Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan

De Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan (Ingelsk: Grand Traverse Band of Ottawa and Chippewa Indians of Michigan) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Michigan. Dizze stamme omfiemet leden fan twa etnyske groepen, de Ottawa en de Odjibwe (Ojibwe). De Grand Traverse Troep krige yn 1980 erkenning, en is fêstige oan 'e kust fan 'e Grand Traversebaai, yn it noardwesten fan Neder-Michigan. It haadkertier stiet yn it doarp Peshawbestown.

Grand Traverse Troep fan Ottawa
en Tsjippewa Yndianen fan Michigan
Ingelsk Grand Traverse Band of Ottawa
   and Chippewa Indians of Michigan
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
haadkertier Peshawbestown (Michigan)
etnisiteit Ottawa, Odjibwe
ledetal 3.985 (2015)
oprjochting 1934 (erkend 1980)
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Grand Traverse Yndianereservaat
lokaasje noardlik Neder-Michigan
oerflak 4,5 km²
ynwennertal 545 (2000)
offisjele webside
www.gtbindians.org
kaart
Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan (Michigan)
Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.

Skiednis bewurkje seksje

Histoarysk sjoen binne de leden fan 'e Grand Traverse Troep sawol yn genetysk as polityk opsjoch ôfstammelingen fan 'e Ottawa- en Odjibwe-troepen út it sintrale part fan Neder-Michigan, dy't yn 1836 it Ferdrach fan Washington, en yn 1855 it Ferdrach fan Detroit tekenen mei de Feriene Steaten. It oarspronklike wengebiet fan 'e Grand Traverse Troep sprate him foar 1836 út fan 'e Grand River yn it suden oant de rivier de Alpena yn it noarden, en fanôf de rivier de Chocolay rjocht nei it easten. Yn 1855 waard der foar harren in reservaat skepen yn it Grand Traverse-gebiet, mar dat waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw troch it Amerikaanske regear opheft.

Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje rjochten de Ottawa en Odjibwe fan Grand Traverse yn 1934 in moderne stamme-organisaasje op, wêrnei't se in oanfraach foar federale erkenning yntsjinnen. Dy waard lykwols ôfwiisd, en in nije oanfraach levere yn 1943 itselde resultaat op. Yn 1978 late Dodie Harris Chambers lykwols in nije kampanje foar erkenning, en yn 1980 waard dat doel nei mear as in fyftich jier krewearjen einlings en te'n lêsten berikt. De erkenning gie offisjeel yn op 27 maaie 1980, deselde deis dat ek it Grand Traverse Yndianereservaat stifte waard.

Mei't federaal reservaatlân net ûnder de steatswetjouwing fan Michigan falt, jildt yn it reservaat ek it steatsferbod op it organisearjen fan kânsspullen net. Om dêrfan te profitearjen hat de Grand Traverse Troep sûnt de iere tachtiger jierren op syn lân twa kasino's oanlein: it Leelanau Sands Casino yn Peshawbestown, en it Turtle Creek Casino and Hotel yn Williamsburg. Teffens hat men yn Acme it Grand Traverse Resort & Spa sette litten, dat in resort en kueroard is mei û.m. 600 hotelkeamers en in earsten golfbaan.

Demografy bewurkje seksje

De Grand Traverse Troep hie yn 2015 krapoan 4.000 leden, dy't hearre ta twa etnyske groepen, nammentlik de Ottawa en de Odjibwe (Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde. Beide folken sprekke nau besibbe Algonkwynske talen, en wiene foar de kolonisaasje fan harren wengebiet troch de blanken al lange tiid bûnsgenoaten. De ferdieling fan 'e leden yn aparte kategoryen 'Ottawa' en 'Odjibwe' is dreech, mei't der de lêste iuw oanhâldend yninoar omtroud is, en de measte leden dus sawol Ottawa- as Odjibwe-bloed hawwe. De oarspronklike ferhâlding tusken de etnyske groepen yn acht nommen, soe men sizze kinne dat de ferhâlding likernôch 65 om 35% is yn it foardiel fan 'e Ottawa.

 
It segel fan 'e Grand Traverse Troep.

Reservaat bewurkje seksje

De Grand Traverse Troep beskikt oer in eigen reservaat, it Grand Traverse Yndianereservaat. Dat leit yn it noardwesten fan Neder-Michigan, oan 'e kust fan Michiganmar en de Grand Traversebaai, en bestiet út it net oanienslutende eigentlike reservaat yn Leelanau County en ferskate perselen bûtenreservaatsk beheargebiet yn oangrinzgjende countys. Mei-inoar hat al it grûngebiet fan 'e stamme in oerflak fan 4,5 km². Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 bedroech de befolking fan it reservaat doe 545 minsken, mei dêrûnder 436 Yndianen. Dat betsjut dat 9,1% fan 'e leden fan 'e stamme yn it eigen reservaat wenje.

De stamme hat syn haadkertier yn Peshawbestown, yn Suttons Bay Township, op it grûngebiet fan it reservaat. It tsjinstgebiet fan 'e Grand Traverse Troep beslacht tsjintwurdich in gebiet fan seis countys: Antrim, Benzie, Charlevoix, Grand Traverse, Leelanau en Manistee County. Yn dy countys wennen yn 2015 1.610 leden fan 'e Grand Traverse Troep (ynkl. de ynwenners fan it reservaat). Dêrmei kaam it persintaazje leden dat yn of deunby it eigen reservaat wenne, út op 40,4%.

Bestjoer bewurkje seksje

It regear fan 'e Grand Traverse Troep bestiet út in stammepresidint en seis oare leden fan 'e bestjoersrie, dy't by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings keazen wurde troch de mearderjierrige leden fan 'e troep. De stammepresidint fan 2008 oant 2012 wie Derek Bailey; sûnt 2012 beklaait Alvin Pedwaydon dat amt. Hjoed oan 'e dei hat de stammerie sawol in bestjoersfunksje oangeande de stamme-organisaasje en it reservaat, as fiskale autoriteit. De stammerie beneamt ek eigen rjochters, dy't yn in tribaal gerjochtshôf strafsaken, private saken en famyljerjochtsaken behannelje.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.