Guillaume Dupuytren

Baron Guillaume Dupuytren (Pierre-Buffière, 5 oktober 1777 - Parys, 7 febrewaris 1835) wie in Frânsk anatoom en sjirurch. Hoewol't er in soad oansjen krige foar de behanneling fan Napoleon Bonaparte syn aambeien, waard er ferneamd fan syn beskriuwing fan de kontraktuer fan de binnenkant fan de hân, dy't nei him neamd is en dy't er yn 1831 foar it earst operearre, en yn 1834 yn The Lancet publisearre.

Guillaume Dupuytren
Dupuytrens grêf op Père Lachaise

Libben en wurk bewurkje seksje

Dupuytren waard berne yn Pierre-Buffière, in foarstêd fan Limoges. Hy wie in soan fan Jean-Baptiste Dupuytren (b. 1754), jurist by it Parlemint fan Bordeaux, en dy syn frou Marguerite Faure. Fan syn bruorren en susters binne Marie Dupuytren (1785-1861) en Émile Pierre Dupuytren (b. 1791) bekend. Syn pake wie de sjirurch François Dupuytren (b. 1725) en syn beppe Marie Martin de Laubépie.

Hy studearre medisinen yn Parys oan de doe krekt stifte École de Médecine en waard doe't er 18 jier wie ta prosektor (ûntleder by in anatomyske les) beneamd. Yn't earstoan wiene syn stúdzjes benammen op anatomyske patology rjochte. Yn 1803 waard er beneamd ta assistint-sjirurch yn it Hôtel-Dieu. Al yn 1812 waard er professor sjirurgy as opfolger fan Raphael Bienvenu Sabatier (1732-1811) en yn 1815 folge er Philippe-Jean Pelletan (1747-1829) op, beide ûnderstelde fijannen, dy't Dupuytren ûnmeilydsum mei yntriges bestried. Under syn bewâld waard it Hôtel-Dieu Hospitaal ien fan de meast prestisjeuze sikehuzen fan Europa.

Dupuytren wie befreone mei de kening Loadewyk XVIII fan Frankryk en dêrnei mei Karel X fan Frankryk , dy't him ta liifdokter beneamde. Yn 1825 waard er lid fan de Académie des sciences.

Yn 1834 liet Dupuytren in testamint opmeitsje. Hy skonk by syn ferstjerren 200.000 franken foar de oprjochting fan in nije learstoel foar patologyske anatomy en de bou fan in anatomysk museum (Musée Dupuytren yn Parys), dat er syn grutte samling anatomyske meunsters skonk.

Dupuytren stoar yn de âldens fan 51 jier oan longûntstekking as gefolch fan tuberkuloaze. Hy waard beïerdige op begraafplak Père Lachaise yn Parys.

Publikaasjes bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje