûnderlieder is in dûker wêrtroch 't wetter fan de iene wetterrin (meastal) ûnder in oar wetter trochrint. It ûnderskied mei in akwadukt is dat beide wettergongen yn de grûn lizze. Yn Fryslân lizze grûndûkers yn de Tsjonger en Boppe Tsjonger ûnder de Opsterlânske Kompanjonsfeart tusken Easterwâlde en Makkingea.

In skets fan in ûnderlieder

Dit type dûkers wurdt bygelyks oanlein at in gebiet mei inselde peil trochsnien wurdt troch in wettergong mei in oar, ôfwikend peil.

Dizze konstruksjes wurde ek makke om it wetter fan de iene wetterrin yn it gebiet fêst te hâlden, bygelyks at it wetter fan in rivierke fan in bettere gearstalling hat as it water fan in kanaal.

Houten grûndûkers waarden al brûkt yn de 16e en 17e iuw. De konstruksje wurdt tsjintwurdich meastal fan beton makke. It kin gean oer in koonstruksje fan in meter yn trochsneed en in lingte fan fyftich meter. Fan de sydkant sjoen hat sa'n dûker in U-foarm. Sa'n konstruksje hat as neidiel dat der maklik in ferstopping komme kin at swierder materiaal dat mei it wetter meifierd wurdt op it leechste punt yn de dûker lizzen bliuwt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is foar it grutste part in oersetting fan de Hollânske Wikipedia hjir