Grutte Tsjerke (Breda)

De Grutte of Us-Leaffroutsjerke (Grote of Onze-Lieve-Vrouwekerk) is it wichtichste monumint fan de Noard-Brabânske stêd Breda. Dêrnjonken hat de tsjerke in nasjonale betsjutting troch de Prinsekapel, dy't in mausoleum is fan de foarfaars fan de keninklike famylje, it skaai fan Nassau-Dillenburg.

Grutte of Us-Leaffroutsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
plak Breda
adres Grote Markt
koördinaten 51° 35' N 4° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1410-1547
boustyl Brabânske gotyk
hichte 97 meter
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 10305
Webside
Side fan de Protestanske gemeente Breda
Kaart
Grutte Tsjerke (Breda-Sintrum)
Grutte Tsjerke

De tsjerke stiet yn it sintrum fan 'e stêd oan 'e Grutte Merk (Grote Markt) en waard yn 'e styl fan de Brabânske gotyk boud. Yn 'e rin fan 'e tiid is de tsjerke ferskate kearen restaurearre. De toer fan 'e tsjerke is mei 97 meter al om fierrens te sjen en op guon dagen te beklimmen. Sûnt 1637 is de tsjerke in protestanske tsjerke. Tsjintwurdich wurdt der noch tsienris yn 't jier troch de PKN-gemeente fan Breda in tsjinst holden. Ek wurde der regelmjittich doop- houliks en routsjinsten holden en betinkingen fierd. De tsjerke kin fergees besjoen wurde en wurdt hjoed-de-dei benammen brûkt foar konserten, sympoasia, kursussen, útstallings en eveneminten.

It gebou wurdt ta de moaiste tsjerken fan Nederlân rekkene. As foarbyld fan de Brabânske gotyk is de tsjerke yn Nederlân it meast geve en elegante tsjerkegebou. De tsjerke stiet yn 'e Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch út 1990.

Skiednis bewurkje seksje

 
Slútstien en beskildering ferwulft

Eardere tsjerken bewurkje seksje

Undersyk hat bliken dien dat op it hjoeddeiske plak al om 1100 hinne in houten, oan 'e hillige Jongfaam Marije wijd, tsjerkje stien hat. Dat tsjerkje stie tichteby it kastiel fan Breda, in oanwizing dat de hear fan Breda eigner wie. De tsjerke waard om likernôch 1116 ferfongen troch in tsjerke fan dowestien. Dowestien wie ôfkomstich út it Eifel-geberchte en de dowestien fan 'e earste stiennen tsjerke binne letter wer brûkt by de bou fan in nije stiennen tsjerke. Dy tsjerke wurdt foar it earst neamd yn in dokumint fan it Bredaaske begynhôf. Der is sels praat fan in kleaster, itjinge in oanwizing is foar de grutte fan it gebou. Yn 1303 joech de doedestiidske hear fan Breda, Raso II fan Gaveren, de tsjerke de status fan kapitteltsjerke.

De hjoeddeiske tsjerke bewurkje seksje

 
Tsjerke en toer foar de bliksemynslach fan 1694

Yn 1410 waard op it plak fan 'e foargonger útein set mei de bou fan 'e tsjintwurdige tsjerke. Earst waard it koer boud, ynearsten sûnder omgong. Dêrnei ûntstie it skip mei de sydskippen en it dwersskip. De bou fan dat diel wie yn 1468 foltôge. Nei't yn 1457 de âlde toer ynstoartte, waard fan 1468 oant 1509 de hjoeddeiske toer boud. De bou fan de sydkapellen fan it skip waard yn 1526 ôfsletten en de bou fan de Prinsekapel noardlik fan it koer fûn yn 1520-1525 plak. Lang om let waard tusken 1526 en 1536 ek wurke oan de omgong om it koer. De tsjerke wie yn 1547 foltôge.

Yn 1449, wylst de bou fan 'e tsjerke mei faasje útfierd waard, krige it saneamde "Sakramint fan Niervaert" in plak yn 'e tsjerke. It Sakramint fan Niervaert wie in hosty dat yn 'e grûn fûn waard by it turfstekken yn Niervaert (hjoeddedei Klundert). As de hosty oanrekke waard rûn der bloed út en tal fan pylgers kamen nei de tsjerke foar it wûnderdiedige sakramint.

 
Ynterieur mei it monumintale oargel

Yn 1566 fûn de byldestoarm yn 'e tsjerke plak en nei de reformaasje wiksele de tsjerke in pear kear fan eigner. De tsjerke waard yn 1637 definityf in protestanske tsjerke en yn 1648 waard ek it kapittel opheven. Troch in brân yn 1694 as gefolch fan bliksemynslach waard de oarspronklike bekroaning fan de toer ferneatige; de tsjintwurdige spits stamt fan 1702. Sûnt 1843 is de tsjerke ferskillende kearen restaurearre, de lêste grutte restauraasje datearret fan 1993-1998.

