In guozzefear is in skriuwynstrumint makke fan de slachpinne fan in goes of in oare grutte fûgel. It brûken fan sok skriuwark komt út de midsiuwen. De komst fan de guozzefear, om it jier 700 hinne, ferkrong de bambû- en reidpinne dy’t oant dan gebrûklik wiene. De fear waard op de krekte wize bewurke en yn de inket doopt, sadat er folsûgde mei inket en der mei skreaun wurde koe. Troch de komst fan de metalen pinne is it brûken fan de guozzefear foar gewoan skriuwen út de tiid rekke, mar yn de kalligrafy wurdt de guozzefear noch altyd better achte as metalen pinnen.

Guozzefear

Foar de guozzefear waarden yn de maitiid de bûtenste fiif slachpinnen fan libbene fûgels nommen. Se hiene foarkar foar de fearren fan de lofterwjuk, om’t dy in bûging hawwe dy’t foar rjochtshandige skriuwers nei bûten, fan de skriuwer ôf, rjocht is. De meast gebrûklike pinnen wiene fan guozzefearren, mar bettere wiene fan swannefearren, dy’t troch krapte djoerder wiene. Foar it lûken fan tinne linen waarden pinnen fan krieëfearren brûkt en as twadde kar ek fearren fan ûlen, hauken en kalkoenen.

Foar’t men mei de fear skriuwe koe moast dy op de krekte wize bewurke wurde. De fear waard skean ôfsnien en se ferwideren it murch, wêrnei’t de fear hurde wurde moast. Dêrfoar waard de pinne salang yn wetter weakke oant er der glânzjend wyt útseach. Foar it eigentlike hurdzjen waard it ynweakke part yn in hâlder mei in hjit sân fan de goede temperatuer (170-180 °C) stutsen oant de punt trochskinend waard. It sân moast sa hjit wêze dat de pinne wol sûze, mar net barste. As lêste waard de boppeste hûdlaach fan de pinne skrabe, wêrnei’t de pinne snien wurde koe.

Foar kalligrafearjen mei guozze- of swannefear moat de brûkte inket net te tin wêze. De goede ‘tsjokte’ fan de inket foar dy pinnen hat sawat in konsistinsje fan (net kloppe slach-)reamme.

Sjoch ek bewurkje seksje