Greve Dracula (yn it Ingelsk Count Dracula) is it titelpersonaazje fan 'e horrorroman Dracula, fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker, út 1897. Hy wurdt yn it boek foarsteld as in ealman út Transsylvaanje, dy't in machtich, kweadaardich en iuwenâld fampier is. Benammen troch de populariteit fan it grutte tal films dat op basis fan Stoker syn roman makke is, krige greve Dracula neitiid in wol suver legindaryske status. Hy kin beskôge wurde as de basis foar it moderne byld fan 'e fampier, mar yn it oarspronklike boek waard er ek beskreaun as in wearwolf. Yn Dracula wurdt fierders suggerearre dat greve Dracula eins de fyftjinde-iuwske foarst fan Walachije Vlad de Speetser is, en beskate aspekten fan it fiktive personaazje lykje troch Stoker yndie oan dy histoaryske persoan ûntliend te wêzen. It uterlik fan greve Dracula basearre de auteur fierhinne op dat fan 'e Ingelske akteur sir Henry Irving, mei wa't er beropsmjittich gearwurke hie.

greve Dracula
In artistike ympresje fan it personaazje greve Dracula
In artistike ympresje fan it personaazje greve Dracula
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) greve Orlok, Nosferatu
sekse manlik
soarte personaazje fampier, wearwolf
nasjonaliteit Roemeensk
Seeklersk
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
breiden fan Dracula,
Abraham van Helsing
attributen cape, deakiste
geastlike heit Bram Stoker
útjouwer Constable & Co.
ûntstean 1897

Namme bewurkje seksje

De namme Dracula is de Slavyske foarm fan it Roemeenske patronym Drăculea, dat droegen waard troch de neiteam fan Vlad II, dy't fan 1436 oant 1442 en jitris fan 1443 oant 1447 foarst fan Walachije wie. (Walachije is rûchwei it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje, mei Boekarest as sintrum.) Vlad II naam de bynamme Dracul oan nei't er yn 1431 opnommen wie yn 'e Oarder fan 'e Draak, in ridderoarder stifte troch Sigismund fan Lúksemboarch, de kening fan Hongarije, mei as doel om it kristendom te beskermjen en de opmars fan 'e (islamityske) Osmaanske Turken op 'e Balkan tsjin te kearen. Dracul is Roemeensk foar "de Draak" (fan drac, "draak" + -ul, "de"). It kin ek "de duvel" betsjutte, benammen yn it hjoeddeistige Roemeensk. Drăculea wie in namme dy't droegen waard troch Vlad III (better bekend as Vlad de Speetser), de soan fan Vlad Dracul, en it betsjut "soan fan Dracul" of "soan fan de draak".

 
Greve Dracula as wearwolf op 'e omslach fan 'e ferhalebondel Dracula's Guest and Other Weird Stories, út 1914.

Stokers Dracula bewurkje seksje

Yn Bram Stoker syn roman Dracula wurdt greve Dracula foarsteld as in iuwenâlde en tige machtige ûndeade fampier dy't tagelyk de krêft fan in wearwolf hat om himsels fan in minske yn in wolf (en wer werom) te feroarjen. Oars as de fampieren út 'e folkloare fan East-Jeropa, dy't foarsteld wurde as walchlike lyk-eftige figueren, is Dracula in oantreklik en garismatysk ealman mei in nostalgy foar it ferline doe't heldemoed en eare noch wat betsjutten. Hy bewennet in ferfallen kastiel by de Borgopas yn 'e Karpaten, yn it noardeasten fan 'e Roemeenske lânstreek Transsylvaanje, deunby de grinzen mei de Bûkovina en (de Roemeenske lânstreek) Moldaavje (net te betiizjen mei de it moderne lân Moldaavje, dat eastliker leit).

De etnyske eftergrûn fan greve Dracula is ûndúdlik. Yn Stoker syn roman hâldt er sels út dat er in lid is fan 'e Seeklers (Székely), in etnysk Hongaarske folksgroep yn Transsylvaanje dy't neffens harren eigen mûnlinge oerlevering ôfstamje soe fan 'e Hunnen. Sels seit Dracula dat er persoanlik ôfstammet fan Attila de Hun. Mei syn Roemeensktalige namme, en yn acht nommen dat Hongaren en Roemenen yn it echt histoaryske fijannen binne, liket dat dreech fol te hâlden. Boppedat seit greve Dracula yn haadstik 3, side 19 (oarspr. edysje) fan Stoker syn boek: "Wa wie it as it net ien fan myn eigen ras wie dy't as woiwode de Donau oerstiek en de Turk op syn eigen grûn fersloech? Dat wie pas in echte Dracula! En ûnk wie it dat syn eigen ûnweardige broer, nei't er fallen wie, syn folk oan 'e Turk ferkocht en de skande fan slavernij oer harren brocht!" Dy passaazje giet ûntsjinsislik oer Vlad de Speetser, in fyftjinde-iuwske foarst fan it Foarstedom Walachije. Fierderop yn it boek, yn haadstik 18, side 145, stelt Dracula syn aartsfijân, de fampierejager Abraham van Helsing, fêst: "Hy moat yndie dy woiwode Dracula west hawwe dy't syn reputaasje wûn [yn 'e striid] tsjin 'e Turk, oarekant de grutte rivier, fuort oan 'e grins fan Turkijelân." As Dracula yndie in ûndeade Vlad de Speetser wêze moat, dan is er sûnder mis in etnyske Roemeen en gjin Hongaar.

