Guillaume Farel (Willem Farel; * 1489 yn Les Farelles by Gap yn it greefskip de Dauphiné; † 13 septimber 1565 yn Neuchatêl) wie in reformator yn Frankryk en yn it Frânsktalige diel fan Switserlân ek dûmny en meiwurker fan Jehannes Kalvyn.

Guillaume Farel

Libben en wurk bewurkje seksje

Farel wie de soan fan de pauslike notaris Antoine Farel en Anastasie d'Orcières. Syn heit hie foar him in militêre takomst yn it sin, mar dêr hied er sels gjin nocht oan en yn 1509 sette er útein mei in stúdzje frije keunsten oan de Sorbonne yn Parys. Syn professor, de humanist Jacques Levrèbre d’Étaples (Jacob Faber Stapulensis), hie in soad ynfloed op Farel. Nei alle gedachten yn 1519 begûn Farel him, krekt lykas ek syn foarbyld Jacques Lefèvre d’Étaples, te ferdjipjen yn it Evangeelje. Hy holp syn professor ek by it oersetten fan it Nije Testamint yn it Frânsk (La Sainte Bible en français (1523–1530)).

Moannenlang ferkundigen hja yn Parys sûnder grutte swierrichheden it Evangeelje, mar yn novimber 1519 moast Jacques Levrèbre d’Étaples de stêd ferlitte fanwegen it ferset tsjin syn lear. It nijs oer it dispút yn Leipzig tusken Maarten Luther en de roomske teoloog Jehannes Eck waard ek yn Parys bekend en de boppelaach dêr moast neat ha fan Luther's nije lear. Se lieten it wurk fan him yn april 1521 op de strjitten ferbaarne en sa gyng Farel yn dat jier nei Meaux, dêr't biskop Guillaume Briçonnet, in foarstanner fan in hoeden herfoarming, him berôp. Mar ek yn Meaux koe Farel net lang bliuwe en hy socht dêrnei syn heil yn Straasburch, Zürich, Bern en Basel.

 
Stânbyld fan Guillaume Farel foar de kollegiale tsjerke yn Neuchatêl

Farel ûnderskiede him yn 1524 tige goed by syn optreden yn it dispút fan Basel oer de ferskillen yn de lear fan de katolike en protestantske tsjerke. Dochs twongen syn tsjinstanners, dêr't ek Erasmus fan Rotterdam ûnder rekkene wurde koe, him werom te lûken. Farel kaam dêrnei de reformator Martin Bucer tsjin en preke dêrnei yn Metz en fierde de reformaasje yn Montbéliard (1525), Aigle (1526), Lausanne, Orbe, Grandson en Yverdon yn en de tarieding dêrfan yn Neuchatêl (1530) en omkriten.

Op 23 oktober 1530 fûn der nei in preek fan Farel in byldestoarm plak yn de katedraal fan Neuchatêl. Ek de preesters joegen harren mei it folk ôf om de katedraal te suverjen fan roomske saken. Om't grutte lagen fan de befolking it iens wie mei Farel slagge it de autoriteiten net om de byldestoarm del te bêdzjen. Ta oantinken dêrfan waard in messing-plakette makke.

Fanôf 1532 wie Farel aktyf yn Sjenêve. Yn jannewaris 1534 ferdigene Farel de grifformearde lear foar de ried sa suksesfol, dat de ried fan de stêd yn augustus 1535 de reformaasje oannaam. Fan grut belang foar de reformaasje fan Sjenêve wie dat Farel yn 1536 de trochreizgjende Kalvyn oertsjûgje koe om yn de stêd te bliuwen. Yn oktober 1536 naam er diel oan it dispút fan Lausanne, dêr't neitiid ek de reformaasje ynfierd waard.

Doe't yn 1538 de twa reformatoren fanwegen harren ûnbûgsemens net mear wolkom wienen yn Sjenêve, teach Farel nei Neuchatêl om dêr oant syn dea as dûmny te wurkjen. Farel stelde in helpprogram op foar de ferfolge protestanten yn Frankryk (1552), Locarno (1555) en for de Waldenzen yn Itaalje (1561). Troch de sindingsreizen yn Switzerlân, Dútslân en Frankryk rekke Farel tenein. Hy ferstoar yn 1565.

Wurk bewurkje seksje

De preken fan Farel wiene oriëntearre op Jezus Kristus, Syn ferlossende wurk en de frije genede fan God dy't troch it leauwen jûn waard. Lykas Huldrych Zwingli ferstie er it jûnsmiel as in symboalyske hanneling; hy leaude dat de bôle en wyn net mear as tekens wiene fan it fleis en it bloed fan Kristus. Dêrom naam er ek aktyf diel oan de Consensus Tigurinus fan 1549.

Farel skreau 15 geskriften yn it Frânsk. It binne geskriften dy't mear histoarysk dan teologysk fan belang wiene. De grutte krêft fan Farel lei foaral yn it fol fjoer sprutsen wurd, dat de harkers oertsjûgje koe, mar bytiden ek ta ferset útlokke.

  • Le Pater noster et le Credo en françoys
  • La maniere et fasson qu'on tient en baillant le sainct baptesme
  • Summaire et briefve declaration
  • Jesus sur tout et rien sur lui
  • Du Vray Usage de la Croix de Jesus-Christ

Houlik bewurkje seksje

Noch yn 1558 troude Farel yn de âldens fan 69 jier mei Marie Thorel, in 18-jierrige dochter fan in Frânske flechtling om it leauwen, itjinge net de goedkarring fan Jehannes Kalvyn koe drage.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Guillaume Farel