Guy Ropartz (folút: Joseph Guy Marie Ropartz; Guingamp, 15 juny 1864Lanloup, 22 novimber 1955) wie in Frânsk komponist, dirigint, muzikant en dichter fan etnysk Bretonsk komôf. Syn komposysjes omfiemen fiif symfonyen, trije fioelsonates, twa sellosonates, seis snaarkwartetten, in pianotrio, in snaartrio, trije balletten, in stikmannich koraalwurken en in ferskaat oan oare muzykstikken. Yn syn wurk liet Ropartz him hast altyd ynspirearje troch en ferwiisde er gauris nei syn Bretonske erfskip.

Guy Ropartz
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Guy Marie Ropartz
nasjonaliteit Frânsk
berne 15 juny 1864
berteplak Guingamp (Bretanje)
stoarn 22 novimber 1955
stjerplak Lanloup (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
berop/amt komponist
jierren aktyf 18861953
offisjele webside
www.guyropartz.chez-alice.fr

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Ropartz waard yn 1864 berne yn Guingamp, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord, yn Bretanje. Hy folge syn muzikale oplieding yn 't earstoan yn Rennes, mar ferfolge dy fan 1885 ôf oan it Konservatoarium fan Parys yn Parys. Dêr studearre er ûnder Théodore Dubois en dêrnei ûnder Jules Massenet, en rekke er goed befreone mei de jonge Georges Enesco. Letter learde er foar oargelist ûnder César Franck.

Karriêre bewurkje seksje

Fan 1894 oant 1919 stie Ropartz oan it haad fan it Konservatoarium fan Nancy yn Nancy, dat doedestiden in depindâns wie fan it Konservatoarium fan Parys. Dêr stifte er opliedings yn 'e altfioel (1894), de trompet (1895), de harpe en it oargel (1897) en de tromboane (1900). Hy sette ek útein mei in jierliks weromkearend seizoen fan symfonykonserten mei it troch him stifte orkest fan it konservatoarium, dêr't letter it Orchestre Symphonique et Lyrique de Nancy út fuortkomme soe.

Ropartz wurdt sterk assosjearre mei de weroplibbing fan 'e Bretonske kultuer út dy tiid, mei't er de teksten fan Bretonske skriuwers lykas Anatole Le Braz en Charles Le Goffic op muzyk sette. Hy stipe de striid foar selsbestjoer foar Bretanje, en joech him yn 1898 by de Bretonske Regionalistyske Uny (URB). Hy wie ek earefoarsitter fan 'e Bretonske Feriening fan Komponisten (ACB), dy't yn 1912 oprjochte waard.

Oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch kaam komponist Albéric Magnard, in freon fan Ropartz, om doe't er syn hûs ferdigene tsjin 'e binnenfallende Dútske troepen. De wente waard neitiid troch de Dútsers yn ljochte lôge set en baarnde oan 'e grûn ta ôf. Dêrby giene ferskate noch net publisearre manuskripten Magnard ferlern. Ropartz rekonstruëarre neitiid út syn ûnthâld wei ien fan 'e weirekke wurken, Magnard syn opera Guercœur.

Nei ôfrin fan 'e oarloch wie Ropartz fan 1919 oant 1929 direkteur fan it Konservatoarium fan Straatsburch yn Straatsburch, dat er ferhuze nei it it gebou fan it eardere parlemint fan Elzas-Loataringen. Yn dyselde tiid wied er ek dirigint fan it Filharmoanysk Orkest fan Straatsburch. Yn dy hoedanichheid oefene er gâns ynfloed út op 'e foarming fan jonge muzikanten lykas Charles Munch. Ropartz wie ek behelle, as sjuerylid, yn 'e takenning fan 'e Prix Blumenthal, in stúdzjebeurs dy't fan 1919 oant 1954 takend waard oan gâns ûnthjittende Frânske keunstskilders, byldhouwers, graveurs, skriuwers en muzikanten.

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

Yn 1929 gie Ropartz mei pinsjoen, wêrnei't er him weromloek yn syn lânhûs yn it Bretonske Lanloup. Yn 1949 waard er keazen as lid fan 'e Académie des Beaux-Arts ("Akademy fan 'e Skiene Keunsten"), dêr't er Georges Hüe opfolge. Ropartz gie troch mei it komponearjen fan muzykstikken oant er yn 1953 syn gesichtsfermogen alhiel ferlear en blyn rekke. Hy kaam twa jier letter, yn 1955, te Lanloup te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 91 jier.