 
Max Schreck as greve Orlok (in om auteursrjochtlike redens fan namme feroare greve Dracula) yn 'e film Nosferatu (1922).

It libben fan greve Dracula foarôfgeande oan syn fampier-wurden, bliuwt fierders obskuer yn Stoker syn roman, mar wol wurdt fernijd: "hy wie by syn libben in geweldich man. Soldaat, steatsman en algemist. Dat lêste fertsjintwurdige de heechste ûntjouwing fan 'e wittenskiplike kennis yn syn tiid. Hy hie in machtich ferstân, in leardheid dy't syn wjergea net koe, en in hert dat fan gjin eangst of berou wist." Greve Dracula soe swarte magy studearre hawwe oan in akademy yn 'e bergen boppe de stêd Sibiu (foarhinne Hermannstadt). Hy late syn folk yn 'e oarloch tsjin 'e Osmaanske Turken. Nei syn dea waard er begroeven yn 'e kapel fan syn kastiel, mar hy kearde as fampier út 'e dea werom en fierde út it kastiel wei iuwenlang in wier skrikbewâld oer de omlizzende kriten, yn 'e mande mei de 'trije susters', in trio tsjeppe fampieressen (dat yn lettere wurken bekend komme soe te stean as de 'breiden fan Dracula', ek al bleau yn 'e oarspronklike roman de eigentlike relaasje tusken harren en de greve ûndúdlik). Behalven de susters hat greve Dracula ek gedoente mei in groep etnyske Slowaken en mei de Sigeuners fan Transsylvaanje, dy't him trou binne en as tsjinners en beskermers fungearje.

Yn 'e roman Dracula besiket de greve út Transsylvaanje (dat op dat stuit noch ta Eastenryk-Hongarije heart) nei Ingelân te emigrearjen. Hy hopet dêr nij bloed te finen en syn ûndeade flok te fersprieden, mar dat wurdt tsjinkeard troch in lyts groepke heldhaftige Ingelsen ûnder lieding fan 'e Nederlânske perfester Abraham van Helsing, dy't de striid mei him en syn trewanten oan geane. Yn 'e iere haadstikken fan Stoker syn boek nimt Dracula in masker fan hoflikheid oan, mar fierderop yn it boek ûntstekt er gauris yn razernij as syn plannen dwerseide wurde. Hoewol't er yn lettere wurken gauris foarsteld wurdt as ien dy't min Ingelsk sprekt of in swier aksint hat, spesifisearret de oarspronklike roman dat syn Ingelsk treflik is en allinnich de tonearring wat ôfwykt fan 'e noarm.

Wat it uterlik fan greve Dracula oanbelanget, jout Stoker gjin lyklûdich byld, al kin dat ek lizze oan it feit dat Dracula in briefroman is, wêryn't de lêzer de foarfallen belibbet troch in rige tsjûgeferslaggen fan oare personaazjes. Sa omskriuwt Jonathan Harker Dracula oan it begjin fan boek as in meagere, wreed útsjende en tige bleke âldman mei in lange wite snor, puntearen en skerpe tosken, mar geandewei it boek wurdt er as hieltyd jonger beskreaun. Yn haadstik 11 dichtet in dieretúnoppasser Dracula in kromme noas en in puntburdsje ta mei in grize streek deryn. Hy klaait him folslein yn it swart en hat hier op 'e hânpalmen (mooglik in ferwizing nei syn fermogens as wearwolf). As er lulk wurdt, brekt syn wiere, bisteftich aard troch de hoflike fasade fan 'e ealman hinne, en wurde syn blauwe eagen ynienen flamjend read fan kleur. Nei't Harker him mei in skeppe te liif giet, draacht Dracula de rest fan it boek in groede op 'e foarholle dêr't Harker him rekke hat.

 
Bela Lugosi as greve Dracula yn 'e film Dracula (1931).

Krêften en swakten bewurkje seksje

Krêften bewurkje seksje

Yn 'e roman fan Bram Stoker hat greve Dracula in soad ferskillende boppenatuerlike fermogens, dy't er bemachtige hawwe soe troch stúdzje fan swarte magy en syn omgong mei de duvel. Sa hat er boppeminsklike lichemskrêft (dy't neffens Van Helsing ekwifalint is oan dy fan wol tweintich 'gewoane' sterke manlju). Hy smyt gjin skaad en hat gjin refleksje yn spegels. Hy is fierhinne ymmún foar oanfallen mei konvinsjoneel wapenreau (in seeman stekt him yn 'e rêch mei in mês, mar it wapen giet troch syn lichem as is it lucht). Hy kin yn beskate mjitte de swiertekrêft negearje, sadat er fertikale oerflakken maklik beklimme kin. Ek hat er fermogens ta hypnoaze, telepaty en it opkringen fan yllúzjes, en kin er yn syn domein it waar manipulearje.