Prinsenkapel bewurkje seksje

 
Prealgrêf Engelbrecht II fan Nassau en it trijelûk fan Jan fan Scorel

Oan 'e noardlike kant fan it koer grinzget it mausoleum fan 'e foarfaars fan de Nederlânske keninklike famylje. Hjir stiet it prealgrêf fan Engelbrecht II fan Nassau. De bou fan 'e kapel wie tusken 1520 en 1525 yn opdracht fan greve Hendrik III fan Nassau-Breda. It wie ynearsten ornearre as famyljekapel, dêr't leden fan 'e famylje trouden en te rêste lein wurde koene. Santjin leden fan 'e famylje fûnen dêr harren lêste rêstplak en doe't steedhâlder Willem fan Oranje ferstoar, lei it yn 'e reden dat er dêr ek begroeven wurde soe, mar om't de stêd Breda noch jimmeroan troch de Spanjaarden beset holden waard, binne hy en syn regearend neiteam (útsein prins Willem III en de leden fan it regearende Fryske staach fan it Keninklik Hûs) byset yn 'e grêfkelder fan Oranje-Nassau yn de Nije Tsjerke (Nieuwe Kerk) yn Delft.

Opmerklik yn 'e kapel binne de fresko's oan it ferwulft, dy't yn 1533 troch de Italjaanske renêssânseskilder Tommaso Vincidor (1493–1536), in learling fan Rafael, taskreaun wurde.

It trijelûk "It finen fan it Wiere Krús" (De Vinding fan het Ware Kruis) út 1547 waard oarspronklik taskreaun oan Barend fan Orley út Brussel, mar wurdt tsjintwurdich beskôge as in wurk fan Jan fan Scorel.[1]

De kapel waard om de millenium-wikseling restaurearre. Alle fresko's binne doe folslein renovearre. Oerskilderingen dy't yn 'e rin fan 'e tiid oanbrocht wiene, waarden dêrby sekuer ferwidere. Mei de foltôging fan 'e restauraasje waard de kapel yn 2003 wer foar it publyk iepene.

Ynterieur bewurkje seksje

Ek al hat der yn de tsjerke in byldestoarm west wêrby in soad fernield waard, bleaune der in relatyf grut tal keunstwurken fan foar de reformaasje bewarre. Te neamen binne de goatyske en renêssânse grêfmonuminten út de 14e oant 16e iuw, lykas dy fan:

 
Grêfmonumint fan Engelbrecht I fan Nassau
  • Engelbrecht I fan Nassau
  • Dirk fan Assendelft
  • Frederik fan Renesse
  • Jan I fan Polanen
  • Jan II fan Polanen
  • it epitaaf fan Jan fan Dendermonde
  • it epitaaf fan Joris fan Froenhuijzen

It doopfont is fan giel koper en yn 1540 makke troch Joos de Backer út Antwerpen. Ek de koerbanken oerlibben de reformaasje en stamme fan 1440. Se binne fersierd mei misericordes. De preekstoel yn de tsjerke is 17e-iuwsk.

Under de muorrefresko's binne in 15e iuwske foarstelling fan de Ferkundiging yn 'e styl fan de Flaamske primitiven en in foarstelling fan de hillige Kristoffel it neamen wurdich.

Yn 'e Nievaartkapel wurdt de tsjerkeskat bewarre, dy't û.o. bestiet út it skilderij mei de skiednis fan it Sakramint fan Niervaert, âlde stedsgesichten en tsjerkesulver. Yn 'e Prinsenkapel is it trijelûk "De Fining fan it Wiere Krús" fan Jan fan Scorel te sjen.

Oargels bewurkje seksje

It oargel fan de Grutte Tsjerke heart ta de grutste piipoargels fan Nederlân en is it iennige meganyske oargel mei fjouwer manualen yn it suden fan it lân. Al fier foar de reformaasje hat der in oargel west, mar in soad is dêr net oer bekend. Oan it hjoeddeiske oargel ha in soad bekend oargelbouwers wurke.

It hjoeddeiske oargel is it risseltaat fan nijbou út 1969. Oargelfirma Flentrop makke by dy nijbou gebrûk fan ûnderdielen fan âldere oargels. It front waard mei útsûndering fan it rêchwurk folslein nei boud.

Nei de restauraasje fan de tsjerke joech Van den Heuvel Orgelbou út Doardt it ynstrumint in grutte ûnderhâldsbeurt. In jefte makke de tafoeging fan in klokkespul mooglik, dat fanôf it fjirde manuaal is te bespyljen. Bysûnder is de tafoeging fan in zimbelstern.

It ynstrumint hat no (2018) 53 sprekkende stimmen ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.[2]

Njonken it haadoargel hat de tsjerke sûnt 1975 ek in koeroargel, dat Johannes Stephanus Strümphler yn 1778 boude.

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Grote Kerk (Breda)