Grietine Molenbuur

Grietine Molenbuur (Eastrum, 19 febrewaris 1949) is in Nederlânsk turnster, dûnseres, koreografe, oprjochtster en artistyk lieder fan Dûnsgroep Duende, de JDOF (Jeugd Dans Opleiding Fryslân) en de earste MBO-Dûns in Nederlân. Nei in karriêre yn it topturnjen en de moderne ritmyske gymnastyk, Nederlânsk kampioene 1970-1973, rjochtte se har op de moderne dûns. Fan 1980 oant 2014 wurke sy as dosinte dûns by it CIOS en by D'Drive fan it Friesland College.

Grietine Molenbuur kriget de oeuvrepriis 2006 fan it Lanlik Sintrum Amateurdûns

Yn 1996 waard de Fryske Anjer útrikt oan Dûnsgroep Duende en har artistyk liedster Molenbuur. Yn 2004 waard sy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau "foar har grutte betsjutting yn 'e Fryske dûnswrâld en dêrbûten". Yn 2006 ûntfong Molenbuur de oeuvrepriis fan het Lanlik Sintrum foar Amateurdûns: "Sy ynfestearret yn talintfolle dûnsers en hellet yn elkenien it bêste nei boppen. Troch ynventive lokaasjeprojekten makket sy de amateurdûns sichtber foar in breed publyk." Yn 2012 krige sy De Gratama útrikke, in kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân foar in persoan dy't him as har bûtengewoan fertsjinstlik makket op kulturiel maatskiplik mêd yn of foar Fryslân.

Yn 1994 makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer Duende danst op water en yn 2017 in 30 menuten duorjende dokumintêre oer de foarstelling Grenzeloos

Lokaasjeprojekten bewurkje seksje

  • Frieslands Boezem - Woudagemaal Teakesyl (1985)
  • Bal na - Lucent Dûnsteater De Haach (1991)
  • Kokobo Kokoto - rûnom yn Fryslân (1991)
  • Tussen blauw en grijs - Aegontún Ljouwert (1994)
  • Duende danst op water - Fryske - en Iselmarstêden (1995)
  • In Keatsdream - 100 jier KNKB Wommels (1997)
  • Iepening Simmer 2000 - Saailân Ljouwert (2000)
  • Ofslúting Simmer 2000 - FEC Ljouwert (2000)
  • Gebroken Wit y.g.m. Thom Stuart - pleats yn Wiuwens (2000)
  • Friesland Vaart - grêften Dokkum (2002)
  • Friesland Vaart - grêften Ljouwert (2005)
  • Hoepsa Fibele Krakeling - Eastrum (2006)
  • Sware Grond - It Bilt (2008)
  • Reis door de tijd - Grutte Tsjerke Ljouwert (2014)
  • De Dansavond - Harmonie Ljouwert (2015, reprise yn 2018), gearwurking mei Jeugdteaterskoalle Meeuw, en it Frysk Jeugd Orkest

Koreografyen bewurkje seksje

Identiteit (1981), China (1981), Nieuwsgierig (1981), Schaduw (1982), Leugens (1982), Doos van Pandora (1982), Tweezaam (1983), Facades (1983), Dieppe(1984), 3 Zusters (1984), Frogs of Galama (1984), Blues for Mamma (1984), Lamps (1984), Sanguine (1986), Walking and Falling (1986), Tonal (1986), Sân (1986), Duet voor 2 (1987), Schijn (1987), Staketsels (1988), Valiezenkoers (1988), Macoy (1991), Een ballonnetje oplaten (1992), Oerstaech (1993), Stof tot nadenken (1993), Eintritt Frei (1993), Tafelronde (1994), Bedtime stories (1994), Perpetual Motion (1994), Voorbijgangers(1995), Hotelkamer (1999), Liefde kent geen grenzen (1999), Lavanderas (1999), Pestkoppen (2001), La vie en Bas (2001), Janet (2001), Layenda (2003), Artic Funk (2003), Transparant (2004), Fall (2004), Asturias (2007), Kartoffelchen (2008), Feest (2008), Water naar de zee (2009), Nooit vergeten (2012), Fier Voute Frouwen (2014), Lifeline (2014), Opgesloten (2014), Augustus (2015), Whispering Wallpapers (2016), Rustende slaapwandelaarster (2016), Under the roof of blue Ionian weather (2016), Grenzeloos (2017), De Stormruiter (2018)

Strjitte-acts bewurkje seksje

  • Party-service ( 1990)
  • The announcer (1991)
  • 'n Moetje (1992)
  • Tegendraads op 'e Slachtedyk (2000)
  • Silhouetten op 'e Slachte (2004)
  • Augustus (2015)

Keppelings om utens bewurkje seksje