 
Christopher Lee as greve Dracula yn 'e film Dracula (1958).

"Binnen grinzen" (skriuwt Stoker) kin Dracula ek gebrûk meitsje fan teleportaasje. Fierders kin er bisten lykas rotten, ûlen, flearmûzen, motflinters, foksen en wolven syn wil oplizze, al is dat fermogen net absolút. Sels kin er de foarm oannimme fan in flearmûs, in wolf, in grutte hûn of fan mist of dize. Yn dy lêste foarm kin er troch de lytse gatsjes en naadsjes earne binnengean. As de moanne skynt, kin er as elemintêr stof op 'e moannestrielen reizgje.

As fampier is Dracula ûndea en ûnstjerlik, en moat er himsels fiede troch it bloed fan syn slachtoffers te drinken. Dêrfoar byt er harren yn 'e hals mei syn lange hoektosken en sûcht harren dan it bloed út it lichem. Troch dat te dwaan ferjonget Dracula himsels, en sûnder bloeddrinken kin er net oerlibje. Syn favorite slachtoffers binne tsjeppe jonge froulju. De slachtoffers dy't stjerre, wurde sels ek as fampieren wekker út 'e dea. As Dracula syn slachtoffers net daliks deadet, mar ynstee syn eigen bloed opfuorret, ûntstiet der in mystike bân tusken harren, dy't derfoar soarget dat Dracula syn slachtoffer en har om-en-by yn 'e rekken hâlde kin (mar dy't, sa't er yn it boek ta syn skea ûntdekt, ek tsjin him brûkt wurde kin). Van Helsing omskriuwt it oanmeitsjen fan sa'n mystike bân as "de bloeddoop fan in fampier". Dracula oefenet ek macht út oer lju dy't sljochtsinnich binne, nettsjinsteande it feit dat er dy nea biten hat.

Swakten bewurkje seksje

Hoewol't greve Dracula him wol by dei op 'en paad bejaan kin, is er dan folle minder machtich, en kin er bygelyks net fan foarm feroarje. Sinneljocht is net deadlik foar him, hoewol't it him slim yn syn fermogens beheint. Streamend wetter kin er net oerhinne gean, yn gjin inkele foarm. Dêrom kin er as flearmûs net oer in rivier fleane, en moat er yn 'e haven troch oaren fan en oan board droegen wurde. Hy kin in wente inkeld binnengean as er dêrta útnûge is, mar as er ienris sa'n útnûging krigen hat, kin er dêrnei gean en komme sa't er wol. Syn langst nei it drinken fan bloed is wat dat er net ûnderdrukke kin, en sadree't er bloed sjocht, rekket er alle selsbehearsking kwyt. Dingen dêr't er út noch yn net oer kin, binne knyflok en hillige symboalen (lykas krusifiksen, wijwetter en hostys).

 
Gary Oldman as greve Dracula yn 'e film Bram Stoker's Dracula (1992), ûnder rezjy fan Francis Ford Coppola.

In grutte swakte is fierders dat fampieren (ynkl. Dracula) oerdeis by rêst faak in 'deadssliep' sliepe, dy't harren ferlammet en dêr't se net út wekker wurde kinne ek al hawwe se de eagen wiid iepen. Om rêste te kinnen, moat Dracula trouwens yn 'e neite fan Transsylvaanske grûn wêze of yn syn deakiste yn Transsylvaanje lizze. As men in twiich fan in wylde roas boppe-op syn deakiste pleatst, kin er der net mear út. Om him te deadzjen, moat men him in houten staak troch it hert huffe en him de holle ôfslaan.

Lettere ûntwikkeling bewurkje seksje

Greve Dracula is ien fan 'e meast ferneamde personaazjes út 'e Westerske popkultuer. Hy is spile troch mear akteurs en yn mear fisuële adaptaasjes fan 'e roman fan Bram Stoker as lykfol hokker oar horrorpersonaazje. Anno 2019 bestiene der allinnich al 217 films dêr't greve Dracula in wichtige rol yn spile, wêrmei't er as fiktyf personaazje inkeld ûnderdie foar privee-detektive Sherlock Holmes (223 films). Krúsjaal foar hoe't it moderne publyk him sjocht, wiene de rollen fan Max Schreck yn Nosferatu (1922), Bela Lugosi yn Dracula (1931), Christopher Lee yn Dracula (1958) en Gary Oldman yn Bram Stoker's Dracula (1992). Guon oare akteurs dy't de rol spile hawwe, binne: Denholm Elliott, Rutger Hauer, Klaus Kinski, Leslie Nielsen, David Niven en Gerard Butler. It personaazje fan greve Dracula is sa djip trochkrongen yn 'e Westerske kultuer dat der yn it berneprogramma Sesame Street (yn it Nederlânsk Sesamstraat) in bernfreonlike ferzje fan him bestiet yn 'e foarm fan 'e Count von Count (Nederlânsk: Graaf Tel), dy't basearre is op 'e Draculafertolking fan Bela Lugosi út 1931.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.