Muzikale komposysjes bewurkje seksje

Orkestrale muzyk bewurkje seksje

  • symfonyen
    • 1894–1895 – Symfony Nû. 1 Sur un choral Breton
    • 1900 – Symfony Nû. 2 yn F lyts
    • 1905–1906 – Symfony Nû. 3 yn E grut foar orkest, koar en soloisten
    • 1910 – Symfony Nû. 4 yn C grut
    • 1945 – Symfony Nû. 5 yn G grut
  • 1887 – La Cloche des morts
  • 1887 – Lamento foar hobo en orkest
  • 1888 – Les Landes
  • 1888 – Marche de fête
  • 1889 – Cinq pièces brèves
  • 1889 – Carnaval
  • 1893 – Dimanche breton
  • 1897 – Fantaisie en ré majeur
  • 1912 – À Marie endormie
  • 1912 – La Chasse du prince Arthur
  • 1913 – Sons de cloches
  • 1913 – Soir sur les chaumes
  • 1928 – Rapsodie foar sello en orkest
  • 1932 – Sérénade champêtre
  • 1939 – Bourrées bourbonnaises
  • 1943 – Petite symphonie en mi bémol majeur
  • 1950 – Pastorales

Balletten bewurkje seksje

  • 1887 – Fethlene
  • 1893 – Pêcheur d'Islande
  • 1912 – Le Pays

Keamermuzyk bewurkje seksje

Koraalmuzyk bewurkje seksje

  • 1886 – Kyrie solennel foar 4 solisten, koar en oargel
  • 1889 – Offertoire pascal foar oargel
  • 1897 – Psaume 136: "Super flumina Babylonis" foar koar en orkest
  • 1900 – Cinq Motets foar 4 mongene stimmen à cappella
  • 1921 – Messe brève en l'honneur de Sainte Anne foar trije lykstimmige stimmen en oargel
  • 1923 – Messe en l'honneur de Sainte Odile foar mingd koar en oargel
  • 1926 – Messe "Te Deum laudamus" foar 3 mongene stimmen en oargel
  • 1938 – Requiem foar solisten, koar en oargel
  • 1941 – Salve Regina foar mingd koar en oargel
  • 1942 – Psaume 129: "De profundis" foar solisten, koar en oargel

Fokale muzyk bewurkje seksje

Foar stim en orkest bewurkje seksje

  • 1??? – Trois Prières
  • 1??? – La Fleur d'or
  • 1??? – Sous bois

Foar stim en piano bewurkje seksje

  • 1894 – Berceuse
  • 1899 – 4 Poèmes de l'intermezzo
  • 1902 – Veilles de départ
  • 1914 – Odelettes
  • 1927 – Les Heures propices
  • 19?? – La Mer
  • 19?? – Amour d'hiver
  • 19?? – Lied
  • 19?? – Le Petit enfant
  • 19?? – Sous bois
  • 19?? – Rondel pour Jeanne
  • 19?? – Rondel de miséricorde
  • 19?? – Rondeau pour un délaissé de s'amye

Foar koar bewurkje seksje

  • 1905 – Le Miracle de Saint Nicolas
  • 1911 – Dimanche
  • 1926 – Nocturne
  • 1927 – Les Vêpres sonnent
  • 19?? – Kyrie
  • 19?? – Les Fileuses de Bretagne foar frouljuskoar

Pianomuzyk bewurkje seksje

  • 1904 – Ouverture, variations et final
  • 1904 – Choral varié
  • 1911 – Nocturne No. 1
  • 1913 – Dans l'ombre de la montagne
  • 1916 – Nocturne No. 2
  • 1916 – Nocturne No. 3
  • 1916 – Scherzo
  • 1917 – Musiques au jardin
  • 1918 – Croquis d'été
  • 1929 – Croquis d'automne
  • 1929 – Jeunes filles
  • 1936 – À la mémoire de Paul Dukas

Oargelmuzyk bewurkje seksje

  • 1894 – Trois Pièces: Sur un thème Breton, Intermède, Fugue en mi mineur
  • 1896 – Vêpres du commun des saints
  • 1896–1901 – 6 Pièces pour grand orgue: Prélude funèbre, Prière, Sortie, Thème varié, Prière pour les trépasses, Fantasie
  • 1917 – Introduction et allegro moderato
  • 1919 – Rapsodie sur deux Noëls populaires
  • 1919 – Trois Méditations
  • 1919 – Au pied de l'autel

Literêre publikaasjes bewurkje seksje

  • 1888 – Adagiettos (dichtbondel)
  • 1889 – Modes mineurs (dichtbondel)
  • 1892 – Les Muances (dichtbondel)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.