Grutte fibula fan Winaam

De Grutte Fibula fan Winaam is in fibula út de earste helte fan de 7e iuw. De fibula is fan goud makke en ynlein mei reade almandyn.

De fibula fan Winaam mei alle ûntbrekkende dielen dy't oant no ta weromfûn binne.

It earste diel fan de fibula of mantelspjelde waard yn 1953 yn in terp by Winaam fûn. Om 1990 hinne en yn 2009 binne oare dielen fan de fibula weromfûn. It sieraad wie fan immen mei in hege status en wurdt dêrom ek wol de keningsfibula fan Winaam neamd.

De fibula is ûnderdiel fan de kolleksje fan it Frysk Museum.

De fynst by Winaam bewurkje seksje

Yn 1953 waard yn de terp Tsjitsma by Winaam de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploech skansearre en wie dêrtroch net mear kompleet. Amateurarcheologen hawwe jierrenlang mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dielen.

By opgravings yn de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei gouden beklaaiïng, de knier en dielen fan de kopplaat weromfûn.

Yn augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula weromfûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat ûnderdiel wie fan de kopplaat. Troch dy fynst wie it mooglik en ûntsiferje de ôfbylding op de kopplaat.

Undersyk bewurkje seksje

Nei de lêste fynsten fan 2009 wie it sieraad foar in grut part folslein. Neffens saakkundigen wie de fibula yn de earste helte fan de 7e iuw fan in keninginne of in frou mei hege status. Troch dyselde fynst waard de ferskining fan Weda (Odin) op de kopplaat sichtber.[1][2]

Yn 2012 waard de fibula ûndersocht troch it 'Sintrum foar Undersyk en Restauraasje fan Frânske Musea' yn Parys. Utkomst fan it ûndersyk wie dat de fibula fersierd is mei sa'n 300 granaatstikjes. Ut analyse die bliken dat de reade granaatstiennen út Yndia komme.[3][4]

Fryske keningen bewurkje seksje

 
Keunstwurk op it fynplak.

By Winaam, op de terp Tsjitsma, inkelde kilometers noardeastlik fan Harns, waarden fan 1991 oant 1993 archeologyske opgravings dien troch de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Dat ûndersyk krige ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten dy't dêr dien waarden. De útkomsten fan it ûndersyk joegen ek oanleiding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.[5]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Literatuer
  • Arnold Carmiggelt, De 'Keningsterp' fan Winaam, (Abcoude-2000).
Referinsjes
  1. vindmagazine.nl oer de keningsfibula fan Winaam
  2. Ljouwerter Krante webside 17 desimber 2009: God Wodan op fibula Wijnaldum
  3. Omrop Fryslân webside 27 novimber 2012: Fibula hat stiennen út India
  4. Webside Frysk Museum 27 novimber 2012: fibula heeft rode granaten uit india
  5. Volkskrant webside fan 1 oktober 1996: Rol gebied als artistiek centrum aangetoond door vondst van matrijs voor sieraden Friesland was kerngebied in Friese Koninkrijk