Gwyn ap Nudd (Welsk foar Wite Soan fan Nudd, útspr.: [ɡwɨn ap nɨːð], likernôch "gwin ap neaz"), soms op argayske wize stavere as Gwynn ap Nudd, is in personaazje út 'e Welske mytology en de folkloare fan Wales. Hy wurdt omskreaun as in elf en in grut kriger mei "in swartmakke antlit". Yn 'e Welske literatuer út 'e Midsiuwen is er nau ferbûn mei Annwn, de Welske foarm fan 'e Keltyske Oare Wrâld. Gwyn ap Nudd wurdt beskôge as de kening fan Annwn, in funksje dy't earder troch Arawn, de Welske god fan 'e dea, ferfolle waard. Ek is Gwyn de kening fan 'e tylwyth teg, de Welske elven, en hâldt men him yn Wales fan âlds foar de oanfierder fan 'e Wylde Jacht.

Gwyn ap Nudd
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Gwynn ap Nudd
sekse manlik
soarte personaazje elf
nasjonaliteit Welsk
berop/amt kening fan Annwn
kening fan 'e tylwyth teg
lieder fan 'e Wylde Jacht
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Arawn

Etymology bewurkje seksje

Gwyn ap Nudd is Welsk foar "Gwyn, soan fan Nudd". Gwyn betsjut yn it Welsk safolle as "blûnhierrich", "ljocht" of "wyt", en hat as bytbetsjutting "suver" en "hillich", benammen yn it Aldwelsk en Midwelsk. De froulike foarm fan Gwyn is Gwen, dat de woartel is fan Gwenhwyfar, de oarspronklike foarm fan Guinevere út 'e Arthurleginden en ek fan 'e moderne Ingelske famkesnamme Jennifer. Gwyn giet werom op deselde taalkundige woartel as it Ierske Fionn. Sadwaande bestiet der, alteast etymologysk, in bân tusken Gwyn ap Nudd en de Ierske held Fionn mac Cumhail, waans oerpake oan memmekant Nuada wie. De foarnamme fan 'e heit fan Gwyn, Nudd, liket krekt as Nuada fuort te kommen út 'e namme fan 'e Brytoanyske godheid Nodens. De Brytoanyske foarm fan 'Gwyn' soe neffens saakkundigen *Windos west hawwe.

Famyljerelaasjes bewurkje seksje

De heit fan Gwyn, Nudd, wie nei alle gedachten deselde dy't op oare plakken Lludd neamd wurdt, te witten: Lludd Llaw Eraint. Dat soe betsjutte dat Gwyn de pakesizzer is fan Beli Mawr en de omkesizzer fan Arianrhod, Llefelys, Penarddun, Afallach, Gofannon, Nynniaw, Peibaw en Caswallawn. Op basis fan harren dielde patronym 'ap Nudd' soene syn bruorren wêze: Edern ap Nudd, in kriger dy't in rol spilet yn ferskate Arthurleginden, en Owain ap Nudd, dy't yn it foarbygean neamd wurdt yn it epos Geraint en Enid. Yn it gedicht Culhwch en Olwen is Gwyn ap Nudd fierders de frijer fan Creiddylad, de dochter fan Lludd, dy't sadwaande hiel mooglik syn eigen suster is, al waard dy konneksje net lein troch de Midsiuwske skriuwer(s) fan Culhwch en Olwen.

Leginden oer Gwyn ap Nudd bewurkje seksje

De ûntfiering fan Creiddylad bewurkje seksje

Gwyn ap Nudd spilet in promininte rol yn 'e iere Arthurleginde Culhwch en Olwen, wêryn't er de faam Creiddylad stelt fan har ferloofde Gwythyr ap Greidawl. Om wraak te sykjen foar dy fernedering bringt Gwythyr in leger tsjin Gwyn op 'e foet, wat liedt ta in fûleindich útfochten fjildslach tusken harren beiden en harren oanhingers. Gwyn komt as winner út 'e striid en nimt in stikmannich fijannige eallju kriichsfinzen, ûnder wa Nwython en dy syn soan Cyledr Wyllt. Letter fermoardet Gwyn Nwython en twingt er Cyledr om syn heite hert op te iten. As Cyledr dêrtroch gek wurdt, kriget er de bynamme Wyllt, "De Sljochtsinnige".

Nei tuskenkomst fan kening Arthur ûnthjitte Gwyn en Gwythyr dat se tenei om Creiddylad fjochtsje sille op eltse earste maaie oant it Lêste Oardiel. Mei't yn Culhwch en Olwen ek sein wurdt dat Gwyn ap Nudd troch God oan it haad fan 'e demoanen steld is om foar te kommen dat dy mei harren gaos de wrâld ferneatigje soene, wurdt de striid tusken him en Gwythyr wol sjoen as de wrakseling tusken simmer (Gwythyr) en winter (Gwyn).

