It Grinzersk (Grinslânsk: Stadjeders) is in Friso-Saksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn de stêd Grins. It is in foarm fan it Grinslânsk en wurdt ek sprutsen yn 'e doarpen Haren en Glimmen.

Yn it Grinzersk is minder werom te finen fan in Frysk substraat as by de dialekten út de Ommelannen, trochdat it fan âldshear in Saksysk-talige stêd wêst hat. Troch ymmigraasje út oare parten fan Nederlân, fral troch studinten, wurdt it Grinzersk op it stuit bedrige. Trochdat dy ymmigranten út oare parten fan Nederlân gjin Grinslânsk sprutsen, is it Nederlânsk de ienige wyse wêrop de Grinzers mei de minsken út de oare parten fan Nederlân kommuniseare kinne. Hjirtroch wurdt it Grinzersk hieltyd minder sprutsen.