Hôftennis is in âldere ferzje fan it tennis. Om't it ferskil mei dat nijere "fjildtennis" aan te jaan wurdt ek wol fan "real tennis", wier tennis, sprutsen.

Hôftennis wurdt spile op in ommuorre hôf, faak in hal. It is in asymmetriske slachsport, om 1500 hinne ûntstean út it Jeu de Paume mei dat de keatswanten troch rackets ferfongen waarden. Dit keatssport-komôf blykt der ûnder oaren út dat it spul keatsen hat. It punt is net ferlern at de bal de twadde kear de grûn rekket, mar earst at de tsjinstanner nei it wikseljen de bal fierder krije kin.

It spyljen tusken de muorren hat der net allinne ta laat dat de bal net út is as dy in muorre rekket, mar ek ta in pear bysûndere plakken dêr't, at se rekke wurde, daalks it punt mei wûn wurde kin.

It spul wie benammen yn de 17e iuw populêr yn Ingelân en Frankryk. Fan Ingelân út is it ek yn Amearika en Austraalje telâne kaam. Yn Frankryk wie it spul sa populêr dat it dêr de namme fan it âldere spul hâlden hat, en hieltiid noch "Jeu de Paume" neamd wurdt.

Sjoch ek bewurkje seksje