Grifformearde tsjerke (Appingedam)

De Grifformearde tsjerke fan Appingedam waard yn 1927 foar de grifformearde gemeente fan Appingedam boud yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân. De tsjerke is in ûntwerp fan de arsjiteket Egbert Reitsma (1892-1976). Sûnt de restauraasje yn 2013-2014 wurdt de tsjerke brûkt troch de grifformeard-frijmakke gemeente fan Appingedam, dy't sûnt de tsjerkefúzje is opgien yn 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken.

Grifformearde tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Appingedam
adres Dykstrjitte 73
koördinaten 53° 19' N 6° 51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ned. Griff. Tsjerken
Arsjitektuer
arsjitekt Egbert Reitsma
boujier 1927
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 509407
Webside
Side frijmakke gemeente
Kaart
Grifformearde tsjerke (Grinslân)
Grifformearde tsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De tsjerke ferfong in yn 1883 boude tsjerke fan de arsjitekt N. Doornbos. Dy tsjerke ferfong wer in provisoarysk gebou út 1868, dy't al nei fyftjin jier brekfallich woarn wie. De tsjerke fan Doornbos koe yn 1926 it tanimmende tal grifformearden net mear bergje. Reitsma krige de opdracht om op itselde plak in nije tsjerke te bouwen, dy't ein 1927 yn in boutiid fan tsien moannen foltôge waard. Fuort nei it begjin fan 'e nijbou moasten nochris 85 peallen tafoege wurde oan it fûnemint, om't de ûndergrûn minder fêst wie as oannommen.

Yn 'e plannen hie Reitsma al rekken holden mei in galerij, mar dy waard pas yn 1977 troch arsjitekt De Vries ynbrocht, doe't de tsjerke fergrutte wurde moast. Under ynfloed fan konstruktivistykse keunsters fan De Ploeg, lykas Wobbe Alkema en Jan van der Zee hie Reitsma sprekkende kleuren keazen foar ferskate abstrakte ûnderdielen fan it ynterieur, lykas it front fan de preekstoel. Letter waarden dy dekoraasjes efter betimmerings fuortwurke, mar by de restauraasje fan 'e tsjerke yn 'e jierren 2013-2014 binne se werom brocht.

De tsjerke is in erkend ryksmonumint omreden fan it sobere, mar ekspressive materjaalgebrûk, de opfallende lizzing, de estetyske kwaliteit en as foarbyld fan in tsjerke út dat tiidrek en it wurk fan Reitsma.[1]

Arsjitektuer bewurkje seksje

Reitsma's ûntwerp waard in sealtsjerke yn in oan 'e Amsterdamske Skoalle besibbe bousstyl. By de bou, dy't grutter waard as de foargonger, waarden de fûneminten fan 'e foargonger brûkt. Yn 'e nije tsjerke waard de eastlike sydgevel fan 'e âlde tsjerke yntegrearre. De tagong is oan 'e súdkant fan 'e tsjerke. Yn 'e gevel binne boppe de trije tagongen alve smelle ramen mei glês-yn-leadramen ynbrocht.

Oan 'e Sint-Annastrjitte hat de muorre fjouwer smelle glês-yn-leadramen tusken mitsele dekorative bannen, dy't eartiids oer de dakfoet trepfoarmich ôfsletten waarden. Al foar 1940 waard it diel boppe de dakfoet ferwidere, nei alle gedachten om it ûnderhâld infâldiger te meitsjen. Yn 'e noardlike gevel stekt yn it midden in geveldiel nei foarren, mei dêrboppe yn 'e midden fan it gebou in muorredaam, dy't boppe it dak fan 'e tsjerke úttuorket. Yn it dak binne lange stroken mei glês-yn-lead ferwurke.

Oargel bewurkje seksje

Ynearsten bleau de gemeente yn 'e nijbou it lytse 19e iuwske oargel brûken, dat Hendrik Jan van der Molen út Stienwyk yn 1899 boud hie. It hie twa manualen, tsien registers en in oanhongen pedaal. It waard yn 1927 troch de oargelbouwer Hendrik Vegter út Usquert opboud yn 'e nije tsjerke. Yn 1949 waard it oargel ferkocht oan in katolike tsjerke yn Nijmegen, om't it akûstysk net foldied yn it gruttere gebou.

It nije oargel waard troch de firma B. Pels & Zn. út Alkmaar boud. It is grutter en moderner en past better by de arsjitektuer fan Reitsma. It hat twa manualen, 23 registers en in frij pedaal. Yn 1968 waard it troch Verschueren út Heythuysen restaurearre, dy't wat feroarings yn de disposysje oanbrocht en it oargel mei in pear registers útwreide en dêrnjonken ek de elektryske traktuer fernijde. Yn 1977 waard it bakstiennen oargelbalkon fernijd. Yn de jierren 2014-2017 ûndergyng it ynstrumint in renovaasje, útfierd troch de firma Mense Ruiter út Zuidwolde/Ten Post.

Pastorij bewurkje seksje

De oangrinzgjende pastorije bleau by de nijbou fan 'e tsjerke fan 1927 beholden en wurdt sûnt ± 1960 as konsistoarje en tsjerklik buro brûkt. De pastorij hat neoklassisistyske skaaimerken en datearret fan 1879.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: