De Grutte Griene is in skiereilân dat mei de Lytse Griene de skieding foarmet tusken yn de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen. It is allinnich oer it wetter te berikken. De Grutte Griene is in natuergebiet fan Steatsboskbehear. Der is in kuierrûte útsetten de wetterkant lâns. It middelste part fan de Grutte Griene is oerstreamingsgreide. Der komme in soad siggesoarten en djerreblommen foar.