Yn 'e entoeraazje fan Arthur bewurkje seksje

Ek wurdt yn Culhwch en Olwen ferteld hoe't Culhwch ap Cilydd, om Olwen har hân te winnen, in stikmannich ûnmooglik lykjende taken folbringe moat foar Olwen har heit, de reus Ysbaddaden. Ien fan dy taken is it weinimmen fan 'e kaam en skjirre fan 'e kop fan 'e ferskuorrende everbear Twrch Trwyth. Om't inkeld Gwyn ap Nudd de everbear oerkin, wurdt dyselde fersocht om him by de entoeraazje fan kening Arthur en syn ridders fan 'e Rûne Tafel (ûnder wa Culhwch) te jaan. By de jacht op Twrch Trwyth beriidt Gwyn Du y Moroedd, it iennichste hynder dat him drage kin. Letter set Arthur yn it selskip fan sawol Gwyn as Gwythyr ôf om it bloed fan Orddu op te heljen, de hekse fan 'e heechlannen fan 'e hel.

 
De heuvel Glastonbury Tor, yn Ingelân, in plak dêr't Gwyn ap Nudd nau mei ferbûn is.

As begelieder fan 'e sielen bewurkje seksje

Gwyn ap Nudd spilet ek in wichtige rol yn it Midsiuwske gedicht De Dialooch fan Gwyn ap Nudd en Gwyddno Garanhir, dat ûnderdiel útmakket fan it Swarte Boek fan Carmarthen. Dêryn wurdt ferteld hoe't Gwyn, dy't weromkomt fan it slachfjild, Gwyddno Garanhir, de kening fan Cantre'r Gwaelod, tsjinkomt en him syn beskerming oanbiedt. Wylst se trochreizgje, beprate se Gwyn syn ûnderfinings op it slachfjild en syn rol as begelieder fan 'e sielen fan sneuvele krigers nei it hjirneimels, lykas dy fan Bran de Sillige, Gwendoleu ap Ceidaw en Llacheu ap Arthur. Yn it gedicht wurdt Gwyn omskreaun as "de hope fan legers" en "de held fan kriichsmachten".

Gwyn syn rol as begelieder fan 'e sielen fan 'e ferstoarnen komt yn lettere boarnen ek nei foarren út syn liederskip fan 'e Wylde Jacht yn 'e Welske folkloare. Deselde rol wurdt yn 'e folkloare fan oare lannen útoefene troch û.o. Herne de Jager of de Germaanske god Weda. Yn syn hoedanichheid as lieder fan 'e Wylde Jacht soe Gwyn in ridel boppenatuerlike jachthûnen oanfiere dy't bekendsteane as de Cŵn Annwn, om 'e sielen fan 'e minsken te rispjen dy't ûnferstannigernôch binne om nachts op 'en paad te wêzen en ûngelokkigernôch om 'e Wylde Jacht tsjin te kommen. Yn 'e Welske folkloare wie it hearren fan it byljen fan 'e Cŵn Annwn yn 'e fierte in foartsjirmerij fan in stjergefal yn 'e famylje. Neffens it Swarte Boek fan Carmarthen is Gwyn syn bêste jachthûn in bist dat Dormarch hjit.

Lettere tradysjes bewurkje seksje

Meitiid belune de rol dy't Gwyn ap Nudd yn 'e folkloare fan Wales spile fan in wêzen dat hast in god belykje koe, oant in elf. Likegoed hold er in foaroansteande posysje, no as de kening fan 'e Welske elven, de tylwyth teg. Yn it kristlike hilligelibben Buchedd Collen ("It Libben fan Sint Collen"), wurdt er foarsteld as in folle ienfâldiger en minder machtich wêzen, dat yn 'e mande mei syn hiele entoeraazje troch de hillige Collen mei it snjitten fan wijwetter fan 'e heuvel Glastonbury Tor yn Ingelân ferdreaun wurde kin. Neffens de Speculum Christiani, in fjirtjinde-iuwsk kristlik manuskript dat útfart tsjin wiersizzerij, soene Welske wiersizzers de namme fan Gwyn ap Nudd oanroppe foar't se in wâld yn giene, troch te sizzen: "Oan 'e kening der geasten en syn keninginne: Gwyn ap Nudd, jo dy't dêrjinsen yn it wâld binne, om 'e leafde fan jo oarehelte, stean ús ta en kom jo wente binnen."

De ynfloedrike fjirtjinde-iuwske bard Dafydd ap Gwilym ferwiisde yn ferskaten fan syn teksten nei Gwyn ap Nudd, wat suggerearret dat it in personaazje wie dêr't hiele Wales doedestiden bekend mei wie. Yn Y Dylluan beskriuwt er de ûle dy't yn 'e titel neamd wurdt, as "fûgel fan Gwyn ap Nudd", nei't men oannimme mei om't it in nachtdier is. Yn Y Niwl neamt er Gwyn "de trickster fan 'e minskheid mei syn dûnkere antlit" en Gwyn syn talaith ("famylje" of "stamme", yn dit gefal wierskynlik de tylwyth teg) as talaith y gwynt, "it folk fan 'e wyn." Gwyn wurdt fannijs neamd yn Y Pwyll Mawn. Dêryn docht Dafydd ap Gwilym in ûngelokkich autobiografysk ynsidint út 'e doeken, wêrby't er mei hynder en al suver ferdronk yn in mar. Hy neamt dat wetter yn syn ferhaal "de fiskpoel fan Gwyn ap Nudd" en "it paleis fan 'e elven en harren neiteam."

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.